18,886 datasets found
Dutch Keywords: heks Narrator Gender: male Place of Narration: Opende
Tsjoensters waren meest oude vrouwen. Ze waren allemaal bang voor haar.
nl.verhalenbank.37996
In tsjoenster foroare har yn in kat. Sa'n kat gong altyd ta de skoarstien út.
nl.verhalenbank.26990
Jelle syn wiif Tryntsje wie in tsjoenster. Sy wennen hjir flakby op 'e hoeke. Sy ried op 'e biezumstok troch de loft. Soms wol hielendal nei Drachten ta.
nl.verhalenbank.27139
Rikele Myt wie in tsjoenster. Dy wenne by de Skieding. Dy hat us in kear in jonkje bitsjoend. It bern hat tiden sukkele. Dokter hat it bern op 't lêst wer better makke.
nl.verhalenbank.27160
Rikele Myt wie ek in tsjoenster. Dy wenne op 'e Skieding. Der sieten us guon by har yn 't apelhôf, dy koenen der net wer útkomme.
nl.verhalenbank.26914
Rikele Myt biwearde, duveldrek moest fan in tsjoenster komme, oars holp it net. Rikele Myt hie in freeslik gesicht.
nl.verhalenbank.27543
Doe't mem mei ús heit trouwe soe, kom beppe us in kear by har en doe woe se ús mem in ûngeboaren bernehantsje mei jaen. Mem woarde lulk en sei tsjin har: "Ast dàt dochste, traepje 'k dy mei dat ding fan 't hiem ôf!"
nl.verhalenbank.27178
Een tsjoenster moet om 'e drie joar een kapot moakn.
nl.verhalenbank.27327
Yn Grinzer Pein hawwe se alris in kat slein en doe hie in âld-minske, dêr tichteby, de oare deis in seare earm.
nl.verhalenbank.26991
Duveldrek deden se froeger onder 'e drompel foar de tsjoensters.
nl.verhalenbank.27329
Sy dienen froeger hjir altyd duveldrek ûnder 'e drompel, dan koe de tsjoenster net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.27542
Tsjoensters kinne har yn alle dieren foroarje. Sy kinne guon deatsjoene.
nl.verhalenbank.24128
Mei skoppenboer koe Edzer Brúntsje (= E. Bruining) in flesse drank helje. Edzer Brúntsje fan Surhústerfean wie in âld tsjoenster.
nl.verhalenbank.27544
In apel fan in tsjoenster foroare yn in pod. Fan Rikele Myt doarsten wy noait hwat oan to nimmen.
nl.verhalenbank.27536
Je moet bij een tsjoenster nooit driemoal achter elkoar 'ja' zeggen. Dan het se je in de macht.
nl.verhalenbank.27320
Tsjoensters moakten kronen in 't kussen. As se die forbrandden dan was de olle heks dood.
nl.verhalenbank.27322
Olle Hendrik van der Molen liet de mensen stief stoan met de mond open. (= Hindrik Pikelhearring)
nl.verhalenbank.25854
In tsjoenster foroare har yn in kat. Knjillis Boorsma syn mem wie in tsjoenster. Sy wenne hjir flak neist. Beppe sei: "Wy gongen der jouns wolris hinne to sjen. Dan sieten der in stik of acht, njoggen katten op 'e naed fan 't hûs. 't Wienen allegear groubonte katten. Ien fan dy katten ha se us in reis jown, doe hie dat minske de oare deis in blau eech.
nl.verhalenbank.26905
As Rikele Myt har man nachts wekker woarde, wie 't krekt as der in pânse njonken him op bêd lei. Dan wie Myt der op út to tsjoenen.
nl.verhalenbank.25987
Der wie nòch in man, dy hie ek lêst fan in tsjoenster, dat wie hjir ek yn 'e Pein. Der kom nou en dan in fremde kat by him. Doe hat dy man in stik erfsulver op 'e loop fan 't gewear dien en doe hat er dy kat yn 'e kop rekke. Doe krige beppe even letter in dikke kop.
nl.verhalenbank.27175