As in tsjoenster der op út giet, is de geest út har lichum wei. De gedaente bliuwt thús. Dêr is dan alle wêzen út, krekt as út in deade. De geest is der út.
nl.verhalenbank.16088
Hwat in tsjoenster jin jowt, dat foroaret yn in pod.
nl.verhalenbank.24637
Alle Tet wie ek in tsjoenster. Us mem hat twa jonges forlern. Dat wie Alle Tet har wurk.
nl.verhalenbank.22031
Op 't Surhústerfean is foar in pear jier noch in jonkje bitsjoend. Hy hie in krâns yn 't kessen. Dy krâns hat dêr foar 't glês lein. It bern hie hwat fan 'e tsjoenster yn krige, dêr't it fan bigoun wie to kwinen.
nl.verhalenbank.16086
In tsjoenster mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se sels dea.
nl.verhalenbank.22295
Wol men tsjoensters keare, dan mat men duveldrek ûnder 'e drompels dwaen.
nl.verhalenbank.24344
Tsjoensters hâlde geregeld forgaderingen. Dat dienen âlde Ot en Tet en Hindrik en sokken èk. Dan psalmsongen se meielkoar. Ot wie ek faek allinne oan 't psalmsjongen.
nl.verhalenbank.21392
Us mem fortelde, ien fan uzes hie us in apel krigen fan in frommes. Sy wie mei dy apel thúskom. Mar mem hie him har ûntkrigen. De oare deis hie de apel fuort west en der stapte in pod yn 'e hûs om.
Doe hat mem dat frommes fuort it hûs forbean.
nl.verhalenbank.22258
De krâns mat yn in panne dien wurde. Dy panne mat droech oer 't fjûr, mei it lid der op. Dan mat de tsjoenster op 'e lappen komme. Dan fljocht se by de doarren op.
Yn 7 jier mat de tsjoenster ien deatsjoene. Slagget se dêr net yn, dan rekket se sels dea.
nl.verhalenbank.16087
As in âld-wiif mei de hân oer de knoppen fan in knopstoel omwreau, dan koe men der mar fan op oan dat it in tsjoenster wie. Sa'n ien moest men yn 'e rekken hâlde.
nl.verhalenbank.22254
Om in tsjoenster to kearen dienen se duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.22255
As ús froeger in dikke kat tomjitte kom, dan seinen wy: "Dat is Alle Tet."
nl.verhalenbank.22720
As in tsjoenster trije folle krânsen by ien yn 't kessen tsjoend hat, dan is dyselde dea.
nl.verhalenbank.24345
Ik moest wol us nei âlde Frearke Vogel om turf. Dan krige ik duveldrek mei yn 'e bûse. Hwant it âld-wiif wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.22285
Tsjoensters gean der yn 'e nacht op út. Alde Fogel die dat ek. Sy seinen, dan liet se de pânse op bêd achter.
nl.verhalenbank.23909
Tsjoensters komme slop yn 'e kiste. Dat wie mei Alle Tet ek it gefal. Jy koenen har suver wol yn inoar triuwe.
nl.verhalenbank.22033
Alde Antsje Wever wie alle nachten fuort. Har dochter sei wol us: "Us mem hat de hiele nacht fuort west."
Sy kom wol us by ús mem. Dan sei se: "Hoe is 't mei it jonkje, Hinke?"
Op in kear sei se dat wer. Doe joech Griet har de tange op 'e hûd en sei: "Pak op! 't Is om 't bern to dwaen."
Letter kom se noch us wer.
"Mei 'k it jonkje wol us sjen?" frege se...
nl.verhalenbank.22032
Hindrik Ophús syn suster Ot - de mem fan âlde Ale - wie ek in tsjoenster. Mem en Jannemuoi wienen us in kear nei beppe ta. De bern wienen mei en dy wienen wylst oan 't toarnbeisykjen. Doe kom der in dikke kat oan, dy woarde wei ûnder 'e boskjes.
Doe stie der ynienen in frommes foar de bern. 't Wie Ot. "Berntsjes," sei se, "binne jim oan 't...
nl.verhalenbank.23531
Wy mochten froeger net hwat oannimme fan âlde Antsje Pod. Hwant krige men in apel fan har en men lei dy yn 'e dôfpot, dan foroare dy apel yn in pod.
nl.verhalenbank.29344
Us mem en dy ha fan bern oan altyd lapkes mei duveldrek op 't boarst hawn en doe't wy noch fan dy bern wienen droegen wy dat ek. Dat wie der allinne om dat de tsjoensters ús net yn 'e macht krije koenen.
nl.verhalenbank.21390