659 datasets found
Dutch Keywords: gedaanteverandering Place of Narration: Houtigehage
Tsjoensters foroaren har yn katten. Faek hat men bisocht sa'n kat dea to sjitten, mar dy wie noait to reitsjen.
nl.verhalenbank.37707
Op Feansterheide wenne Sander Hoeksma. Dy syn wiif wie siik. Doe kom der de nachts in swarte kat yn 'e hûs. Sander der ôf. Dy skeat dy kat. De oare deis hie âlde Rykele Myt in eech der út. Hja hie mar ien eech mear. It wie sa dúdlik as hwat. Rikele Myt wie in tsjoenster. Dy hie har yn in kat foroare en Sander hie har it each útsketten.
nl.verhalenbank.24559
Tsjoensters kinne har yn katten foroarje. It binne altyd moai lange katten, dik en grou. It binne gjin swarte en ek gjin bûnte, mar grauwe. As sa'n kat der op út is to tsjoenen, leit de tsjoenster stil en wezenloas op bêd. Dan is der gjin leven yn. In tsjoenster bitsjoent foaral bern. Ek wol froulju noait manlju. Hja tsjoenst krânsen yn 'e kessens, dêr...
nl.verhalenbank.24246
In swarte kat dy't net in inkel oar kleurke oan him hat is in tsjoenster.
nl.verhalenbank.28717
Alle tsjoensters kinne har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.26248
Rikele Myt wie in biruchte tsjoenster, nei't se seinen. Hja wenne op 'e Skieding. Dy foroare har faek yn in kat.
nl.verhalenbank.27269
In tsjoenster kin har yn alle dieren foroarje.
nl.verhalenbank.27271
Die zelfde man heb ik hore zegge, dat de koekoek in een sperwer verandert in 't najaar.
nl.verhalenbank.70073
Elke tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.27006
To Eastemar wenne in tsjoenster, dy foroare har yn in kat nou en dan. Op in kear ha se de kat mei in stien smiten. Doe wie de tsjoenster de oare deis kreupel. (Wie 't Siis Iebeltsje?)
nl.verhalenbank.37613
In tsjoenster foroare har yn in kat. Sa'n kat gong altyd ta de skoarstien út.
nl.verhalenbank.26990
De tsjoensters foroaren har faek yn katten. Soms hâldden dy katten meimankoar in forgadering. Dan sieten se yn in rountsje. De iene raesde hurder as de oare.
nl.verhalenbank.28574
Je had ok van die mensen, die geloofden aan de weerwolf. Da was zo. Ze dachte, die of die kon schielijk van een hond een mens worden. Da was zo erg, d'r ware mense die beweerde, ze hadde de weerwolf gezien.
nl.verhalenbank.126350
Yn 'e Harkema wenne in frou, dy foroare har yn in hountsje. Dat fleach dêr dan bûten om en dan kifte it sa'n hiele joun.
nl.verhalenbank.38701
In tsjoenster kin har yn alle dieren foroarje, it meast yn in kat, ek wol ris yn in geit en soms yn in koe.
nl.verhalenbank.28665
Tsjoensters koenen har foroarje yn hinnen, hounen, katten en skiep.
nl.verhalenbank.16931
Tsjoensters foroarje har yn katten. As katten hâlde se ek forgaderingen op in stik lân achter de buorren. Dan sjonge se. De dikke boarre hat dêrby de lieding.
nl.verhalenbank.22063
Yn Grinzer Pein hawwe se alris in kat slein en doe hie in âld-minske, dêr tichteby, de oare deis in seare earm.
nl.verhalenbank.26991
En ik heb ok nog een man gekend, een eigenaardig mannetje, een typisch mannetjie en dat mannetjie geloofde vast en zeker, hij dacht dat as die een appel in een blommevaas dee, dat d'r dan na verloop van tijd een pad uitkwam[1]. [1]in Jaarsveld
nl.verhalenbank.70264
't Gebeurde ek, dat der ien in drankje helle hie fan 'e duvelbander. Doe moest er ûnderweis út 'e broek. Wylst er dêr siet, kom der in hazze oanrinnen en dy fleach tsjin 't drankje oan. Doe rekke 't drankje stikken, dat doe moest er werom. Dy hazze hat de tsjoenster west.
nl.verhalenbank.26342