Yn Hurdegaryp wie in hekke dy't samar fansels altyd iepen gong.
nl.verhalenbank.36205
As bern bitsjoend wienen hienen se krânsen yn 'e kessens, dy't opbrând wurde moesten.
nl.verhalenbank.36190
Docht men in ûneven tal roggekerlen ûnder 'e drompel, dan kriget men gjin lêst fan de tsjoenster.
nl.verhalenbank.25110
In tsjoenster kin har yn in swarte kat foroarje.
nl.verhalenbank.21218
Tsjoensters kinne troch 't kaeisgat hinne komme.
Dêrom hienen in protte minsken yn 'e Harkema oan 'e binnenkant in lipke foar 't kaeisgat. Dan koenen se der net troch.
nl.verhalenbank.21546
Hjir skeanoer wenne myn broer Jehannnes. As dy sneins nei tsjerke west hie en hy kom werom, dan wienen altyd de kij los op 'e stâl. En sa wie 't ek mei de keallen bûtendoar, dy sieten net mear oan 't tou.
Earst gong it der soms bot oan wei, dan wie 't ien en al leven op stâl. 't Gebeurde ek faek dat de bargen út it hok wei wienen. Dan fleagen dy bargen as...
nl.verhalenbank.24373
Us pake kom op in joun bûten. Doe seach er hwat lizzen. 't Wie tsjuster. Us pake skopte der nei, mar hy skopte mis. Hy skopte al wer ris, mar wer mis. De oare deis lei dêr in tsjerne. Dy wie fallen. 't Wie yn Boelensloane oan 'e Fjouwer Roeden.
nl.verhalenbank.36182
Sy ha Wyts-muoi al ris yn 'e Houtigehage sweven sjoen op in biezemstâlle. Dêr fleach se mei oer de wyk.
nl.verhalenbank.24442
In nachtmerje is net altyd in frommeske. Ik en myn broer Ielke wienen yn Dútslân oan 't wurk. Der wie yn datselde hûs, dêr't wy yn 'e kost wienen, nòch in kostgonger. Dat wie neffens myn broer in nachtmerje. Ik en Ielke slepten byelkoar yn 't selde bêd.
As wy in skoftsje lein hienen, sei Ielke: "Dy forrekte keardel!"
"Hwat nou, jonge?" sei 'k.
"Ik kin...
nl.verhalenbank.24458
Op 'e Feansterheide wenne âlde Rikele Myt. Dat wie in tsjoenster. Dêr doarst net ien lâns to kommen.
't Wie in sutrich âld minske, dy't fearren yn 'e kessens tsjoende.
Se dienen duveldrek ûnder 'e drompels om har, en net ien dy't hwat fan har oannimme doarst.
As men duveldrek yn 'e bûse hie, soe der noait in lulke houn op jin ta komme.
nl.verhalenbank.36202
De minsken wienen froeger bang foar in pod. Hwant dat wie in tsjoenster, mienden se. Dy koe har yn in pod foroarje.
nl.verhalenbank.21553
Dy't hwat fan in tsjoenster krijt, mat it net opite, hwant it foroaret yn in pod.
nl.verhalenbank.25510
Tsjoensters makken krânsen yn 'e kessens. Deselden dy't dêr mei de holle op leinen, woarden siik.
nl.verhalenbank.36209
Ik ha wolris sizzen heard dat der minsken binne, dy't har yn in houn foroarje kinne.
nl.verhalenbank.25270
Wol men gjin lêst fan in nachtmerje ha, dan mat men de klompen ûnrjocht foar 't bêd sette.
nl.verhalenbank.24386
Guon ha in toverboek. Alde Ritske Aeltsje hie ek ien, seinen se. Dy koe tsjoene. As se oan 'e iene kant fan 'e wyk stie to praten, wie se in sekonde letter oan 'e oare kant, sûnder dat der in brêge wie.
Gjerte Iebel koe ek tsjoene.
nl.verhalenbank.21891
De minsken hienen hjir meastal duveldrek ûnder 'e drompel. Dat wie fanwege de tsjoenderij, dan koe de tsjoenster der net oerkomme.
Se hongen ek wol flearloaten foar de drompels.
nl.verhalenbank.21897
Ik hie in muoike, dat wie Jehannes Wyts. It wie in âld tsjoenster. Sy wenne op 'e Houtigehage.
Ik hie in dochterke, dat wie ús Iebel, dy gong sneins nei de sondagsskoalle en dan joech Wytsmuoi har wol us in muntsje.
Op in kear doe stjûrde myn wiif Iebel nei Japik Bron om petroalje. 't Wie al op 'e joun. Doe kom ús Iebel alhiel fan 'e wize thús. Alde...
nl.verhalenbank.24441
Jierren lyn hat hjir achter ús in húske stien, dêr wenne in âld minske yn: Sjirke Sjerk mei har soan Earnst. Op in joun kommen se ús togearre foarby. Doe sei 't âld minske: "Alle jounen as wy hjir lâns geane, is der in dikke wite kat by jimmes. Sjogge jim dy noait?"
"Né", sei 'k.
"Ja," sei Earnst, "dy is hjir alle jounen."
Hwat gebeurde? Ik rekke ridlik...
nl.verhalenbank.24440
Yn 'e Harkema wenne in frou, dy foroare har yn in hountsje.
Dat fleach dêr dan bûten om en dan kifte it sa'n hiele joun.
nl.verhalenbank.38701