Hjir is in dobbe, dêr ha se alris 'help help' yn roppen heard, sûnder dat der in minske yn wie. Nou tinke se dat dêr noch ris ien yn fordrinke mat.
nl.verhalenbank.37787
Men koe net jan en alleman by 't fé litte. Der wienen guon dy hienen de kweade hân, dy makken 't fé siik. Sokken, dêr pasten de minsken foar op.
nl.verhalenbank.37793
As ien net stjerre koe, dienen se in knip yn 't himd.
nl.verhalenbank.31123
Tsjoensters ride op in biezemstok troch de loft fan 't iene plak nei 't oare. Se meitsje wit hoe fiere reizen.
nl.verhalenbank.24248
Dy't yn in swarte spegel seach, koe alles sjen, hwat er mar sjen woe. As der ien fuort wie en dy woenen jy graech sjen, dan krigen jy dyselde to sjen. Der wienen ek wol guon dy seagen it net, 't siet him yn 'e soarte fan minsken.
As der hwat wei wie, seinen se: "Even yn 'e swarte spegel sjen."
nl.verhalenbank.24300
Der wienen twa boeren, dy kuijeren op 'e reed. Doe song dêr in fûgel. Doe sei de iene boer: "Dy fûgel sjongt foar my."
"Né," sei de oare boer, "dy fûgel sjongt foar míj."
Doe krigen dy beide boeren rúzje. Doe woarde it in pleitsaek.
Foar hwa hie nou de fûgel song? Foar de advokaet.
nl.verhalenbank.23889
Japik Rippert (= Jack the Ripper?) dy hat hjir omswurven. 't Wie in tsjoenster, se wienen binaud foar him, fral de froulju. Hy koe troch de slotsgatten yn 'e hûs komme. De frou fan Jan Nijboer wie sa binaud, dat as se turf helje moest út it achterhûs wei, dan roan se achterstefoar.
nl.verhalenbank.23876
Alde Gjerte Jel en Luts koenen tsjoene.
Alde Minke Germ soe de moarns to fiskjen en doe moete hy dy beiden. Se sweefden oer de dauwe hinne.
nl.verhalenbank.23877
Ik ha wolris by sa'n ien west, dy koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Der wienen wol forskate dy't dat koenen. Mar as ik der by wie, koenen se it net. Ik sei dan: "Doch it ris." "Né," seinen se, "wy dogge it net."
nl.verhalenbank.24301
Yn 'e buert fan Houtigehage stie in hûs, dêr doogde 't net yn. De frou hie in kear yn 'e hoeke sitten. Doe wie der hwat by har yn 'e hûs kom, dat wie by har op 'e skelk kom. 't Wie in forstoarn minske.
De frou hie de skelk foarwei dien, doe kom it by har op 'e skoat.
Doe ha se der in doomny by helle. Dy spruts it spoek oan. Hja moest sizze hwat der oan...
nl.verhalenbank.25180
As 't net bûterje woe leinen se fleartokken op 'e tsjerne.
nl.verhalenbank.24249
Alde Taeke Pyt hie in wikseldaelder. Elkenien hie earmoed, mar hja koenen 't altyd skoan dwaen.
De duvel hie him har jown.
nl.verhalenbank.31122
De minsken dienen froeger duveldrek ûnder 'e drompel, omdat se bang wienen dat âlde Janne Luts oars by har yn 'e hûs komme soe. Janne Luts wie in tsjoenster.
De bern droegen duveldrek op it boarst. Dat wie èk om har.
nl.verhalenbank.37792
Der wie in man, dy wie o sa min. Hy lei al hast op 't stjerren en der moest alle nachten by him wekke wurde. Dy man dy wie oan 'e duvel forkocht. As de lju der sieten to wekjen, dan forskynde de duvel dêr sa mar en dan naeiden se hurd út.
Mar doe wienen der twa, dy seinen: "Wy doarre dêr wol to bliuwen." "Wy wolle fan 'e duvel neat wite", seinen se. "De...
nl.verhalenbank.21696
In nachtmerje wie in man of in frou, dêr't men deis oer prakkesearre en dy't dan nachts by jin kaem. Men moest hinnegean en stopje de kaeisgatten fol guod, hwant de nachtmerjes kamen altyd troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.37786
Dêr't âlde Jille Pultrum wenne, wenne earder syn heit Durk. Dy lei op in nacht op bêd, doe hearde er planken ratteljen.
In healjier letter troude Bareld Pultrum, in broer fan Durk. Doe moesten se hout leegje yn 'e nacht. Doe hearde Durk krekt itselde lûd wer, mar nou wie 't werklikheit. Doe kom Bareld Pultrum dêr to wenjen. Dêr bouden se in hûs foar.
nl.verhalenbank.23724
Twa man fan 'e Houtigehage gongen in kear mei in wein mei bijen nei Drinte ta nei de heide. Dêr roan in hynder foar. Underweis by de Mouneleane achter Duerswâld dêr kom in grouwe swarte houn oansetten. Dat wie in pleachbeest. Dy roan by har lâns. Sy skopten him yn 'e sleat, mar in eintsje fierder, dêr wied er al wer njonken har.
Doe ha se him wer yn 'e...
nl.verhalenbank.23730
Jan van der Woude, syn broer, wenne yn Grinzer Pein. Dy hie in dochter Bintsje en dy wie siik. Sy seinen: "'t Berntsje is bitsjoend." Doe gong Jan nei Frânse Hinke ta, dat wie in duvelbanster yn 'e Rotfalle.
Dy joech him in fleske guod mei. Sy sei, hy moest meitsje dat er dêrmei thús kom en foaral net òmsjen, hwant dan kom der ien, dy soe it fleske...
nl.verhalenbank.23726
Hearke hie in faem yn 'e Ham (= Droegeham). Dêr soed er ris in snein-to-joun hinne. Doe kearde it jongfolk him. Sy seinen tsjin Hearke: "Hwer silstû hinne?"
"Nei de faem", sei Hearke.
Sy seinen: "Werom!"
Hearke sei: "Dat is goed, mar foardat wy by elkoar wei geane, fûstkje wy earst even."
Doe krige Hearke ien fan dy mannen by de hân. Mar tagelyk sette er...
nl.verhalenbank.23732
Guon ha har oan 'e duvel forkocht. Dêr krije se dan in wikseldaelder foar. Dy rekket noait op. Sy matte trije kear mei in swarte kat om 't tsjerkhôf hinne rinne, dan krije se dy wikseldaelder fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.25425