As minsken de koarts hienen gongen se wol hinne en nommen in hountsje mei op bêd. Dan krige dat hountsje de koarts. It bigoun to triljen en it woarde meger. De minsken wienen dan sels de koarts kwyt.
nl.verhalenbank.19502
Yn 'e Harkema wie in bern siik. De buorfrou sei: "Jimme matte yn 't kessen sjen, hwant dêr kin wol ris hwat út komme."
Doe ha se 't kessen iepentoarnd. Doe siet dêr in krâns yn, dy wie omtrint ticht. Doe gongen se nei de duvelbander ta. Dat wie jonge Jan fan 't Wytfean.
Jonge Jan joech in drank mei. Hy sei: "Tink der om. Underweis is der kâns dat ien dy...
nl.verhalenbank.38679
Wel een fyftich joar leden kwam hier een boer te wonen. Hy kwam uut Gelderland en hy had een wyf en in stuk of vijf kiender. 't Was een hiel aparte huusholding.
It minske was gewoan minskeschuw - se durfde met gien een te proaten en sy kwam noait tofoarskyn. En de kiender woaren net zo. Se durfden niet met andere kiender te speulen.
Moar de keardel was...
nl.verhalenbank.26979
Rikele Myt wie in tsjoenster. Dy wenne by de Skieding. Dy hat us in kear in jonkje bitsjoend. It bern hat tiden sukkele. Dokter hat it bern op 't lêst wer better makke.
nl.verhalenbank.27160
Rikele Myt wie in greate tsjoenster. Sy helle altyd wetter út 'e put by myn memme suster Trynmoai.
Doe rekke it dochterke fan Trynmoai bitsjoend. 't Bern gûlde jouns altyd, dan hie 't stumper pine. Doe gong Japik-om nei de duvelbanner ta. Hy krige guod, dêr moesten de mem en it berntsje elk fan ynnimme. En it bern moest fan 't boarst.
Doe frege Japik-om:...
nl.verhalenbank.19497
Dy't op snein geboaren is dy kin knoffelbannen lizze en dy kin ek warten ôfnimme. Doe't ik sa'n great fanke wie siet myn gesicht ûnder 'e warten. Doe kom der ris in man by ús, dy sei: "Dû mast de warten telle. Dan mast in tried krije en dêr likefolle knopen yn lizze ast warten hast. En dan mast dy tried ûnder 'e drompel lizze. Dan bist se binnen de seis...
nl.verhalenbank.25950
Us beppe wenne yn Hantumer Utbuorren. Sy hat froeger bitsjoend west. Hja wie doe noch jong. Hja hie pankoeken iten by in âld-wiif. Hja wie krekt troud mei ús pake Pier Soepboer.
Sy woarde siik. Pake gong nei Wopke to Kûkherne. It wetter fan beppe nom er mei.
Doe't Wopke dat bisjoen hie, sei er: "Hjir is in drank en nou matte jo gau meitsje dat jo thús...
nl.verhalenbank.23145
Heit hat de klaeikoarts hawn. Dy koed er noait kwyt wurde. Hy mastere der mei mei dokter, mar 't joech him neat. Hy woarde sa meger as in roek en hie der bot fan to lijen. Doe gong er op in kear nei Houtigehage, nei in sekere Piter Scheper. Piter Scheper hie him allinne mar de hân op 't skouder lein, en doe hie er sein: "Fuort - fuort -"
En doe wie heit...
nl.verhalenbank.26301
Yn 'e Pein wenne in man, dy wie mei de helm geboaren.
Dat wie Douwe Stavasius. As der ien slim siik wie gong men wol nei him ta. Dan fregen se him of er ek hwat sjoen hie. Dan kommen se to witen as de dea neiby wie of net. Hwant hy liet altyd wol hwat út. Sei er: "Gean mar rêstich nei hûs", dan bitsjutte dat [dat] der foarlopich gjin gefaer wie en hy neat...
nl.verhalenbank.27993
Piter Scheper fan 'e Houtigehage koe de minsken de koarts ôfnimme. Hy brocht it oer op in beam, seinen se. Dy beam bigong to triljen. Hy nom ek wol oare kwalen ôf.
nl.verhalenbank.26911
Us heit kom thús út Eenrum mei de klaeikoarts. 't Woe net bikomme. Doe gong er nei Anders Spoelstra ta, dat wie in boer yn Surhústerfean. Se hienen him to rieden jown, hy moest molke ha fan in feare koe, dy't op syn minst yn gjin jier in kealtsje hawn hie. Heit wie sa siik as in houn en seach der min út. Hy moest deis in healmingel fan dy molke ha. Nei...
nl.verhalenbank.27147
Myn suster hie in bern, dat hat bitsjoend west. It bern wie noait soun en sy raesde altyd. Doe gong de heit nei Frânse Hinke ta, dy wie duvelbanster yn 'e Rotfalle. Frânse Hinke sei, der sieten krânsen yn 'e kessens, dy moesten der út weihelle wurde en fornield wurde. As der trije folle krânsen yn sieten hie 't bern dea west.
Der kôm nou en dan in frou by...
nl.verhalenbank.24129
Beppe roan mei de bolkuorren foar Klaes Hellinga. Dat hat se oan har fiifen tachtichste ta folhâlden.
Klaes Hellinga hie in dochter yn 'e hûs, dy wie bitsjoend.
Doe fregen dy minsken beppe of hja wol foar dy dochter nei Jistrum ta woe nei 't boerke om guod op to heljen foar dy dochter. Hwant dy man koe wol sjen hwat it bern mankearde. Beppe koe der in...
nl.verhalenbank.26904
As jo fyk oan 'e finger ha, dan matte jo de finger yn in levende podde triuwe, krekt sa lang oant de podde dea is. Dan is de sykte oer. In kikkert kin ek. Yn trije dagen is men de fyk kwyt. Men kin de finger ek yn eigen ûntlesting dwaen. Dat die hjir in boerefrou altyd. Dan gong it ek oer.
nl.verhalenbank.27882
Doe't wy to Grins wennen kom der us in âld minske fan Rotterdam by ús. Dy wie katholyk. Dy fortelde ús, njonken har hie in jonge frou wenne. En dêr wer njonken wennen twa ûngetroude froulju. Dat wienen tsjoensters. Dy wienen nachts op in paed. Dan wienen se alhiel yn 't swart mei greate kleden om har hinne.
Ien fan dy froulju stie us op in nacht foar 't...
nl.verhalenbank.25967
47c. Welke formule werd (wordt) er uitgesproken om van de hik af te komen?
Ik hik sprouw, ik geef de hik aan jou. Ik geef de hik aan anderman die deze wel verdragen kan.
nl.verhalenbank.45588
Teegn dauwwörm was n törreldoeve in huus n goud ding.
nl.verhalenbank.43709
Welke formule wordt er uitgesproken om van de hik af te komen?
Hik sprik sprauw
Ik geef de hik aan jou
Ik geef hem aan een andere man,
Die de hik verdragen kan.
nl.verhalenbank.42496
In Milheeze wonen verschillende mensen, die genezen kunnen bij verstuiking en verbranding.
nl.verhalenbank.47592
Een frou uut Rotterdam fortelde ons, heur man was al een poaske dood. Hy kwam altyd loat thuus, toen hij nog leefde. Hij had altyd nachtdienst. 't Was een heel gelukkig houlik west. Ruzie haddn se nooit gehad.
Toen hoar man een tijdje dood was, kwam hij 's oavends weer. Elke oavend om deselfde tyd. Hy fimelde wat bij de toafel om en kwam bij hoar bêdde en...
nl.verhalenbank.27033