As Melle Tiet froeger by de bargen kom, woenen se net mear frette. Dan wienen se bitsjoend. Sy wenne yn 'e buert fan 'e Skieding.
Dêr wenne ek in man dy syn bargen wienen èk siik.
Doe seach dy in rôt by syn trôge. Hy sloech nei dy rôt en rekke him.
De oare deis hie Melle Tiet in doek om 'e holle.
nl.verhalenbank.24881
Tsjoensters kinne har yn katten foroarje. As katten hâlde se forgaderingen. Se ha ek us sa'n forgadering hâlden by âlde Harm v.d. Berg. Dy wennet yn Twizelerheide by de Swâdde. De katten wienen drok oan 't psalmsjongen, doe kom Harm der oan mei 't gewear. Hy hat op dy katten sketten. Se sieten yn in beam to forgaderjen en to sjongen. Ien fan 'e katten hat...
nl.verhalenbank.24841
Myn frou har pake en beppe wennen yn Feankleaster. Dy hienen bargen yn 't hok, dy woenen net groeije. Sy hienen al duveldrek yn 'e trôch dien, mar dat holp neat. Der kom altyd in hazze yn 't hok.
Doe binne se nei Wopke ta gong. Wopke sei: "Jimme matte dy hazze mar rame." Dat ha se doe dien en doe rekken se de hazze mei in gripe yn ien fan 'e egen.
Even...
nl.verhalenbank.22763
Vroegere tijd hadde ze een jager gehad, die schoot op een haos. En da was ne toverheks, die d'r eige veranderd had in diejen haos. De jaoger had al enkele kere op diejen haos geschote, maar steeds mis. En toen heet ie een dubbeltje op z'ne loop van z'n geweer gelege. En toe schoot ie den haos raok. Maer bij de vrouw in d'r kont. En toen was 't zegge, dat...
nl.verhalenbank.72747
Myn wiif har beppe dy bakere froeger wol by skippers. Dat gebeurde ek ris in kear to Ljouwert. Dêr wenne tichteby in âld minske, dêr seinen se fan dat it in tsjoenster wie.
Der wie doe in skippersfrou dy hie in lytsen krigen. Myn wiif har beppe dy bakere dêr. Doe wie dêr dy nachts in fremde kat yn 'e roef.
"Hwat mat dy kat hjir?" sei myn wiif har beppe....
nl.verhalenbank.24930
It mat ris op 'e heide gebeurd wêze, nei't se my fortelden, dat dêr in krânse forbrând waerd. Se hienen alles ticht makke, mar in rútsje forgetten, dat der út wie. Dêr wie de kat ta'n út sprong, en bûtendoar wie 't in minske woarn.
nl.verhalenbank.32177
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje, mar ek wol yn allerhande oare dingen.
Alde Jelle Tryntsje wie sa'n tsjoenster. Hja wenne yn Gr. Pein.
Bearn van der Woude wenne foar yn 'e Parken. Op in joun kom er bûtendoar, doe seach er dêr in branjebult, dy wie der oars net. Hy giet yn 'e hûs, pakt syn gewear en sjit op dy bult.
De oare deis moest Jelle...
nl.verhalenbank.25225
Alde Tryn wenne yn Garyp. Hja wie bolkoerrinster en koe tsjoene. As se der op út gong to tsjoenen foroare se har yn in hazze. Foar bern wie se levensgefaerlik. Op in kear hie se wer in bern bitsjoend. De âlders gongen op tiid nei Wopke duvelbanner ta. Dy sei: "Jimme matte de matte foar de doar optille en dêr goed hwat krusen opsette, dan komt de...
nl.verhalenbank.32162
Se seinen altyd, in tsjoenster koe har yn in kat foroarje.
As se froeger wite woenen as in siik bern bitsjoend wie, ûndersochten se it kessen. Founen se dêr krânsen yn, dan wie 't bern bitsjoend. Der woarde dan om socht hwa't de tsjoenster wie. De krâns(en) woarde(n) forbrând.
Se dienen faek duveldrek ûnder 'e drompels. Dy't it bern bitsjoend hie koe dan...
nl.verhalenbank.32677
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Mei oare katten, ek tsjoensters hâldde se nou en dan forgaderingen. Dêr woarde dan omraek by song. Hja moesten op syn minst ien minske deatsjoene yn sawn jier tiid, oars gongen se der sels oan. Hja rêdden dat altyd wol op.
nl.verhalenbank.30504
Op Feansterheide wenne Sander Hoeksma. Dy syn wiif wie siik.
