Koarts kin men kwyt wurde yn in beam en op turf.
nl.verhalenbank.20467
Alde frou Reitsma fortelde ek noch, op in kear wie se op 'e fyts nei har dochter ta, dy't yn Rinsumageast wennet.
Doe't se dêr oankaem hie se sein: "Nou ha 'k ûnderweis in lykstaesje sjoen. Ik woarde fan 'e wei ôfdrukt."
Hja fortelde oan har skoandochter Roas: in eintsje fan har ôf wenne in jonge, dy wie hiel bot siik. De minsken seinen, hy koe net wer...
nl.verhalenbank.28387
Ik wie noch mar njoggen jier, doe gong ik al mei nei de Grinzer klaei ta to wjudden. Bearn Brúnje gong ek mei. Mar dy krige dêr de koarts: de klaeikoarts.
Dy koed er allinne kwyt wurde, as er wer nei 't selde plak ta gong. Dat hat er dien en hy hat der noait wer lêst fan hawn.
nl.verhalenbank.29313
Durk van der Meer lei mei 't skip yn 'e haven to Eastemar, foar it hûs dêr't nou Willem de Vries wennet.
Ien fan 'e famkes rekke siik en Durk en dy fortochten Sieds Iebeltsje, dy't yn 'e keamer dêr foar oer wenne. Dy soe har fanke wol bitsjoend ha. Der sieten krânsen yn 'e kessens. Hja gongen nei de duvelbander ta en krigen it bern wer better.
nl.verhalenbank.21879
As men koarts hie, koe men dy wer kwyt wurde troch se op in beam oer to bringen. Dan bigoun dy beam to triljen.
nl.verhalenbank.12523
Der wie us in man, dy woe Hinse tofiter ha.
It hiet, dat er mei syn wetter by Hinse kom, mar hy hie 't wetter fan 't hynder meinom.
Hinse joech him beanen en hjouwer mei om better to wurden.
nl.verhalenbank.23661
Hinse Jehannes de Boer wenne op it Swartfean. Hy wie wûnderdokter en wie in hiele bulte mâns by it fé. Men hoefde allinne mar hwat hier tusken de hoarnen fan in koe mei to nimmen, dan wist hy wol hoe't it der mei it beest foar stie.
Alle van der Ploeg fan Eastemar hie him by 't fé helle en him wer fuortbrocht. Doe't se oan it hûs ta wienen, dêr't nou...
nl.verhalenbank.20466
By ús yn 'e Houtigehage gebeurde 't froeger, dat se in pod troch 't lichem hinne stutsen mei in stôk, dêr't se in punt oan makke hienen.
Dy pod kom dan yn 't oes fan 't tek. Dêr fordroege er. Siet der wrang yn 't jaer fan in koe, dan woarde dy fordroege pod yn in stik brea birolle en sa moest de koe him dan opite. Dan woarde dy koe wer better.
nl.verhalenbank.12529
In boer op it Wytfean hie in blastige koe. Hy gong nei it Swartfean, nei Hinse. Dy joech him guod mei, mar it bikom net. Doe gong de boer wèr nei 't Swartfean. Hinse sei: "Op it stuit wjerkôget dyn koe noch net, mar astû aenst thús komste is er oan 't wjerkôgjen. En it kom krekt sa út.
nl.verhalenbank.20079
De famylje Wesbonk wenne to Ljouwert oan 'e Spanjaardsloane. Myn suster hat dêr faem west. Dêr kaem ek altyd in werkster, dat wie in troude frou. Op in kear fortelde dy werkster, dat har bern siik wie. Dat woe mar net betterje. It kwynde. Doe wie se nei in duvelbanster tagong. Dat wie Smoarge Jantsje, dy wenne to Ljouwert. Dy sei, it bern wie bitsjoend....
nl.verhalenbank.31906
To Eastemar lei in faem op it lân to jirpelsykjen. Hja hie lêst fan pine yn 'e mûle.
Doe joech in biis har de rie, hja moest nei it tsjerkhôf tagean en in rustige spiker opsykje en dy oan 'e kies hâlde, dan bikom de pine yn 'e mûle.
Hja die dat.
De jouns doe't de faem al op bêd lei, kloppe der ien by har op it glês en dy rôp al mar: "Myn spiker! Myn...
nl.verhalenbank.21740
Ien kear ha 'k yn 'e nacht in lykstaesje sjoen. Ik wie doe noch in jonge. Ik ha der lange tiid raer fan west. Mar it is by myn witen noait neikom.
nl.verhalenbank.12275
By de Heale Wei rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.21867
Ik wyt noch dat wy froeger arbeiders hienen, dy lieten noait de flaeikloppe op 'e tersk lizze. Hwant, seinen se, dan giet it fannacht op in terskjen. De kloppe hongen se foar de nacht altyd op. Mar it lêch lieten se wòl lizze.
nl.verhalenbank.12507
Alde Ealse Sijke fan Eastemar fortelde, der wienen wol berntsjes fan kant makke woarn, dy't de âlden net bigearden. Mar dan kommen dy berntsjes werom en spoeken algeduerigen. Hwant dy berntsjes koenen de rêst net krije omdat se gjin léguod meikrigen hienen.
Der moesten dan twa minsken freegje, hwat se bigearden. Dat wienen de oansprekkers. Ien...
nl.verhalenbank.21873
Doomny van Velzen fan Droegeham hie in protte fijânnen trochdat hy de wiere leare forkondige. Der ha guon west, dy woenen him deameitsje. Mar hy woarde troch Us leaven Hear biskerme. Dat gebeurde sa: Op in kear ried er yn in glêzen wein. Doe soed er nei in oar plak ta to preekjen. Underweis skuort ien de doar fan 'e wein iepen en hy wol doomny in stek mei...
nl.verhalenbank.33734
Hearke hie in bytsje buorkerije en hy hie ek in âld hynderke.
As er dan in wein fol dong laden hie en 't hynder koe de wein net út it skerngat weikrije, dan luts er de wein der sels út.
nl.verhalenbank.37618
Trape men op in pod of slak dan kom der tonger, seinen se.
nl.verhalenbank.37624
Piter Ielkes Zandstra fortelde: It wie sahwat yn 1867, ik ûngetide doe to Easterlittens. Wy hienen in wike meand, doe gong it op in swyljen. Dêr woarden forhaeltsjes by forteld. Ien fan 'e mieren fortelde:
Der wie us in feint by in boer, dy moest elke dei to melken mei it boatsje. Mar it nuvere wie dat dat boatsje elke dei hwat op in oar plak lei as dêr't...
nl.verhalenbank.21735
Op in kear wie Hearke op it lân oan 't ploeijen. Doe kaem der ien by him, dy frege: "Wite jo hwer't sterke Hearke wennet?"
"Jawol," sei Hearke, "sjoch, dêr wennet er." Doe stiek er de ploech foarút en wiisde nei 't hûs.
"En hjir stiet er", sei er.
nl.verhalenbank.37619