18,046 datasets found
Dutch Keywords: geest Narrator Gender: male Place of Narration: Kollumerzwaag
In nachtmerje is in geest. Sy kin har foroarje yn in ding. It is in soart skaed. 't Binne duvelsstreken, dy't se docht.
nl.verhalenbank.16065
Der binne wol minsken, dy wolle jouns bûtendoar bislist net hwat opite fanwege de kweageasten, dy't dan warber binne. Dy har egen geane oer dat iten en dan kin 't jin wolris min bikomme.
nl.verhalenbank.26310
Ik haw kunde hawn oan in Roomse man, dy sijn broer koe alles sjen. Hy en syn broer roannen us togearre tusken Hûs ter Noord en Kollumersweach. Doe hie syn broer him beet krigen en sein: "Mast hjir even komme." Even letter sei er: "Nou kinst dêr wol wer hinne gean. Hast neat sjoen?" "Né," sei myn kammeraet, "allinne mar in mylpealtsje. Wie der dan hwat?"...
nl.verhalenbank.26313
Yn dy buert hat us ien mei de skoukarre west. Doe waerd er samar ynienen opnaem en yn 'e sleat smiten. Hy hie noait hwat sjoen. Hy fortelde 't Hindrik. Dy sei: "Dû hast dêr ien yn 'e wei roun. In geast hat dêr lâns matten."
nl.verhalenbank.26315
Yn Egypte wenne in man, dy syn wyfke forstoar, mar nei har dea kom se alle dagen by him. Hy helle de dûmny der by, dy't har oanspruts en frege hwat se bigearde. Oan dy dûmny joech se har bigearte to witen. De man foldie oan dy bigearte en it spoekjen wie dien.
nl.verhalenbank.15731
Soms dwaelden der minsken op 'e paden om dy't al stoarn wienen. Dy hienen hwat útheefd en koenen de rêst net fine. Of se hienen noch in bigearte, dy't earst yn forfulling gean moest. Ek guon dy't formoarde wienen dwelmen nachts om. Yn Kollumersweach wie in wiif stoarn, dy har man hie har min bihandele. Nei har dea kaem se hyltyd wer by dy man. Soms roun...
nl.verhalenbank.29939
By de Skilige Piip hat froeger in slot stien. Yn dat slot wenne in âlde hear. Letter is dy âlde hear formoarde en sûnt dy tiid spoeket hy dêr altyd op 'e Boppewei om, dy't nei de Falom giet. In hiel soad minsken ha him sjoen, soms op ljochtskyndei. As ien oan it ploeijen wie, koe 't gebeure, dat se de âlde hear op 'e oare ein fan it lân seagen.
nl.verhalenbank.15766
Yn 'e Westerein wenne in âld wyfke, dat koe noait sliepe. Altyd wie der nachts lawaei by har ûnder it bêd. De soan dy sei: "Nou sil ik der fannacht us sliepe." Mar doe wie 't krektsa. Doe gong de soan nei greate Wopke, de duvelbander fan Kûkherne. Hy lei him it gefal út. Wopke frege: "Sjogge jimme oerdei wolris hwat?" "Ja, om itenstiid hinne is der altyd...
nl.verhalenbank.15765
Hjir yn 'e omkriten mat us in frou west ha, doe't dy kom to forstjerren, hie se net meikrigen yn 'e kiste, dêr't se rjocht op hie. Doe koe dat minske de rêst net krije en sy oppenearre har altomets by har folk. Doe hat doomny har oansprutsen en doe sei hja hwat se bigearde. Doe ha se dat har dan jown. Mar doomny sei der by: "Tink der om, en jow 't har net...
nl.verhalenbank.25832
It gebeurt soms wol us, dat ien dy't to hôf brocht is de rêst net fynt. Dan komt er wer. Meastal mat er dan hwat ha. De doomny freget him dan wol faek hwer't er forlet fan hat. Dan neamt er dat. As men him dat jowt komt er net wer. Mar men mat goed oppasse hoe't men it him jowt. Men mat it yn in bûsdoek byelkoar rolje en in tippe fan 'e bûsdoek fêsthâlde....
nl.verhalenbank.25362
Der binne minsken, dy stjûre Skoppenboer fuort en dan krije se in flesfol jenever werom. It gebeurt meastal yn kroegen.
nl.verhalenbank.29546
As men hwat fan in tsjoenster oannimt, mat men it noait hielendal opite. Men mat der in hoekje fan oer 't linker skouder smite, dan komt der jin neat fan oer.
nl.verhalenbank.25368
Wol men jin tsjin 'e tsjoensters hoedzje, dan mat men duveldrek ûnder 'e drompel dwaen. Dat is in ried fan âlde Joast Wiersma fan Jistrum. (dit lijkt mij niet waarschijnlijk, Joost Wiersma moest niets hebben van tovenarij. A.A.J.)
nl.verhalenbank.24710
By Nicolai oan 'e Wedze by Twizel stjûrden se ris in kear Skoppenboer fuort om in flesse drank. Sy dienen twa kaerten yn in blikken buske. Earst moesten se 't Opperwezen forwinskje. Ien sei sokssahwat as: 't Kin my neat fordomme, hoe't it giet, Skoppenboer hellet in flesse drank op. Boven op it buske skreauwen se hwat. Hwa hellet it? waerd der frege. Ien...
nl.verhalenbank.16991
Achter Westergeast oan 'e Wâlddyk stiet in pleats, dêr sitte de hoannebalken mei gouden pinnen yn 'e groubynten. Oaren sizze dat se mei gouden ringen fêst sitte.
nl.verhalenbank.26311
Myn skoanheit hat forkearing hawn mei in faem yn Kûkherne. Dat wie in tsjoenster. Hja hie har âlden forlern en wenne allinne op in boerespul. Myn skoanheit en hja sieten dy jouns in skoftsje yn 't bûthús - dat wie doe sa de gewoante - en hja praetten hwat en sa, en sa waerd it stadichoan letter. Doe't it in eintsje yn 'e nacht op wie, tocht skoanheit:...
nl.verhalenbank.25181
Yn 'e foarige ieu roan in man fan Koaten nei Koatstertille. Doe seach er by de plaets njonken de tsjintwurdige tsjerke by de ligusterhage in keardel stean. Wylst er tichterby kom, woarde de keardel lytser. Der kom in ljochte walmreek en de keardel foroare yn in bern. Doe kom der noch us sa'n ljochte walmreek en doe woarde it bern in houn mei de sturt op...
nl.verhalenbank.15724
Yn 'e Koaten wenne in boer, dy syn frou kom to forstjerren. Op in kear gong hy de wei út, doe roan se njonken him. Hy sei: "Gean mar werom; ik wyt wol hwerst' om komste." Doe hat er datjinge dien, hwat er salang neilitten hie.
nl.verhalenbank.15730
Guon ha in toverboek. Dat ha se fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.25195
Yn Driezum wie ris in man overleden, dy hie in read plakje op 't wang. Doe sei syn frou: "Sa lang dat reade plakje dêr sit wol ik him net bigraven ha." Njoggen wiken lang hat dat sahwat duorre, sa lang siet dat reade plakje dêr. Doe is dy man wer bykaem. En doe hat er noch in pear jier leefd.
nl.verhalenbank.37368