7,167 datasets found
Dutch Keywords: hekserij Narrator Gender: female Place of Narration: Boelenslaan
Yn 'e Harkema wenne in frou, dy foroare har yn in hountsje. Dat fleach dêr dan bûten om en dan kifte it sa'n hiele joun.
nl.verhalenbank.38701
Alde Janke Mozes fan 'e Harkema gong foar in tsjoenster troch. Hja hie in blau doekje om 'e nekke hinne en hie de hannen yn 'e ploaijen fan 'e rok. As wy kofje fan har krigen op it lân, smieten wy it stikum fuort.
nl.verhalenbank.17598
By ús heit syn âlden kom alle jounen in dikke houn, dy lei de foarste poaten op 't finsterbank en dan seach er mar nei 't bern, dat dêr yn 'e hoeke yn 'e keamer lei. As heit der út gong wie de houn wer fuort. Dy houn dat wie in tsjoenster, dy hie 't bern bitsjoend. Pake en dy wennen yn 't hûs, dêr't nou Ritske Bekkema wennet, oan 'e Bethlehemsreed, hjir...
nl.verhalenbank.38696
It gebeurde hjir yn 'e Boelensloane wolris dat der ien in krâns yn 't kessen hie. Dyselde wie dan bitsjoend. Dat hie in tsjoenster dien. Dy persoan woarde siik en sy gongen nei in duvelbander ta om guod tsjin dy tsjoenster. Dat wie meastal duveldrek. Dat leinen se dan ûnder 'e drompel. Sy droegen it ek wol op 't boarst (duveldrek wurdt nòch wol brûkt; 't...
nl.verhalenbank.32781
Hjir wennen trije susters, dat wienen alle trije tsjoensters. Nachts gongen se nei in stik lân ta mei in biezemstôk. Dy hienen se by har. Dan wienen se dêr op it lân oan 't tikboartsjen. Se sprongen om 'e biezemstok hinne. Guon ha har wol hippen sjoen.
nl.verhalenbank.17736
Fan sawn famkes dy't op elkoar folgje is ien in nachtmerje. Fan sawn jonges, dy't op elkoar folgje is ien in wearwolf. Ien fan 'e famkes fan Wiger Hollander (=W. Veenstra) wie in nachtmerje seinen se altyd. (Wiger Hollander wenne op it Wytfean). Dy gong nachts fan 't bêd ôf en dan gong se de minsken op 't boarst sitten en dan knypte se dy minsken de hals...
nl.verhalenbank.32778
Yn Hurdegaryp wie in hekke dy't samar fansels altyd iepen gong.
nl.verhalenbank.36205
As bern bitsjoend wienen hienen se krânsen yn 'e kessens, dy't opbrând wurde moesten.
nl.verhalenbank.36190
Docht men in ûneven tal roggekerlen ûnder 'e drompel, dan kriget men gjin lêst fan de tsjoenster.
nl.verhalenbank.25110
Der wennen hjir minsken, dy hienen in jonkje. Dat wie altyd nijsgjirrich. It gûlde oan ien stik wei troch en it groeide suver neat. Op in kear kom mem (Klare) by dy minsken to kaertlizzen. Dat wie fanwege dat jonkje. Doe sei mem: "Hjir is in forkeard frommes op 'e buert. Dat bern kin net groeije, omdat dat frommes him yn 'e macht hat. It bern is troch...
nl.verhalenbank.19305
In tsjoenster kin har yn in swarte kat foroarje.
nl.verhalenbank.21218
Tsjoensters kinne troch 't kaeisgat hinne komme. Dêrom hienen in protte minsken yn 'e Harkema oan 'e binnenkant in lipke foar 't kaeisgat. Dan koenen se der net troch.
nl.verhalenbank.21546
Hjir skeanoer wenne myn broer Jehannnes. As dy sneins nei tsjerke west hie en hy kom werom, dan wienen altyd de kij los op 'e stâl. En sa wie 't ek mei de keallen bûtendoar, dy sieten net mear oan 't tou. Earst gong it der soms bot oan wei, dan wie 't ien en al leven op stâl. 't Gebeurde ek faek dat de bargen út it hok wei wienen. Dan fleagen dy bargen as...
nl.verhalenbank.24373
Us pake kom op in joun bûten. Doe seach er hwat lizzen. 't Wie tsjuster. Us pake skopte der nei, mar hy skopte mis. Hy skopte al wer ris, mar wer mis. De oare deis lei dêr in tsjerne. Dy wie fallen. 't Wie yn Boelensloane oan 'e Fjouwer Roeden.
nl.verhalenbank.36182
Sy ha Wyts-muoi al ris yn 'e Houtigehage sweven sjoen op in biezemstâlle. Dêr fleach se mei oer de wyk.
nl.verhalenbank.24442
In nachtmerje is net altyd in frommeske. Ik en myn broer Ielke wienen yn Dútslân oan 't wurk. Der wie yn datselde hûs, dêr't wy yn 'e kost wienen, nòch in kostgonger. Dat wie neffens myn broer in nachtmerje. Ik en Ielke slepten byelkoar yn 't selde bêd. As wy in skoftsje lein hienen, sei Ielke: "Dy forrekte keardel!" "Hwat nou, jonge?" sei 'k. "Ik kin...
nl.verhalenbank.24458
Op 'e Feansterheide wenne âlde Rikele Myt. Dat wie in tsjoenster. Dêr doarst net ien lâns to kommen. 't Wie in sutrich âld minske, dy't fearren yn 'e kessens tsjoende. Se dienen duveldrek ûnder 'e drompels om har, en net ien dy't hwat fan har oannimme doarst. As men duveldrek yn 'e bûse hie, soe der noait in lulke houn op jin ta komme.
nl.verhalenbank.36202
De minsken wienen froeger bang foar in pod. Hwant dat wie in tsjoenster, mienden se. Dy koe har yn in pod foroarje.
nl.verhalenbank.21553
Dy't hwat fan in tsjoenster krijt, mat it net opite, hwant it foroaret yn in pod.
nl.verhalenbank.25510
Tsjoensters makken krânsen yn 'e kessens. Deselden dy't dêr mei de holle op leinen, woarden siik.
nl.verhalenbank.36209