Soms dan hâldden dy katten in forgadering. Dan raesden se hiel bot, as se by elkoar wienen. Dan gong der letter in minske dea. Dêr waerd dan troch dy katten oer praet.
In frou út 'e Kule sei: "De katten ha fannacht wer sa bot raesd, nou giet der gau wer ien dea."
't Wie krekt as songen dy katten.
nl.verhalenbank.29781
Myn broer Ritske fortelde: Ik ha forkearing hawn mei in fanke, dêr wie 't net mei yn oarder.
As ik mei dat fanke fuort west hie en ik brocht har op 'e lette joun wer thús, dan kom der ûnderweis altyd in dikke houn by my, mei egen, sa great as thépantsjes.
Ik hie 't dolkje by my en dat hie 'k op in kear klear. Doe't er wer by my kom, wylst ik it fanke nei...
nl.verhalenbank.24312
In tsjoenster wie meastal in âld wiif. Dy koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.31521
In swarte kat hie men it net op stean. Dy moest altyd bûten 'e doarren hâlden wurde. Der hat yn Sumarreheide in jonge slim siik west. Dêr krige de kat doe de skuld fan.
nl.verhalenbank.32176
In tsjoenster kin har yn alle swarte dieren foroarje, mar meastal yn in swarte kat.
nl.verhalenbank.31236
As de katten op 'e Heide raesden, seinen de minsken: Wemel is ek wer warber. Wemel, dat wie in tsjoenster, dy koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.30317
Heksen en gedaanteverwisseling
In Dommelen liet iemand een kogel wijden door de pastoor. Daarmee schoot hij op een haas. Het beest werd een poot afgeschoten. Diezelfde dag nog liep er in Dommelen een oud vrouwtje met maar één arm.
nl.verhalenbank.49549
Altijd zat 'n haas aan 't moes (kool). We konden hem nooit raken. We wilden het proberen met zilveren hagel. De smid maakte die voor ons. We schoten, raakten hem, en zagen later dat de kapmantel van 'n heks vol hagelgaatjes zat.
nl.verhalenbank.46691
Op in woansdei-to-joun, koarte tiid dêrnei, wie der in leger katten om 't hûs hinne. Allegearre tsjoensters.
"Ik sil mei jimme ôfweve", sei ús Antsje, en doe krige se in koetsenstok. Mar de katten wienen har to fluch ôf.
Men kin in tsjoenster allinne mar reitsje mei in stok fan in koetsenbeam of fan in flear. Hwant yn 'e earste krystnacht botte de flear...
nl.verhalenbank.18117
Dat werd wel gezegd: die kat is betoverd.
nl.verhalenbank.125792
Overal hadde vroeger van die toverkatte zitte. En ge kon d'r nooit genen ene rake. 't Waore vremde figure.
nl.verhalenbank.72731
As de tsjoensters har yn katten foroare hienen, dan forgaderen se soms. Dan raesden se sa bot, dat men it wit hoe fier hearre koe. Dêr wienen Minne Ael en Minne Brecht ek altyd by.
nl.verhalenbank.30106
Tsjoensters kinne har yn in kat foroarje, wurdt der sein. Hja tsjoene krânsen yn 't holkessen.
nl.verhalenbank.25244
De katten hâlde soms midden op in stik lân in forgadering. Dan wurdt der bisprutsen hwat se mei de minsken úthelje sille en hwa't se bitsjoene sille. Men kin har dan skoan gûlen hearre, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.22850
Jehannes Wytske wie in tsjoenster yn 'e Houtigehage. Tije Luts wie ek in tsjoenster. Dy koe har foroarje yn in kat.
In tsjoenster mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se sels dea.
nl.verhalenbank.22924
Tsjoensters ha it fral op bern munte. Se foroarje har sels samar yn in kat.
nl.verhalenbank.30055
Men moest noait op in pod traepje, hwant dan kaem der tonger.
In tsjoenster koe harsels yn in pod foroarje.
nl.verhalenbank.30082
Us beppe wie der fêst fan oertsjûge dat der minsken wienen, dy't har yn in kat foroarje koenen.
Der hie us in kat sitten op in wetterplanke (= stap). Dy kat koenen se dêr noait weikrije. Doe hie ús beppe (fan Burum) dy kat mei de luiwagen in klap op 'e kop jown.
De oare deis hearde se dat der in âld-man wie, dy't it sa yn 'e holle hie. Doe sei beppe: "Dan...
nl.verhalenbank.22849
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Alle fjouwer jier moest se ien deatsjoene. As se dat net die, dan gong se der sels oan.
nl.verhalenbank.22336
Doe't wy to Smelle Ie wennen kom der ris in skipper by ús. Dat wie Durk Bekker. Dy fortelde ús, hy lei ris mei 't skip op 'e rûmte. 't Wie yn 'e nacht en noch gjin tolve ûre.
Hy moast der ôf, hwant der wie in freesliken geraes yn 't foarûnder. Doe't er dêr hinne gong en seach, wienen it dêr allegearre katten, dy bieten yn elkoar om. Hy lei der hwat lûken...
nl.verhalenbank.32696