18,780 datasets found
Dutch Keywords: heks Narrator Gender: male Place of Narration: Nijega
Tsjoensters en nachtmerjes komme troch 't kaeisgat of troch it goatsgat. Dat moat wol, oars kin dat folkje ommers nergens troch yn 'e hûs komme. De minsken dienen froeger wol roggebrea yn 't kaeisgat om se to kearen. Omdat rogge heilich is.
nl.verhalenbank.11572
Under 'e drompels leinen se altyd duveldrek. Dan koenen de tsjoensters net yn 'e hûs komme. Sy dienen ek wol duveldrek yn 'e sûpfetten fan 't fé. Dan woarde it fé net bitsjoend.
nl.verhalenbank.11573
As bern droegen wy roggekerrels by ús, dy't yn 'e klean binaeid sieten. Altyd in ûneven getal, meastentiids sawn. As in jurk dan wer wosken wurde moest, dan moesten der wer oare roggekerrels yn. De tsjoensters koenen ús dan neat dwaen.
nl.verhalenbank.12212
Ik foun us in kear trije krânsen yn 't holkessen. It wienen moaije krânsen, mei de fearkes allegear ien kant út en wol sa egael. En dy krânsen sieten wol sa stevich yn elkoar! Ik lei se alle trije yn in laedtsje fan 'e pultrum. Doe't ik de oare deis it laedtsje iepen luts, wienen alle trije krânsen slop. Doe wie de macht der út. Ik hie se fuort forbrânne...
nl.verhalenbank.11571
Der wie in frou, dy hie trije famkes. Dy praetten alle trije hiel drok. De frou wie oan 't waskjen en sy hie lêst fan dat drokke praten fan har famkes. Dat doe sei se: "Ik woe wol dat jim alle trije gûlswannen wienen." En sy hie 't net sein of it wienen gûlswannen alle trije. En dêr stouden se hinne troch de loft. Dat hie de buorfrou dien, hwant dat wie...
nl.verhalenbank.12535
Der wienen minsken, dy hienen in bern, dat tsjirme. Sy tochten: Hoe moat dat dochs komme? Njonken har wennen minsken sûnder bern. De heit fan it sike berntsje sei: It buorwiif kin ús bern wol ris bitsjoend ha. Dat sei er ek tsjin 'e buorman. Kin it wêze, sei er, dat dyn wiif ús bern bitsjoend hat? De buorman woe dêr neat fan wite. Hy sei: Myn wiif is sa...
nl.verhalenbank.11557
Der wie in feint, dy swearde en swetste der mar op los. Hy leaude oan God noch syn gebot en dat sei er tsjin elkenien. Tsjin syn maten sei er: "Der bistiet net in God en gjin duvel." Op in kear kom er mei twa fan syn maten oerien, dat hy soe trije kear op it tsjerkhôf gean en elke kear soed er dêr God en de duvel oanroppe. Dan soenen syn maten sjen kinne...
nl.verhalenbank.15814
De tram oer de Sumarreheide ha wy allegear fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.15812
As jonge seach ik in fjûrbol wol hast sa great as in turfbak. Hy wie boven de ierde en gong nei de groun ta. It wie moai waer en it tongere of wjerljochte alhielendal net.
nl.verhalenbank.15813
Wy wennen yn in hûs yn Aldegea. Dat wie net al hielendal ôfmakke. De achterein moest der noch oan. Jouns hearden wy timmerjen op 'e souder. Mar as wy der hinne gongen wie der net in êo sjen. Letter is 't hûs ôfmakke woarn. Doe is de achterein der oan set. Dat hat it timmerjen west, dat wy earder heard hienen.
nl.verhalenbank.15811
Marten de Boer wie boer to Wergea. Ik wie by him yn 'e ûngetiid ± 1914. Doe fortelde Marten: Der wie in boer, dy hie in poep yn 't wurk. Dy poep soe in stik lân foar him ôfmeane. En dêr soe dy poep fansels in bidrach oan jild foar barre. De oare deis komt de poep by de boer en seit: "Ik heb it stuk land omsniden, boer." De boer bitelle him. Mar doe't er...
nl.verhalenbank.15869
Us beppe wenne yn Drachtster Kompenije. Beppe fortelde (1900) dat der wenne in froumins yn 'e Kompenije, dy hie de macht, dat se samar ien in protte luzen oanbringe koe. Op in snein-to-moarn roan se mei in oare frou nei tsjerke ta. Doe't dy oare frou efkes letter yn 'e tsjerkebank siet, siet se ûnder en ûnder 'e luzen.
nl.verhalenbank.11565
't Wie yn 'e tiid dat de minsken nammen krigen. Doe wie der ien, dy hie noch net in namme. 't Wie in lange fint, hy stuts wol in holle boven de oaren út. Hy sei: "Kom ik ek oan 'e beurt?" Doe knikte ús leaven Hear, en omdat er oars neat as in holle sjen koe, sei er: "Ja, kop." Doe miende dy fint dat dat syn namme wie en elkenien neamde him tonei Jakob.
nl.verhalenbank.20204
Doe't de fûgels allegear in namme en fear krigen hienen, hienen se allegear noch in bigear. De iene woe dìt noch ha en de oare dàt. Hwant sy woenen der graech allegearre tige moai útsjen. Allinne de nachtegael oppenearre him net. Dy hâldde him stil. Dy wie wol tofreden mei syn ienfâldich pakje. Mar omt er sa tofreden wie krige er 't allermoaiste geskink,...
nl.verhalenbank.20210
Us pake hie hiel slim de twaddedeiskoarts. De iene dei wie 't goed mar de oare deis wied er skjin forlegen. As er it oankommen fielde hâldde der him mei de hannen oan 'e speaken fan 'e stoel fêst, sa forlegen wied er dan. Mar dan duorre it net lang of hy koe 't net mear op 'e stoel úthâlde. Dan rekke er op bêd. Dan switte er en hy trille. Hy seach der och...
nl.verhalenbank.11542
As it net tsjernje woe, hellen de minsken Piter Poes fan Sumarreheide op. Piter Poes gong dan nei de tsjerne ta en lei der it iene of oare yn. Ik tink dat dat duveldrek of sa wie. Dan makke hy de meneuvels fan it tsjernjen. Dêr dreau hy de kwea-geasten der mei út. Hy pisse hjir en dêr del en roan om it hûs hinne.
nl.verhalenbank.11556
Dy't syn mem slacht, falle de hannen ôf.
nl.verhalenbank.12301
Dy't it net sjocht hoeft net oan kant ta goan.
nl.verhalenbank.21655
Doe't Kristus stoar, wie alles stil yn 'e natuer. Omdat se allegearre treurden. Allinne de popelier ritsele. Sûnt dy tiid kenne de popelieren gjin rêst. Sy matte altyd ritselje, as is 't ek nòch sa stil.
nl.verhalenbank.20211
Petrus is deselde dy't yn 'e hemel op 'e kaeijen passe mat. Hy is de sleutelbewaerder. Mar op in kear binne him de kaeijen ûntfallen. Se foelen krekt op in plantsje, dêr't moaije blommen oan sieten. Doe krige dat plantsje de namme fan sleutelblom.
nl.verhalenbank.20205