Alde Rikele Myt - ek faek Mytsje-muoi neamd - wie ek in tsjoenster. Dy wenne op 'e Skieding. Jouns wie se altyd op in paed. Dan foroare se har yn in kat.
Op in kear kaem se sa ris wer by minsken. Mar de man hie har yn 'e rekken en sei: "'k Sil dy wol helpe."
Doe sloech er in spiker yn 'e ein fan in stok.
"As se nou wer komt, dan krijt se der fan", sei er....
nl.verhalenbank.32011
Us heit wie hynstekoopman hjir yn Grinzerpein. Sierd de Vries en syn frou Wytske wennen hjir ek. Hja kamen wolris by ús om in hynder to keapjen, dan kaem Wytske mei en dan bleauwen se by ús to jounpraten. Se hienen fjouwer bern: Jelle, Ielkje, Foppe en Evert.
As it hwat letter waerd, sei Wytske: "Wy matte wer nei hûs." Dat wie om Foppe, in lytse, bleke...
nl.verhalenbank.32010
Moeke fertelde ook: In tsjoenster hat hoar feranderd in een kat. Doe gaf een hoar een opdonder tegen de kop an. Loater sagen sij de tsjoenster met een doek om 'e kop. Doe had se pine yn 'e kop.
nl.verhalenbank.24397
Rikele Myt fan 'e Skieding wie in tsjoenster. Dy koe har yn in swarte kat foroarje. Op in kear wie der in man op jacht. Dy skeat op 'e swarte kat. It each wie der út. Dy kat, dat wie Rikele Myt.
nl.verhalenbank.31926
Olde Bearn van der Woude fortelde over in hoas. Doe liep ik, seid ie en der was in dikke hoas. En doe seit er: ik der hinne met 't geweer om de hoas te skieten. En ik skiet der op en hij fliegt over de kop en weg was er.
't Schot was der uut. Ik kon niet meer schieten.
De andere oavend kwam ik op 't selde plak. Doar was de hoas weer. "Nou bist der west",...
nl.verhalenbank.24393
Hier was in tsjoenster die feranderde hoar in een kat. Se kwam als een kat veur 't fenster.
Hendrik van der Molen die had een seun, die was troud met ien uut Almelo. Doe worde sij niet goed. Se worde sikelik. Doe kreeg se setten. 't Werd minder.
Hoar kerel sat in Almelo te mollefangen. Hij kreeg bericht dat syn frou min was. Hy moest thuus koomn.
Ze...
nl.verhalenbank.24392
Soms as ge naar huis gingt, liep d'n hillen tijd 'n kat mi uw mee. Dè waar dan 'n heks. Misschien waar 't ook 'n verdold ketje.
nl.verhalenbank.44038
Sy sizze wol dat de tsjoensters yn 'e gedaente fan in kat yn in stik greidlân forgaderje.
nl.verhalenbank.25118
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.24683
In tsjoenster komt trouwens ek wol troch 't kaeisgat, hwant hja kin harsels foroarje yn elk willekeurich dier. Mar it meast foroaret in tsjoenster har yn in kat.
nl.verhalenbank.29630
Soms dan hâldden dy katten in forgadering. Dan raesden se hiel bot, as se by elkoar wienen. Dan gong der letter in minske dea. Dêr waerd dan troch dy katten oer praet.
In frou út 'e Kule sei: "De katten ha fannacht wer sa bot raesd, nou giet der gau wer ien dea."
't Wie krekt as songen dy katten.
nl.verhalenbank.29781
Op in woansdei-to-joun, koarte tiid dêrnei, wie der in leger katten om 't hûs hinne. Allegearre tsjoensters.
"Ik sil mei jimme ôfweve", sei ús Antsje, en doe krige se in koetsenstok. Mar de katten wienen har to fluch ôf.
Men kin in tsjoenster allinne mar reitsje mei in stok fan in koetsenbeam of fan in flear. Hwant yn 'e earste krystnacht botte de flear...
nl.verhalenbank.18117
As de tsjoensters har yn katten foroare hienen, dan forgaderen se soms. Dan raesden se sa bot, dat men it wit hoe fier hearre koe. Dêr wienen Minne Ael en Minne Brecht ek altyd by.
nl.verhalenbank.30106
De katten hâlde soms midden op in stik lân in forgadering. Dan wurdt der bisprutsen hwat se mei de minsken úthelje sille en hwa't se bitsjoene sille. Men kin har dan skoan gûlen hearre, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.22850
Men moest noait op in pod traepje, hwant dan kaem der tonger.
In tsjoenster koe harsels yn in pod foroarje.
nl.verhalenbank.30082
Us beppe wie der fêst fan oertsjûge dat der minsken wienen, dy't har yn in kat foroarje koenen.
Der hie us in kat sitten op in wetterplanke (= stap). Dy kat koenen se dêr noait weikrije. Doe hie ús beppe (fan Burum) dy kat mei de luiwagen in klap op 'e kop jown.
De oare deis hearde se dat der in âld-man wie, dy't it sa yn 'e holle hie. Doe sei beppe: "Dan...
nl.verhalenbank.22849
In kat veranderd
Ik heb ze bij us thuis wel us heure vertelle. Dan zate ze bij de kachel en d'r kwam ok 'ne kat bij 't vuur. Die schupte ze zo goed, en 's aanderdaags lag de buurman mè pijn in bed. Die had zich veranderd in 'n kat.
nl.verhalenbank.41644
In tsjoenster foroare har yn in kat.
Hja koe fleane op in biezemstok.
nl.verhalenbank.30863
Ja dat d'r wel is ooit dertig, veertig katte op de dijk liepe. Of dat zage ze. Maar ze konde ze nooit vange.
nl.verhalenbank.125601
As de minsken nei in tsjoenster ta gongen gebeurde 't faek dat se in kat op side hienen, dy't mei roan.
nl.verhalenbank.25345