Doe't ik sa'n jonge wie fan tolve jier gebeurde it dat se yn 'e buert fan Ingwierrum in lûd yn 'e loft hearden. Dat wie krekt it lûd as fan in stoomboat. Letter kommen de stoomboaten pas.
Dat lûd dat se doe heard ha, dat hat in 'foar gespeustel' west.
nl.verhalenbank.27051
Myn omke hat fantofoaren de swiere auto's al heard dy't letter op 'e Grinzer strietwei kommen to riden. It wienen krekt deselde lûden
nl.verhalenbank.16517
De reddingboat is hjir kaem nei de ramp fan 1883. De minsken yn Wierum hienen him dêr ha wold. Mar dat wie net gebeurd. Dêr kaem it fan dat it dêr yn it boathús noait plús wie. Sy hearden der allerhande lûden yn.
Dêr tsjinoer wenne in âlde fiskerman, dat wie Monte Ley.
Sy sochten wjirms oan 'e hoeken - dat wie 't wurk fan 'e froulju, de wjirmdolsters - en...
nl.verhalenbank.27851
Yn 'e sechstiger jierren fan 'e foarige ieu, fortelde beppe ha de minsken yn Sweagerbosk de trein al puffen heard.
Doe wie der noch fan gjin trein sprake.
nl.verhalenbank.37365
By ús thús hearden wy froeger nachts faek de brake gean. Mar it gong fansels ek faek op in braekjen by ús.
nl.verhalenbank.19532
Us mem is ôfkomstich fan Drachtster Kompenije. Hja hat ús faek forteld, foardat de tram de Folgersterloane lâns ried nei Drachten ta hienen hja de lûden heard dy't de tram makke op 'e rails en ek hyltiten wer toet-toet-toet.
nl.verhalenbank.36674
Ik ha faek heard dat de tsjerne yn 'e nacht troch gong - dat dat sein woarde, en ek dat se yn 'e nacht de kloppen fan 'e flaljes hearden.
nl.verhalenbank.28393
In de kerstnacht om 12 uur is er muziek in de lucht.
nl.verhalenbank.45287
In pleachbeest is in houn dy't mei de earen klapt. Dy ha 'k wolris heard as ik oer de lannen roan. Dy hearre jo fan fierrens al oankommen.
nl.verhalenbank.27770
foarspoed of klopperije:
't Gebeurde wol, as wy yn 'e nacht troch Twizelerheide kommen, dan seinen wy: Hark!
Dêr bin se wer oan 't klopjen.
nl.verhalenbank.33017
Rammekens
Men seght dat op de plaets daer
Rammekens nu staet,
Cerenen zijn geweest die deden
niemandt quaet,
Maar wierden veer gehoort in
zee, wanneerse queelden,
En met haer soet geluyt als In-
strumenten speelden:
Daer woonden Najades, en niet als
Water-goon,
Men sach daer nimmer Mensch,
men hoort geen Beestentoon.
Casparum Wachtendorpium
nl.verhalenbank.47069
Op de Harste stiet in hûs: It earrebarrenêst. Dêr hearden se froeger alle nachten de tsjerne gean. En dochs wie der neat.
nl.verhalenbank.25630
Ook vertelde ze over een foekerommelpot. Dit is een varkensblaas waarmee je een bepaald geluid kon maken. Is nu via andere culturen weer te koop bij muziekwinkels.
nl.verhalenbank.42906
In Opende is 't gebeurd dat mensen in de lucht een geluut als van een tram hoorden. Maar die was der toen nog niet. Korte tijd daarna kwàm die tram er.
nl.verhalenbank.27839
Twa susters fan myn skoanheit wennen yn Surhústerfean.
Hja wienen op in joun oan 't kuijerjen, doe hearden se yn 'e fierte in lûd, krekt sa't nou de motor fan in auto jowt.
Hja hearden in ding oer de wei snuorjen, sûnder dat se it seagen. Dat hat neffens har de oankundiging fan 'e auto's west, dy't der pas folle letter kamen.
nl.verhalenbank.37395
Ik wenne yn 'e Harkema yn 'e Bosk. Ik lei jouns krekt op bêd, dan bigoun it to terskjen fan jewelste op 'e souder. Ik hie dêr hwat hjouwer. Ik gong der ôf om to sjen, mar der wie neat to rêdden. Ik roan om 't hiele hûs hinne, oeral seach ik: neat to sjen.
't Woarde Maitiid. Ik tocht: ik sil dat stikje hjouwer op 'e souder ôfslaen. Doe't ik dat dien hie,...
nl.verhalenbank.26850
By ús heit en dy hearden se earen, as se braekje soenen, fan tofoaren de lûden fan 'e brake al.
nl.verhalenbank.32955
Foardat de tram der wie, hearden se in gebolder. Dat wie de 'voorklank' fan 'e tram. 'Voorklank' is noait fan 'e wereld.
nl.verhalenbank.12264
Spookhuizen
Op een bepaalde plek bij het Slochterbos gaat het verhaal dat iemand op een nacht klompen hoorde op een grindpad. Er was echter geen grindpad bij het huis. Er las alleen asfalt.
nl.verhalenbank.42888
Der binne guon dy ha al fier fan tofoaren it lûd heard fan it lizzen fan 'e rails, doe't de tramwei fan Sumar oanlein woarde. Us mem hat de ljochtsjes fan 'e tram sjoen.
nl.verhalenbank.15708