26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: genezen Place of Narration: Kollumerzwaag
Doe't wy yn 1935 trouden wennen wy by myn wiif har folk yn. Myn wiif hie har pols fordraeid mei 't waskjen. Dy pols waerd hiel dik, hja koe neat mear. Skoanmem siet der mei to wriuwen - 't joech neat. Doe dan mar út klearebare need nei Oene-om ta. Dêr hie myn wiif oars in hekel oan, se wie bang foar him. Sy doarst der net allinne hinne, dat sy naem har...
nl.verhalenbank.32344
Oene Kempenaer wie in hiel apart man. Foar syn gesicht wienen in bulte minsken bang. As hy it fé of de minsken bihandele, mompele er yn himsels en wylst seach er nei de spanten fan 'e souder. Hy sei der altyd spreuken by op, mar 't wie net to forstean. Hy hat sa in protte minsken en dieren genezen. Jy moesten net tsjin him prate, hy praette yn himsels.
nl.verhalenbank.29545
Oene Kempenaer wenne yn Sweagerbosk. Hy koe knoffelbânlizze. As ien de pols fordraeid hie, bisette hy dat en dan wie 't samar wer klear. Ek foar oare kwalen wist er middels, by minsken en by dieren. Us mem hie 't net op âlde Oene stean. Hy hie hiele rare egen yn 'e kop. Op in kear wie mem fan 't lân kaem, dêr't se oan 't wurk west hie. Doe wie dêr in...
nl.verhalenbank.29544
Dy't op snein geboaren binne, binne knoffelbânlizzers.
nl.verhalenbank.24892
Der hat ek ris ien mei in seare skonk by him west. Dy kaem op jountiid. Oene-om seach nei de stjerren en mompele hwat. De skonk genies.
nl.verhalenbank.32343
Fedde de Vries, de krudedokter fan Sandbulten, die had een tantesegger, die had een kleine pop, die was niet goed. En doe ging se daar met naar Fedde. Fedde sei: "Hest al in dat kussen sien?" Doe dat kussen open en doe kwam daar een krans út. Een frou, hier dichtbij, het 't daan. Maar se wouden er geen ruchtberheid fan hè. Fedde het haar gud geven en 't...
nl.verhalenbank.24285
In Dokkum het in dokter woond, die had een kiend, dat was ziek. Hy gaf it kiend gud, maar hij kon 't niet genezen. Doe ging hy naar Joost Wiersma to Eestrum. Hy ging der yn 'e nacht heen, hij wou 't niet foor anderen weten. Joost het it kiend genezen.
nl.verhalenbank.24286
Myn frou hie in omke dat wie in hiel fremd man, o sa rûch yn 'e mûle, by 't batske om 't ôf. Hy wie koster yn 'e tsjerke, hwat nou eins hielendal net by him paste. In neef fan my hie 't oan 'e poat. Dat hie er by 't fuotbaljen krige. Hy gong der mei nei de koster ta. Oene hiet er (de koster). Hy rekke de skonk even oan, preuvele der in mennich wurden by...
nl.verhalenbank.32341
It gebeurde ris dat der in bern van my bitsjoend rekke. Doe wenne ik hjir al. Doe ik nei Wopke ta to Kûkherne. Wopke joech my in fleske mei guod. 'k Moest der goed op passe dat it fleske net stikken rekke, sei er, hwant dat koe gebeure. As it iene of oare my tsjin 'e jas oan stompte dan gong 't fleske stikken. Healwei de Swâdde yn Twizelerheide moest ik...
nl.verhalenbank.24711
Om tsjoensters to kearen dienen de lju altyd duveldrek ûnder 'e drompel. Dêr koe de tsjoenster net oer komme. Wy hienen as bern altyd in pûdtsje mei duveldrek op it boarst, om mar net bitsjoend to wurden. Dy't bitsjoend wie, hie krânsen yn 'e kessens. Wienen der trije folle krânsen dan gong dyselde dea, dy't bitsjoend wie. As se dan nei de duvelbander...
nl.verhalenbank.29540
Ik wie al troud en ik wenne hjir in eintsje fandinne oan 'e reed. Ik hie op in jountyd nei de Triemen ta west, nei myn swager om in pear lammen dy't ik fan him kocht hie. Ik mocht froeger graech hwat handelje. Ik gong wer nei hûs en kom op 'e reed, doe wie 't yn 'e nacht, om sa'n ûre of alve, tolve. Oan dizze kant fan 't hûs wie in krimpe. Doe't ik dêr...
nl.verhalenbank.24708
As men trije krúskes op 'e wei set, kin de tsjoenster jin net pakke. Men mat noait trije kear achterelkoar 'ja' sizze op hwat in tsjoenster jin freget, hwant dan hat se jin yn 'e macht. Hat men in koarste roggebrea yn 'e bûse, dan kin gjin tsjoenster fet op jin krije.
nl.verhalenbank.24062
Der binne minsken, dy stjûre Skoppenboer fuort en dan krije se in flesfol jenever werom. It gebeurt meastal yn kroegen.
nl.verhalenbank.29546
As men hwat fan in tsjoenster oannimt, mat men it noait hielendal opite. Men mat der in hoekje fan oer 't linker skouder smite, dan komt der jin neat fan oer.
nl.verhalenbank.25368
Greate Pier wie us in kear oan 't ploeijen. Der kommen twa Hollanders oan, dy fregen him, hwer't greate Pier wenne. Doe tilde Pier de ploege op en dêr wiisde er mei nei syn hûs. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er." En doe sloech er dy beide Hollanders mei de ploege dea. (Het verhaal is met St. Hearke bij haar niet bekend)
nl.verhalenbank.24076
Wol men jin tsjin 'e tsjoensters hoedzje, dan mat men duveldrek ûnder 'e drompel dwaen. Dat is in ried fan âlde Joast Wiersma fan Jistrum. (dit lijkt mij niet waarschijnlijk, Joost Wiersma moest niets hebben van tovenarij. A.A.J.)
nl.verhalenbank.24710
By Nicolai oan 'e Wedze by Twizel stjûrden se ris in kear Skoppenboer fuort om in flesse drank. Sy dienen twa kaerten yn in blikken buske. Earst moesten se 't Opperwezen forwinskje. Ien sei sokssahwat as: 't Kin my neat fordomme, hoe't it giet, Skoppenboer hellet in flesse drank op. Boven op it buske skreauwen se hwat. Hwa hellet it? waerd der frege. Ien...
nl.verhalenbank.16991
Achter Westergeast oan 'e Wâlddyk stiet in pleats, dêr sitte de hoannebalken mei gouden pinnen yn 'e groubynten. Oaren sizze dat se mei gouden ringen fêst sitte.
nl.verhalenbank.26311
Myn skoanheit hat forkearing hawn mei in faem yn Kûkherne. Dat wie in tsjoenster. Hja hie har âlden forlern en wenne allinne op in boerespul. Myn skoanheit en hja sieten dy jouns in skoftsje yn 't bûthús - dat wie doe sa de gewoante - en hja praetten hwat en sa, en sa waerd it stadichoan letter. Doe't it in eintsje yn 'e nacht op wie, tocht skoanheit:...
nl.verhalenbank.25181
Yn 'e foarige ieu roan in man fan Koaten nei Koatstertille. Doe seach er by de plaets njonken de tsjintwurdige tsjerke by de ligusterhage in keardel stean. Wylst er tichterby kom, woarde de keardel lytser. Der kom in ljochte walmreek en de keardel foroare yn in bern. Doe kom der noch us sa'n ljochte walmreek en doe woarde it bern in houn mei de sturt op...
nl.verhalenbank.15724