Ik haw in boer kend, dy wie troud. Mar syn frou stoar. Hy hie har foar har dea biloofd, hy soe net wer trouwe. Mar hy krige wer in frou.
Mar as hy der mei syn twadde frou op út soe mei de tilbry en sy spanden it hynder yn, dan stie de earste frou al ré by de takkebult. Dy woe èk mei.
Sy koe de rêst net krije omt hy him net oan syn bilofte hâlden hie.
nl.verhalenbank.22779
Der woarde froeger altyd sein, yn it east fan Garyp roan in fôlle om mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.23094
Froeger wenne der yn 'e Westerein yn Garyp, yn it hûs dêr't Taeke Wagenaar wenne hat, in man, dy wie mei de helm geboaren. Der woarde soms by him op it rút kloppe. Dan gong dy man der út en hy frege ek net hwat it wie. Even letter kom er wer yn 'e hûs. Dan sei er:
"Wy krije binnenkoart ek wer in deaden yn Garyp."
"O ja?" sei syn wiif.
"Ja," sei er, "ik...
nl.verhalenbank.21091
Myn beppe dy wenne op 'e Tike. Dy sei: "It is noait liker as slagge se altyd mar op izer om, krekt as rollet it iene izer oer 't oare hinne." Hja hearde it nachts op bêd. "Toe Teade," sei se dan tsjin pake, "hear dû ek us." Mar pake dy hearde it net.
Letter is de tram dêr lâns kom. Dy hie krekt itselde lûd as dat hja heard hie.
nl.verhalenbank.21090
Yn 't east fan Garyp spoeke by nacht ek altyd in dikke houn om. Dêr wienen de lju bang foar.
nl.verhalenbank.23095
Op in snein-to-joun siet ik mei myn âlden en ús heit syn broer by de tafel to iten. 't Wie sahwat sawn ûre.
Doe wie 't ynienen allegear lawaei. Der woarde timmere en mei planken en stiennen smiten. Wy hearden 't allegear hiel dúdlik en woarden der kjel fan.
Doe't wy nei 't bûthús gongen om to sjen, stienen de kij allegearre oerein, dy hienen 't èk heard,...
nl.verhalenbank.23097
It is al hiel lang lyn, doe wenne ik op 'e kooi ûnder Garyp. 't Wie yn 'e nacht. Ik lei op bêd en hie lyk as altyd de kleden iepen. Doe seach ik samar ynienen hiel dúdlik in wei, dêr't auto's lâns tuften. Der wie doe hielendal noch net in wei.
Mar dy wei is der kom: de Bolderenwei, en dêr tuffe nou alle dagen de auto's lâns. Dit ha 'k sels sjoen en dat...
nl.verhalenbank.21333
Frijmitselders binne ûnbigryplike wezens. Sy kinne sweve en ha noait jildkrapte. De duvel hat se yn 'e macht.
nl.verhalenbank.22799
Myn âldste suster hie nou fiif en sauntich jier west. Hja wenne njonken it café fan Kielstra.
Heit en dy hienen in krêbbe yn 't bêdsté, dêr sliepte ús Pytsje yn. Altyd om deselde tiid yn 'e nacht, tusken ien en twa ûre, bigoun it bern forskrikkelik to jammerjen en to razen. Se koenen har noait stil krije, sa angstich en sa binaud wie 't bern.
Doe kom âlde...
nl.verhalenbank.21092
Us heit fortelde, der hie op 'e Tike in minske wenne, dy hie by har libben bigeard, as se ienkear dea wie, dan woe se mei in wyt-mûtse op yn 'e kiste lizze. Har folk hie har dat biloofd, mar der letter noait wer om tocht. Hja woarde sûnder wyt-mûtse op biïerdige.
Mar in dei of hwat letter, doe't de lju al op bêd leinen, woarde der by harren kloppe. Doe't...
nl.verhalenbank.21093
Hjir yn Garyp hat in bakkerij stien, as se dêr de ovensdoar ticht dienen, dan gong dy altyd fansels wer iepen.
Net ien wist hoe't dat siet. Sy hearden wolris hwat yn 'e nacht. Dat wie dan de ovensdoar.
nl.verhalenbank.22798
As se in spûksel tsjin kommen, seinen se: "As't fan 'e Heare is, sprek dan. Ast fan 'e duvel is, stom dan."
nl.verhalenbank.23096
't Wie yn 'e winter. Guon wienen op 't iis op 'e Burgumer Mar. Doe hearden se in stem: De tijd is verschenen, de man is er niet. In skoftsje letter is dêr in reedrider op dat plak yn in wek fordronken.
nl.verhalenbank.23092
Alde Melle Tsjibbe, dy syn wiif wie ek in tsjoenster. Dy foroare har yn in kat. Op in kear ha se dy kat mei de pook slein. Doe wie 't âld-wiif de oare deis kreupel.
nl.verhalenbank.21336
Wy ha yn Gariperheide wenne. Doe't de tram der noch net wie, hearde ús mem de lûden al. Sy hearde him oer de rails hinnegean.
nl.verhalenbank.22788
As bern woarde ús forteld, as wy hwat opieten, dat in tsjoenster ús joech, dan krigen wy in pod yn 't liif. Om dy kwyt to reitsjen, moest men safolle griene sjippe en in stik of hwat spjelden en safolle wetter dêr op mei elkoar siede. Dan moest men dat focht dêr ôf dreagje. En dan moest men fan dat focht nou en dan hwat opdrinke. Men woarde dan bot...
nl.verhalenbank.21096
Yn Sigerswâld (ûnder Garyp) wie in dobbe yn 'e kampen foar Siger Hoekstra.
Pim fan Syberens Baeije seach altyd in âld-minske út dy dobbe kommen. Dy woarde ek sa wer wei.
nl.verhalenbank.22789
Doe't heit noch net troud wie, woarde er siik. Dokter wist net hwat him skeelde. Doe toarnden se 't kessen iepen. Doe siet der in krâns yn. Dy wie hast klear. Dy krâns woarde opbrând en heit woarde wer better. Hy wie bitsjoend.
nl.verhalenbank.17108
Yn Sumar wenne in âld bolrinster, dy hie har komst altyd by minsken, dy hienen in lyts famke. De bolkoerrinster hie aerdichheit oan 't famke, tominsten sa bearde se en sy woe it lyts bern elke kear op 'e skoat ha. Dan hie se altyd har hân by 't boarst yn en dan tsjoende se mei dy hân ûnder 'e klean om. As se dat dien hie, dan stuts se it bern de finger yn...
nl.verhalenbank.21337
Der kommen us guon by in man dy wie op 't lân oan 't ploeijen. Dy fregen him nei Sterke Hearke. Dy man tilde de ploege op mei ien hân en sei: Dêr wennet er. Mei de oare hân wiisde er op 't boarst en sei: En hjir stiet er.
nl.verhalenbank.23093