Alde Rikele Myt fan 'e Skieding wie in echte tsjoenster.
In suster fan ús heit hie in bern oerwoun. Dat bern bleau by pake en beppe yn 'e hûs. Op in kear wie beppe to praten by Rikele Myt. Hja naem it bern mei. It bern wie de oare deis sa siik as in houn. It is net wer better woarn, 't is stoarn. Alde Myt hie 't bern deatsjoend.
nl.verhalenbank.37779
As bern wienen wy spookbinaud foar Piter Scheper. Piter Scheper hie in arbeider, dy wenne hjir achterút. 't Wie Hindrik de Wit. Dy hie in bigge. Dy bigge hie setten.
Op in moarn kom Hindrik by Piter Scheper, doe sei Piter:
"Hwat bist let."
"Ja," sei Hindrik, "ik ha sa'n moaije bigge. Dy die 't sa bêst. En nòu wòl 't net mear. Hy hat al trije dagen...
nl.verhalenbank.25095
Tije de Haan fan Houtigehage koe knoffelbannen lizze.
Myn broer hat ris nei him ta west doe't er de pols forkloft hie.
nl.verhalenbank.36200
Piter Scheper fan Houtigehage koe de minsken de koarts ôfnimme. Hy brocht dan de koarts op in beam oer.
nl.verhalenbank.36199
As men warten kwytreitsje wol, mat men der trije freden oanien in bytsje sjerp op strike. Trije is it getal fan 'e drie-eenheid.
nl.verhalenbank.17034
Piter Scheper nom de minsken de koarts ôf. Dat wie gjin smoesje. Hy brocht de koarts op in beam oer. Dy beam gong dan letter dea.
nl.verhalenbank.27581
Myn pake wenne njonken Hinse Jehannes de Boer op it Swartfean.
Bareld Nieuwenhuis hie in koe, dêr mastere jonge Jan syn heit fan it Wytfean mei.
Mar hy krige de koe net better. It beest gong achterút. De koe wie mei it koartfûlens stean bleaun.
Pake sei tsjin Bareld: Gean mei in topke hier fan 'e koe nei Hinse ta, dy is in protte mâns by 't fé. Doe die...
nl.verhalenbank.15912
Trije drippen kattebloed ynnimme helpt ek tsjin stienswolms.
nl.verhalenbank.17408
Frânse Hinke mastere ek mei fé. Sy kommen withoefier wei, alhiel út Grinslân om rie.
nl.verhalenbank.23763
Piter Scheper koe de minsken ek geneze. Hy holp se wol fan 'e koarts ôf. Hy hat my ek ris genezen. Doe hie 'k de earm forlutsen. Dat die my rare sear. Ik gong der mei nei Piter ta. Piter bitûmke de earm hwat.
"Dêr is 't, hè?" sei er.
"Ja", antwurde ik.
"Biset is 't", sei er. En myn earm wie wer klear.
nl.verhalenbank.37770
Alde jonge Jan wie wûnderdokter, fédokter en duvelbander. Hy wenne yn 'e Harkema tsjin ús oer. Dêr kaem ris in man út 'e Westerein by him, dy hie in siik fanke meinaem yn in koer foar op 'e fyts. Dat fanke hie allegearre bulten yn 'e nekke en op 'e rêch. Dêr hie se gâns lêst fan. Dêr wie gjin dokter dy't dat geneze koe.
Jonge Jan sr. bihandele dat fanke...
nl.verhalenbank.32233
Us heit en mem wienen noch mar krekt troud. Doe rekke ús mem slim yn 'e loop en sy wie der ek noch bot koartsich by.
Der wenne op 'e Houtigehage, flak by Luchtenveld in sekere Piter Scheper.
Heit sei: "Dêr mastû hinne, dy makket dy samar wer better." Mem woe earst net, mar op 't lêst liet se har biprate.
Piter hie yn 'e skuorre lein to ierpelskiften....
nl.verhalenbank.24456
De koarts woarde ek wol biknope. De man dy't de koarts hie krige in eintsje tou fan sa'n sechstich c.m. fan deselde dy't de koarts bistride. De pasjint moest út 'e midden wei fan dat eintsje tou mei de hân nei de beide úteinen strike. Earst de iene kant, dan de oare kant.
"Sa is 't genôch", sei de genezer. Hy sette der knopen yn en goaide 't eintsje tou...
nl.verhalenbank.25097
Op in kear wie ús mem siik. Doe reizge heit nei Wapstermoune ta, dêr wenne doe in bikende kwaksalver. Heit hie mem har wetter meinom. Hy krige in drankje mei. Dat kostte fiif goune. Heit sei tsjin him: "Soe dit bate?"
Hy sei: "Gods zegen kan een hoop doen."
It holp wol. Sy is better woarn.
Doe't heit dêr siet, praette er mei in man, dy't er dêr trof.
Dy...
nl.verhalenbank.28428
Der wie hjir in man, dy hie de koarts krige op 'e Grinzer klaei. Dy koed er noait wer kwyt wurde. Doe hat Piter Scheper fan Houtigehage him der ôf holpen. Der stie in dikke iken beam achter hûs.
"Gean mar fuort," sei Piter tsjin him, "de koarts sit nou yn 'e ikenbeam."
De beam stie to skodzjen en to triljen en de man wie syn koarts kwyt.
nl.verhalenbank.25659
Bareld Nieuwenhûs syn heit dy siet fol stienwolms. Doe is er op oanrieden fan ien nei 't tsjerkhôf ta gong en hat dêr in deabonkje weihelle. Dat biskrobbe der en hy naem safolle skeapsel yn as op in dûbeltsje lizze koe. Doe hat er gjin lêst mear hawn.
nl.verhalenbank.17407
Heit syn suster wenne by 't Dwarsdjip yn in spitkeet. Auke-om dat wie har man. Sy hienen in dochter, dat wie Jantsje, dy wie hyltyd sa binaud.
Heit sei tsjin Auke-om: "Sil 'k dy sizze, wy matte foar Jantsje nei Frânse Hinke ta."
Heit en Auke-om gongen nei Rottefalle mei in himdtsje fan 't bern.
Hinke frege: "Hat it famke dêr en dêr ek hwat hawn? Hat se...
nl.verhalenbank.24447
Der kaem ris in faem by Hinse, dy hiet fan Tetsje. Sy hie de koarts en woe graech wer better wurde.
Doe sei er tsjin har: Moarnmoarne, foardat de sinne opkomt, matte jo op 'e skuorredoar skriuwe: Tetsje is net thús. Dat matte jo trije moarnen achter elkoar dwaen. Dan binne jo de fierde dei genezen. Tetsje hat dit dien en sy hat noait wer hinder fan koarts...
nl.verhalenbank.16031
Piter Claus wenne oan 'e Spekloane. Hy wie in soarte fan wonderdokter. Hy brûkte homopathyske middeltsjes.
Mar ik hie der great respekt foar. Hwat hat dy man in soad lju genezen, fral bern. Wy ha froeger noait in dokter brûkt. Wy gongen altyd mar nei Piter Claus en dy makke ús wer better.
Piter Claus fortelde ris, hy en syn soan Halbe moesten ris...
nl.verhalenbank.24454
Myn suster wenne yn Deventer. Hja wenne dêr allinne. Hja waerd siik en kom doe 3 wiken by myn dochter to opknappen. Myn dochter wennet hjir. Doe't hja wer hast klear like to wêzen, gong se wer nei Deventer werom.
Doe sei myn broer Brucht tsjin my: "Dy leeft net lang mear." In pear wiken letter wie se dea. Brucht hie har bigraffenis fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.37832