Doe kom der de nachts in swarte kat yn 'e hûs. Sander der ôf. Dy skeat dy kat.
De oare deis hie âlde Rykele Myt in eech der út. Hja hie mar ien eech mear.
It wie sa dúdlik as hwat. Rikele Myt wie in tsjoenster. Dy hie har yn in kat foroare en Sander hie har it each útsketten.
nl.verhalenbank.24559
Yn Boarnburgum wenne in âld-minske, dat wie Knjillis Auk. Dat wie in tsjoenster. Auk koe har foroarje yn in swarte kat. Dy kat kaem to spûkjen by oare minsken. De minsken wienen bang foar har. Hja hat wol gauris ien bitsjoend. Dan krigen de minsken krânsen yn 'e kessens. Dan gongen se nei de duvelbander ta. Gauris wie dat Greate Wopke fan Kûkherne.
De...
nl.verhalenbank.29496
Tsjoensters koenen har yn katten foroarje. Krige sa'n kat in optuter, dan hie de tsjoenster de oare deis in stikkene earm of skonk.
Bitsjoende katten (tsjoensters) hâldden forgaderingen om hwat to bipraten. Dan sieten se yn in rounte op in stik lân.
nl.verhalenbank.31204
Ik haw in muoike hawn yn Gytsjerk, dy hat tsien bern hawn. Njoggen dêrfan binne deatsjoend.
Op in kear stie de widze fan ien fan dy bern yn 'e keamer by de skoarstien. It bern lei der yn.
Doe wie der in gleon fûgeltsje ta de skuarstien út kaem en dat hie op 'e widze taflein. In pear kear fleach it boppe de widze hinne en wer en doe wie it bern dea.
nl.verhalenbank.30050
Dêr wie nòch in tsjoenster, dat wie Sierde Jets. Dy foroare har nou en dan yn in swarte kat. Hja wie hwat âlder as Myt. Yndertiid hie Jan v.d. Woude forkearing mei Fetsje, dêr't er letter ek mei troud is.
"'k Wie dêr op in snein-to-joun," fortelde er letter, "en doe praetten ik en Fetsje foar it earst oer trouplannen. Wy hienen dêr noch net earder oer...
nl.verhalenbank.31944
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Wy hienen froeger ien by ús, dat wie Rikele Myt, dy koe spoekje.
Ien wie troud mei in dochter fan Myt. Dat wie in evenredige keardel, dêr't alhiel gjin kwea by siet.
Dy sei fan Myt: "Dat wiif - ik haw har it eech út 'e kop slein. Ik siet to matteweven by de spitmuorre. 'k Siet yn 'e hûs. Ik tocht: - hwat in...
nl.verhalenbank.25406
De heksen foroaren har faek yn katten. Dy katten forgaderen soms en songen dan om 't hûs hinne.
Heksen koenen fleane op in biezemstok. Forlieten se 't hûs, dan lieten se de pânse achter.
nl.verhalenbank.29808
Yn 'e buert fan Aldegea hat in bakker wenne. Dy moest wit hoe faek in nije feint ha, hwant alle feinten gongen by him dea.
Op in kear, doe hied er wer in nije feint krige. Dy wie op in joun yn 't bakhûs. Doe wienen der samar fjouwer katten by him kom. De bakkersfeint wie net bang.
De katten seinen tsjin elkoar: "Sille wy him mar wippe yn 'e suortsjettel?"...
nl.verhalenbank.24870
Wy wennen froeger op 'e Feansterheide.
Alde Jiske Wyts wenne flak achter ús. Dat wie in tsjoenster. Dy woe ús as bern altyd graech oanhelje, mar dat mocht net, dêr warskôge heit ús altyd foar.
Us Antsjemoai woarde siik. Der kom wol us in dikke kat by ús. Doe't dy der wer us wie, krige heit de tange en sloech him dêr mei. Doe hie dy kat in brutsene poat....
nl.verhalenbank.25212
Njonken ús wenne in frou dy gong foar in tsjoenster troch. Hja wist dat sels wol. Mar wy leauden der net oan.
Se seinen dat se de bern bitsjoende en krânsen yn 'e kessens tsjoene koe. Hja ried op in biezemstôk troch de loft en koe har foroarje yn in kat.
Wie der ien bitsjoend, dan reizgen se nei de duvelbander ta.
Dat wie almeast Sierd Schaafsma fan...
nl.verhalenbank.32036