Der wenne to Twizel in boer, dy syn fé hat bitsjoend west. De dieren wienen sa meger as branhout en se joegen gjin molke mear. Se wienen altyd wyld.
Se hellen de féarts der by, mar dy koe der neat oan dwaen.
Doe wie der in gewoan mantsje, dat sei: "Jimme matte in pear flessen guod helje mei duveldrek der troch."
Dat ha se dien.
In wike of hwat letter...
nl.verhalenbank.25133
3.
Er is iemand ziek; dokters zijn er weinig. Geen nood, de mensen gaan naar de duivelbanner. Die geeft een flesje met de een of andere vloeistof mee. Maar telkens zegt hij bij het weggaan: “Denk er om; zeg onderweg tegen niemand iets; hou je flesje goed in de zak, want er kon een staan, die je t flesje wil kapot drukken.”
Dat zou dan de duivel moeten wezen.
nl.verhalenbank.46286
Myn man wie in jonkje fan fiif jier. Hy hie allegear warten oan 'e hân. Doe sei syn mem op in kear tsjin him: "Wy sille even nei master van Kammen." Dy wie doe krekt stoarn.
Doe struts myn man mei 't hantsje oer 't wang fan it lyk.
Hy is alle warten kwyt rekke.
nl.verhalenbank.36831
As der in jonge op bêd pisse (in bêdmiger) dan moest sa'n jonkje deselde deis as der in lykstaesje foarby gong op it paed pisje, deselde kant út mei de strael, dêr't de lykstaesje hinnegong. Dan wie 't bêdpisjen oer.
nl.verhalenbank.36830
Wyberen van der Meulen wie oannimmer. Dy hie in jonkje, dy hie dauwjirm. Dêr wie neat oan to dwaen. De dokter wist der gjin ried op. Doe gongen se nei Joast. Joast sei: "Liz der droege havermout op." Dat ha se dien en 't bern is genezen. Joast hie 't altyd by 't goede ein.
nl.verhalenbank.32044
Stammerige Harm wie net by 't fé fortroud. Mar der wienen ek guon dy hellem him der by om ried.
nl.verhalenbank.36540
Oene Kempenaar koe mear as in oar. Hy wenne yn Sweagerbosk. As ien hiel bot út 'e noas blette en it woe net wer ophâlde, dan rôpen se him der by. Dan sei er: "Nou mat it ophâlde, net?" En dan wie 't mei 't noasblieden dien.
nl.verhalenbank.36283
As in arbeider froeger de koarts krige, dan koed er dy soms wer kwyt wurde troch nei de klaei ta to gean.
nl.verhalenbank.17501
Ik ha by de Baersma's yn 'e tsjinst west. Alde Baersma krige 't oan 'e knibbel en dat like net sa aerdich. Hy hie twa skoansoannen. De iene wie dokter (Theo de Jager to Kollum), de oare wie doomny.
De dokter behandele de knibbel, mar 't skeat neat op. It woarde earder minder as better.
Ik kom mei âlde Baersma to praten. Ik sei: "Jo matte nei Oene ta...
nl.verhalenbank.36284
Ik haw sels ek ris by Oene Kempenaar west. Doe hie 'k myn earm forknoffele. Mar ik hie doe noch gjin fortrouwen yn syn kunsten en wurke him tsjin. Hy sei: "Dû wolst net meiwurkje, baeske, dû mast moarnjoun nochris in kear komme."
Ik kom de oare jouns wer. Hy wreau de earm, preuvele der hwat wurden by, dêr't ik neat fan forstie en ik wie wer better.
nl.verhalenbank.36285
As by ús de tsjerne bitsjoend wie, reizge mem nei greate Wopke ta. Dy joech guod mei, dat struiden se der dan yn. En dan rekke er wer oan 'e gong.
nl.verhalenbank.20785
Wie der ien bitsjoend, dan gongen se nei de duvelbander. Dat wie Wopke to Kûkherne. Dy joech in drank mei. Dan sei er: "Jim matte 't fleske goed beethâlde. En as der jim aenst ien passeart, tink der om en gean him noait foarby oan 'e kant dêr't jim it drankje ha. Ek al matt' jim der troch yn 'e sleat, dat is better as him oars passeare."
nl.verhalenbank.36338
Wy wennen by Surhústerfean op 't Ketting.
Ik hie in broer, dy wie sawn jier âld. Heit siet us in kear to roken út in hiel lange pipe. De jonge sei: "Lit my ek us smoke heit."
"Goed", sei heit, en doe liet er him in pear lûkjes dwaen.
Even letter woarde it bern sa mislik as in kat. Hy gong bûten op 'e groun lizzen en rôlle dêr om by in âld hage. Dêr rekke...
nl.verhalenbank.33742
Omke hie in dochter, dat wie noch in lyts famke, doe krige se in ûngelok en doe hie se in gat yn 'e holle. Doe teppe omke in bosk gers ôf en dat treau er yn dat gat. Doe hâldde it blieden op en it famke wie gau wer klear.
nl.verhalenbank.34600
Ik hie in suster, Griet, doe't it noch in lyts famke wie hat se ris bitsjoend west. Ik wie doe ek noch mar in jonkje. Wy wennen yn Westergeast. Griet die oars net as altyd mar gûle en raze. De tsjoenster wenne yn Westergeast. Dat die Wopke fan Kûkherne ús út 'e doeken. Wy moesten it kessen mar ris leech helje, sei er. Dat ha we dien. Dêr kaem in krâns fan...
nl.verhalenbank.32129
Myn beide jonges Jehannes en Sipke hienen doe't it fan dy jonkjes wienen, lêst fan termynsetten. Jehannes hie 't soms trije ûren oanien. De dokter hie 't ûnder bihandeling, mar dy seach der gjin heil yn. Doe bin ik nei Joast Wiersma tagien, dy't yn Jistrum wenne. 't Wie op in snein-to-moarn. Joast sei: "Jimme matte sekken mei sâlt by de jonges ûnder 'e...
nl.verhalenbank.32130
Myn frou hie in fremde sykte. Al foel der mar in leech lúsjefersdoaske fan 'e tafel op 'e flier, dan raesde hja it út.
Ik gong nei Joast Wiersma fan Jistrum om ried. Joast sei: Der is oars neat oan to dwaen as dit. Jo matte in stik duveldrek keapje en har der elke moarn en elke joun in stikje fan ynnimme litte sa great as in griene eart.
Dat haw ik dien...
nl.verhalenbank.36815
Yn 'e Falom wenne in frommiske, dat hie jierren oanien op bêd lein. Net in dokter koe har helpe. Se koe allinne mar lizze. Doe gongen se mei har nei Joast ta. Doe sei Joast: "Jimme matte in tobbe nimme en dêr fan dit guod yn dwaen. Dan fol wetter pompe." Mei beide earmen yn it wetter moest se derby lizzen gean.
"As dat gebeurd is," sei er, "mat se stean...
nl.verhalenbank.32045
Ik haw ien kend dy wie altyd nearboarstich en hie in soad lêst fan asthma. Doe ha se him de rie jown, hy moest in libbene pod op 't boarst dwaen. En dy dêr krekt sa lang hâlde oant er hielendal fordroege wie. Hy hat it dien en hy is genezen.
nl.verhalenbank.32042
Mem en dy gongen faek nei Wopke fan Kûkherne, de duvelbander yn sokke gefallen.
Der wenne ek in man yn Sweagerbosk, dat wie Oene. Dy bitaestte de minsken en makke se mei in hângebaer wer better.
nl.verhalenbank.30368