Jehannes Wytske wie in tsjoenster yn 'e Houtigehage. Tije Luts wie ek in tsjoenster. Dy koe har foroarje yn in kat.
In tsjoenster mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se sels dea.
nl.verhalenbank.22924
Tsjoensters ha it fral op bern munte. Se foroarje har sels samar yn in kat.
nl.verhalenbank.30055
Men moest noait op in pod traepje, hwant dan kaem der tonger.
In tsjoenster koe harsels yn in pod foroarje.
nl.verhalenbank.30082
Us beppe wie der fêst fan oertsjûge dat der minsken wienen, dy't har yn in kat foroarje koenen.
Der hie us in kat sitten op in wetterplanke (= stap). Dy kat koenen se dêr noait weikrije. Doe hie ús beppe (fan Burum) dy kat mei de luiwagen in klap op 'e kop jown.
De oare deis hearde se dat der in âld-man wie, dy't it sa yn 'e holle hie. Doe sei beppe: "Dan...
nl.verhalenbank.22849
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Alle fjouwer jier moest se ien deatsjoene. As se dat net die, dan gong se der sels oan.
nl.verhalenbank.22336
Doe't wy to Smelle Ie wennen kom der ris in skipper by ús. Dat wie Durk Bekker. Dy fortelde ús, hy lei ris mei 't skip op 'e rûmte. 't Wie yn 'e nacht en noch gjin tolve ûre.
Hy moast der ôf, hwant der wie in freesliken geraes yn 't foarûnder. Doe't er dêr hinne gong en seach, wienen it dêr allegearre katten, dy bieten yn elkoar om. Hy lei der hwat lûken...
nl.verhalenbank.32696
In kat veranderd
Ik heb ze bij us thuis wel us heure vertelle. Dan zate ze bij de kachel en d'r kwam ok 'ne kat bij 't vuur. Die schupte ze zo goed, en 's aanderdaags lag de buurman mè pijn in bed. Die had zich veranderd in 'n kat.
nl.verhalenbank.41644
In tsjoenster foroare har yn in kat.
Hja koe fleane op in biezemstok.
nl.verhalenbank.30863
Een zwarte kat, dat was iets bijzonders. D'r liep een zwarte kat heen, dan was dat of dat te wachte.
nl.verhalenbank.125563
Ja dat d'r wel is ooit dertig, veertig katte op de dijk liepe. Of dat zage ze. Maar ze konde ze nooit vange.
nl.verhalenbank.125601
Fan tsjoensters waerd altyd sein dat se har yn katten foroarje koenen.
nl.verhalenbank.31614
M'n vader zei, hij had wel is een kattendans gezien.
nl.verhalenbank.125705
In fremde kat wie gauris in tsjoenster. Hwant in tsjoenster foroare harsels faek yn in kat.
nl.verhalenbank.30427
Dat was de toverheks A. P. Ze woonde in 't Kuilenburgse Veld. 't Huis en alles staat d'r nog. En dan hoorde je verhale, de mense ginge langs de Rietveldse Weg en daar had je een brug. En dan sting daar 's aves een kalf op die brug te kijke. Dat kalf, dat was A. P., die heks. Daar ware de mense erg bang van.
nl.verhalenbank.72798
As in tsjoenster har foroare hat yn in hazze of sa dan kin men har allinne mar reitsje mei in sulveren kûgel, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.25372
Yn 'e buorren yn Garyp wenne in frommes, dy koe har yn in kat foroarje. Dy kat ha se wol us in trewinkel jown. Dan lei 't frommes de oare deis siik op bêd.
nl.verhalenbank.22769
Tsjoensters kinne har yn in kat foroarje.
Alde Janke hounelobber wenne yn 'e Harkema en wie in tsjoenster.
Myn frou har beppe wenne ek yn 'e Harkema, dat wie de frou fan Tsjerk van der Veen. Doe't Tsjerk krekt stoarn wie hat myn frou dêr in skoft hinne west om 't âld-minske hwat selskip to hâlden.
Doe sieten hja togearre op in kear by de fjûrpot. Dêr hong...
nl.verhalenbank.22967
Tsjoensters koenen har ek yn in houn foroarje. Dat mat ek ris sa west ha mei in frommes op 'e Sumarreheide. It wienen altyd froulju dy't tsjoenden.
nl.verhalenbank.32180
De tsjoensters foroarje har faek yn katten. Soms hâlde dy katten in forgadering. Dan kinne se hiel moai sjonge.
nl.verhalenbank.19876
By Sjoerde Durkje songen de katten op in joun psalm 84. Dy katten hâldden dêr in forgadering. Sjoerd hat de gripe der yn smiten en rekke Baeije, dy't har yn in kat foroare hie. De oare moarns koe Baeije net fan bêd komme. Dy hie in reis hawn. Dit gebeurde yn Sweagerbosk
nl.verhalenbank.18118