Docht men duveldrek ûnder 'e drompel, dan kin de tsjoenster der net yn komme.
nl.verhalenbank.29320
Se kearden de tsjoensters mei duveldrek.
Yn Grinslân dienen de boeren duveldrek yn 'e waeifetten fan 'e keallen en hjir dienen se it wol by de bargen yn 'e trôgen.
nl.verhalenbank.33615
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Sy seinen altyd, dat yn 'e Harkema, dêr wenne Alle Tet, dat wie de helte fan 'e tiden in kat.
nl.verhalenbank.29314
In tsjoenster makke krânsen yn 'e kessens fan it slachtoffer.
Frânse Hinke joech de rie dy krânsen to forbrânnen.
nl.verhalenbank.33614
In tsjoenster koe har yn allerhande dieren foroarje, ek wol yn in hazze, mar meastal yn in kat. Jaring Hollander hat sa'n kat ris in lawibes jown, doe hie de tsjoenster de oare deis in seare poat. Dat gebeurde oan 'e Lange Wyk.
nl.verhalenbank.33613
Yn 'e Harkema siet Alle Tet by de lju op 'e skoarstiens, mei in wite kat by har. It wie in greate tsjoenster.
nl.verhalenbank.20486
Ik seach op in joun in lang, swart frommes gean op 'e sânwei tusken Auke Atsma en myn hûs. Doe't ik tichter oan har ta wie, wie se samar ynienen fuort.
nl.verhalenbank.34641
As de tsjerne bitsjoend wie, woe 't net bûterje. Dan moest de duvelbander komme, dy brocht de saek wer yn oarder.
nl.verhalenbank.34643
Imke de Jong koe de minsken stean litte.
nl.verhalenbank.34645
Se struiden froeger wol roggekerlen op 'e drompel. Dan koe de tsjoenster der net oer komme, seinen se.
nl.verhalenbank.21811
In tsjoenster tsjoende by de bern in krâns yn 't kessen. As dy krâns klear wie, dan wie 't bern ek dea.
As de lju in krâns yn 't kessen founen, reizgen se nei Wopke ta, dat wie de dûvelbander fan Kûkherne. Dy joech de lju dan guod mei. De krâns moest opbrând wurde.
nl.verhalenbank.29315
Durk van der Meer lei mei 't skip yn 'e haven to Eastemar, foar it hûs dêr't nou Willem de Vries wennet.
Ien fan 'e famkes rekke siik en Durk en dy fortochten Sieds Iebeltsje, dy't yn 'e keamer dêr foar oer wenne. Dy soe har fanke wol bitsjoend ha. Der sieten krânsen yn 'e kessens. Hja gongen nei de duvelbander ta en krigen it bern wer better.
nl.verhalenbank.21879
Alde Siis-Iebeltsje wenne to Eastemar op it Waltsje.
Hja wie bolrinster, mar 't wie ek in tsjoenster, seinen de lju. Der wie in siik bern by Durk van der Meer, in skipper. Dat hie hja bitsjoend. Doe binne se hinnegong en leinen duveldrek ûnder 'e planke fan 't skip. Doe kom Iebeltsje dêr net wer mei de bolkoer. Hja doarst net oer de planke, sei se.
nl.verhalenbank.36697
Se leinen froeger faek duveldrek ûnder 'e drompel om tsjoensters to kearen.
Piter Rauwerda syn heit gong ris nei Jonge Jan fan 't Wytfean ta om duveldrek. Doe sei Jonge Jan: "Dû trefst it, hy hat krekt skiten."
nl.verhalenbank.36173
Die men duveldrek ûnder 'e drompel, dan koe de tsjoenster der net oer komme.
nl.verhalenbank.28384
In âld frou yn 'e Harkema koe de duvel ta de hurddobbe út komme litte, seinen se.
nl.verhalenbank.36176
Tsjoensters ride op biezems troch de loft. Seach men in swarte kat, dêr't alhiel gjin wyt hierke oan siet, dan wie dat in tsjoenster.
nl.verhalenbank.28375
In muoike fan my - ek in skipperske hie op in joun in swarte kat oan board. Hja leinen by de draei yn Eastemar. Dy kat roun hyltyd mar wer foar 't skúfke fan it durkslûk lâns. Doe hat muoike dy kat pakt en him tsjin 'e peallen fan 'e draei oansmiten. De oare moarns roun dêr in âld minske, dat dêr wenne, mei de hân yn 'e doek.
nl.verhalenbank.31908
Alle Tet wie in tsjoenster. Twa bern fan myn suster hat se deatsjoend. Doe't se stoar gong it nuver. Sy koe mei gjin mooglikheid stjerre.
Hja stompte mar mei de holle tsjin 't bêdsket oan. Dat hat wit hoe lang duorre, it wie in griis. Op it lêst is se dea gong.
Mar it wie net in gewoan lyk. Sy is noait stiif woarn. Sy wie al sa slop as in flarde. Krekt as...
nl.verhalenbank.12273
By guon wie de tsjerne wolris bitsjoend. Dat gebeurde altyd as Lutske der west hie. Dan koenen de lju mei gjin mooglikheit bûter meitsje. Dêr woarde dan ek duveldrek foar brûkt. Sy gongen earst nei de duvelbander ta. Dat wie Hinse Jehannes de Boer, dy wenne op it Swartfean.
nl.verhalenbank.12515