De tsjoensters lieten soms har pânse yn 't bêd achter.
nl.verhalenbank.38318
As in tsjoenster dea is, is 't in slap popke. Us mem hat yn 1918 mei de Spaenske gryp in tsjoenster ôflein. Se woarde net stiif en bleau like slap as in flarde.
nl.verhalenbank.10688
De tsjoensters fleagen froeger op biezemstâllen troch de loft. Piters Willemke die dat ek. Mar kaem se foar in fjild rogge, dêr koe se net oerinne komme. Dêr foel se yn.
nl.verhalenbank.38317
In nachtmerje kin troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme. Yn Hiltsjemoaiwâlden hat in nachtmerje wenne.
Myn wiif lei us op in kear op bêd, doe seach se dat Janke Jan de doar iepen draeide (Janke Jan syn mem wie in tsjoenster en hy wie in nachtmerje) Janke Jan wie in soan fan âlde Minne Ael.
"Ik seach dat Janke Jan by my kom. Hy draeide my de hals ticht, ik ha...
nl.verhalenbank.28767
In kat kin him yn in minske foroarje en in minske yn in kat. Sa'n minske is in tsjoenster.
nl.verhalenbank.28445
In tsjoenster foroaret har yn in swarte kat. Dy katten forgaderje soms op in stik greidlân. Dan miauwe se.
nl.verhalenbank.38646
Om 'e sawn jier mat in tsjoenster ien deatsjoene, oars giet se sels dea.
nl.verhalenbank.38650
As der ergens pasgeboaren bern wienen, dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. Dat wie om de tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.27379
Mem har broer wie troud mei in dochter fan âlde Minne Ael. Alde Minne Ael wie in greate tsjoenster, dêr hienen de minsken it net op stean. Har dochter wenne yn Kollum. It wie myn muoike. Dy koe èk tsjoene, seinen se.
Froeger hienen jy altyd Kollumer merke yn oktober. Dêr gyng ik faek mei heit hinne. As wy dan by muoike oangongen woe heit net lije dat wy...
nl.verhalenbank.34477
Alde Karste Lamke wie hjir in bekende tsjoenster. Hja fleach op in biezemstôk troch de loft.
Alde Libbe Griet en Theunis Seely wienen ek tsjoensters.
Wie der hjir ien bitsjoend dan gongen se faek nei in duvelbanner. Dat wienen almeast Ulke duvelbanner fan 't Wyldpaed en greate Wopke fan Kûkherne.
As se duveldrek leinen ûnder 'e drompel fan 'e keet koe de...
nl.verhalenbank.38648
As trije katten by elkoar sitte to razen, dan binne dat tsjoensters, dy't in forgadering hâlde, sizze [se].
Hjir ha tsjoensters west, dy't op 'e biezem troch de loft fleagen woarde der sein.
nl.verhalenbank.34466
Ik hie in suster Jitske, dy is sa'n fiif jier lyn forstoarn. Hja wenne yn Hiltsjemuoiwâlden, hwat achterút. Tichteby stie in húske, dêr wenne in man-allinne yn. Dy man dat wie in tsjoenster.
Dêr stie nòch in âld húske, dêr wenne in âld wyfke yn. As myn suster by dat âld wyfke kom, dan wie 't sloof alhiel ûnstjûr. Myn suster fortocht dy frijgesel der fan...
nl.verhalenbank.34463
Myn wiif har oerbeppe wie ek in tsjoenster. Dy hie in protte poppen om har hinne. Nou joech se de iene poppe in prip en dan de oare. Dan gûlden de berntsjes, dy't se bitsjoend hie. Dan krigen dy pine.
Hja wie in skipperske en skreau har Kobus.
nl.verhalenbank.28448
Alde Minne Ael wie in tsjoenster; dy koe har yn in kat foroarje.
Us Jitske en dy hienen ris op in joun west to jounpraten nei de buorlju. De bern wienen allinne thús, dy leinen al op bêd. Doe't se wer thús kamen siet dêr in hiele dikke kat by har yn 'e hûs. Jitske hat dy kat in goeije optuter jown. Doe wie dy kat samar ynienen fuort.
De oare deis lei...
nl.verhalenbank.34465
Tsjoensters kinne har yn katten foroarje. Dy katten hâlde soms in forgadering. Dan sitte se yn in rountsje. En dan psalmsjonge se. In boarre hat de lieding. Soms jowe se sa'n kat in opneuker. Dan hat de kat it oan 'e poat of sa. Dat is alris in kear gebeurd hjir. De oare deis hie âlde Piters Willemke it oan 'e poat.
nl.verhalenbank.28768
Alde Wiger Syts wie in tsjoenster. Dy koe har foroarje yn in pânse. Myn skoanheit gong der mei har man wolris op út to mollefangen. Doe hat myn wiif dêr alris as fanke by dy minsken slept. It wie dêr dy nachts bot oan wei gong.
Wiger wie der op út. Der kom in man yn 't holst fan 'e nacht. Dy sei: "Ik trilje oer de hiele lea. Piters Willemke fleach fan 'e...
nl.verhalenbank.28839
Tsjoensters hâlde der popkes op nei, dêr pripkje se mei nuddels yn. Deselde dy't se bitsjoend hat krijt dan pine as hja stekt; dy fielt de stekken.
nl.verhalenbank.34478
Fan in tsjoenster mochten wy neat opite. Wy smieten alles wei hwat wy fan har krigen. In apel bieten wy earst in stikje út en dat smieten wy fuort. Fierder koenen wy de apel gerust opite.
Wy setten in krús mei de klomp yn 't sân, as der in tsjoenster oankaem. Hwant hja koe net oer in krús hinne komme.
nl.verhalenbank.38320
Wy hienen yn 'e Houtigehage altyd duveldrek ûnder 'e drompel fanwege de beide tsjoensters Jeltsje en Lutske.
nl.verhalenbank.20112
Om tsjoensters to kearen brûkten se duveldrek.
nl.verhalenbank.23773