Ik sei tsjin Jan Koe (= Jan de Meer): "Jou jirpels komme net op, Jan."
"Né," sei Jan, "se binne bitsjoend, ik ha se fan ien dy't tsjoene kin."
nl.verhalenbank.23872
Tsjoensters koenen har foroarje yn in kat. Janne Luts fan Drachtster Kompenije gong der yn 'e nacht op út en as se dan de oare moarns werom kom, wie har de hiele kop toklaud.
nl.verhalenbank.29407
Japik Rippert (= Jack the Ripper?) dy hat hjir omswurven. 't Wie in tsjoenster, se wienen binaud foar him, fral de froulju. Hy koe troch de slotsgatten yn 'e hûs komme. De frou fan Jan Nijboer wie sa binaud, dat as se turf helje moest út it achterhûs wei, dan roan se achterstefoar.
nl.verhalenbank.23876
Alde Gjerte Jel en Luts koenen tsjoene.
Alde Minke Germ soe de moarns to fiskjen en doe moete hy dy beiden. Se sweefden oer de dauwe hinne.
nl.verhalenbank.23877
Dy't strimen yn 'e foarholle ha, binne tsjoensters, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.23727
Foar de tsjoensters makken se in krús foar de doar. Dan koenen sy der net ynkomme.
nl.verhalenbank.21685
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
Yn Houtigehage lei in bern yn 't berneweintsje. Dêr kom altyd in swarte kat by dat bern. 't Wie in fremde kat.
Doe seinen dy lju: "Soe dat wol goed spul wêze, dat dy kat dêr altyd is?"
Sy hienen 't net sein of de kat gong fuort. Hy naeide út en sy ha him noait wer sjoen.
Dat gebeurde by ús heit en mem yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.25608
Wy hienen froeger altyd stûperse hoannen - dat binne hoannen sûnder sturt, mei prachtige kleuren - by ús hinnen.
Stûperse hoannen keare de tsjoensters, wie 't sizzen altyd.
Dêrom hienen wy se ek.
nl.verhalenbank.25860
As ien in krâns yn 't kessen hie, dan wie dyselde bitsjoend. Se seaden nuddels en spjelden yn in panne, dan kom de tsjoenster by de doar.
Neitiid sieten dy nuddels en spjelden yn 'e krânsen.
nl.verhalenbank.25888
Duveldrek is fan 'e geastlike kant. Leit der duveldrek ûnder 'e drompel, dan kin der net in tsjoenster oer komme.
Docht se 't al, dan is 't har dea.
nl.verhalenbank.23793
Alde Rikele hat wol sein, as syn wiif, âlde Myt nachts fuort wie, dan leinen allinne de yngewanten njonken him op bêd.
nl.verhalenbank.24560
In protte minsken hjir yn 'e Houtigehage hienen duveldrek ûnder 'e drompel lizzen. Dan koenen der gjin tsjoensters yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.25882
Tsjoensters foroaren har yn katten. Faek hat men bisocht sa'n kat dea to sjitten, mar dy wie noait to reitsjen.
nl.verhalenbank.37707
Gjerte Jel en Janne Luts wienen mem en dochter. Hja koenen allebeide tsjoene. Sy gongen jouns op 'e biezem sitten en sa fleagen se troch de loft. Guon ha har alris oer de wyk fleanen sjoen.
nl.verhalenbank.25880
In tsjoenster mat om 'e sawn jier ien deatsjoene. Oars giet se sels dea.
nl.verhalenbank.25174
As jo fan in tsjoenster hwat oannimme en dat ite jo op, dan kin se jo bitsjoene.
nl.verhalenbank.23878
Oetse jonges fan 'e Rottefalle forlearen altyd de lytse popkes. Sy masteren mei Frânse Hinke. Der waerd sein, dat Hinke se allegear bitsjoend hat.
nl.verhalenbank.25173
Alde Bearn van der Woude fortelde: "Ik en myn faem wienen togearre by de Bearnewyk yn Drachtster Kompenije. Wy makken plannen om to trouwen en dêr praetten wy oer.
Der wie iderkear in lyts katsje by ús, dat sei: - Miau - miau. Ik skopte him yn 'e wyk. Fierder wie der net in minske. De oare deis kom Rikele Myt by my en sei: 'Soa, soenen jim ek trouwe?'
Net...
nl.verhalenbank.23725
De minsken dienen froeger duveldrek ûnder 'e drompel, omdat se bang wienen dat âlde Janne Luts oars by har yn 'e hûs komme soe. Janne Luts wie in tsjoenster.
De bern droegen duveldrek op it boarst. Dat wie èk om har.
nl.verhalenbank.37792
De tsjoensters siede nuddels yn in panne en dan stekke se der mei yn popkes om.
nl.verhalenbank.23874