Yn 'e Harkema wenne in greate tsjoenster. Dat wie Alle Tet. Dy hat Klaze Maei it tsjoenen leard.
nl.verhalenbank.16956
Thomas Klare fan Houtigehage, in forneamde kaertlizter, wie in dochter fan Antsje Snipel. Tryn Snipel, in tsjoenster, ek to Houtigehage, wie in suster fan Antsje Snipel.
nl.verhalenbank.16951
In swarte kat dy't net in inkel oar kleurke oan him hat is in tsjoenster.
nl.verhalenbank.28717
Alle tsjoensters kinne har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.26248
Tsjoensters foroaren har yn katten.
nl.verhalenbank.25727
Der wie in dûmny, dy moest by in frou komme.
Dy frou gong foar in tsjoenster troch, mar de dûmny woe dêr wissichheid fan ha. Sy kom noait yn 'e tsjerke. Ha jo ek sin oan pankoeken? frege se de dûmny. Jonge ja, sei er. Doe bigong sy to pankoekbakken.
Doe't se trije klear hie, brocht se se him. Mar hy iet se net op. Doe't se wer fuort gong om mear to...
nl.verhalenbank.16893
Soms hâlde de katten in forgadering.
nl.verhalenbank.26946
Lytse Bearn (van der Veen) gong alle moarnen om fjouwer ûre yn 'e moarn nei de boer ta op it Wytfean, dêr't er arbeider wie. Hy moest dan troch de bosk, dat se nou de Bulten neame. Dêr wienen dan faek in stik of hwat katten byelkoar, dy't dêr in forgadering hâldden. Dêr wie Alle Tet ek by. (as kat)
nl.verhalenbank.17378
Pake Jan (Jan Spoelstra) smarde duveldrek ûnder 'e finsterbanken. Hy wie âld-feint. Dêr kaem nachts altyd in tsjoenster by him foar 't glês. Mar sûnt er dy duveldrek dêr brocht hie, net wer.
nl.verhalenbank.17397
Alle Tet hat hjir in hiel soad minsken bitsjoend.
nl.verhalenbank.20136
Elke tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.27006
Krintebôlle mat men noait fan in tsjoenster oannimme, hwant dat wurdt altyd bitsjoend.
nl.verhalenbank.16894
Sy dienen hjir yn 'e Harkema faek duveldrek ûnder 'e bargetrôch. Dat wie om 'e tsjoensters. Under 'e drompel hie hast elkenien duveldrek.
nl.verhalenbank.17396
In tsjoenster kin har yn alle dieren foroarje, it meast yn in kat, ek wol ris yn in geit en soms yn in koe.
nl.verhalenbank.28665
In tsjoenster koe har yn in swarte kat foroarje.
nl.verhalenbank.33650
Tsjoensters koenen har foroarje yn hinnen, hounen, katten en skiep.
nl.verhalenbank.16931
Yn Droegeham wenne in man, dy sei: "Myn wiif is in tsjoenster. Yn 'e nacht giet hja der op út. Dan haw ik in pânse njonken my op bêd lizzen."
nl.verhalenbank.28558
Jetse van der Veen wie net troud. Hy kom op in kear by syn kammeraet Aen van der Wey. Doe moest er nei 't hûske. Wylst er dêr siet, seach er foar him del nei 't hûs. Doe roan der in hiel dik swart skiep om.
Doe't er klear wie, sei er: "Aen, bist yn 'e hûs?"
"Ja, is der hwat?"
Doe wiisde Jetse him op it skiep. Aen wist net fan hwa't it wie. Doe gongen se...
nl.verhalenbank.16885
As tsjoensters der op út gean to tsjoenen, litte se de pânse achter.
nl.verhalenbank.19972
Alde Heabel wie in tsjoenster. Dy joech ús wolris in muntsje, doe't wy noch bern wienen. Mar dat smieten wy altyd fuort. Hwant sy hienen ús thús leard, as wy dat opieten, krigen wy in pod yn 't liif.
nl.verhalenbank.28789