De duvel kin him yn in kat of in houn foroarje.
nl.verhalenbank.29648
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.24683
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje, mar ek yn in ein.
nl.verhalenbank.24868
Auke Douwes Veenstra wenne yn Earnewâld. 't Wie in boer, hy wenne flak by 't hotel Princenhof. De frou fan Auke Douwes koe tsjoene. Sy foroare har yn in ein. Forskate bern hat se bitsjoend. Dan fleach sa'n ein yn 't wetter in stikhinne oan dy minsken ta. Sa'n ein koenen se net reitsje. Dy wie kûgelfrij.
nl.verhalenbank.24869
Tsjoensters kinne har yn in kat foroarje, wurdt der sein. Hja tsjoene krânsen yn 't holkessen.
nl.verhalenbank.25244
Jehannes Wytske wie in tsjoenster yn 'e Houtigehage. Tije Luts wie ek in tsjoenster. Dy koe har foroarje yn in kat.
In tsjoenster mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se sels dea.
nl.verhalenbank.22924
Doe't wy to Smelle Ie wennen kom der ris in skipper by ús. Dat wie Durk Bekker. Dy fortelde ús, hy lei ris mei 't skip op 'e rûmte. 't Wie yn 'e nacht en noch gjin tolve ûre.
Hy moast der ôf, hwant der wie in freesliken geraes yn 't foarûnder. Doe't er dêr hinne gong en seach, wienen it dêr allegearre katten, dy bieten yn elkoar om. Hy lei der hwat lûken...
nl.verhalenbank.32696
Der wie ek ien, dy wenne yn 'e Parken (ûnder Grinzer Pein). Dat wie in âlde stroper. Alde Gjertsje wenne net sa fier fan him ôf. Gjertsje wie in tsjoenster.
Flak by har yn 'e buert stie hwat moes (= boerekool). De stroper fortelde: "Dêr gong ik hinne to skilderjen by nacht. Ik lei dêr mei 't gewear to wachtsjen. Ja, dêr kom de hazze by 't moes. Rjocht by...
nl.verhalenbank.25408
Dy stroper fortelde ek: "Sa'n dikke, swarte protte, sa hipte se fan 'e iene pôlle op 'e oare. Dan wie se oan 't tsjoenen.
Sa seach ik har wol gauris."
nl.verhalenbank.25409
Tsjoensters foroarje har yn katten en as katten hâlde se wolris in forgadering. Sy fleane op biezemstokken troch de loft.
nl.verhalenbank.25477
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Wy hienen froeger ien by ús, dat wie Rikele Myt, dy koe spoekje.
Ien wie troud mei in dochter fan Myt. Dat wie in evenredige keardel, dêr't alhiel gjin kwea by siet.
Dy sei fan Myt: "Dat wiif - ik haw har it eech út 'e kop slein. Ik siet to matteweven by de spitmuorre. 'k Siet yn 'e hûs. Ik tocht: - hwat in...
nl.verhalenbank.25406
Yn 'e buert fan Aldegea hat in bakker wenne. Dy moest wit hoe faek in nije feint ha, hwant alle feinten gongen by him dea.
Op in kear, doe hied er wer in nije feint krige. Dy wie op in joun yn 't bakhûs. Doe wienen der samar fjouwer katten by him kom. De bakkersfeint wie net bang.
De katten seinen tsjin elkoar: "Sille wy him mar wippe yn 'e suortsjettel?"...
nl.verhalenbank.24870
Wy wennen froeger op 'e Feansterheide.
Alde Jiske Wyts wenne flak achter ús. Dat wie in tsjoenster. Dy woe ús as bern altyd graech oanhelje, mar dat mocht net, dêr warskôge heit ús altyd foar.
Us Antsjemoai woarde siik. Der kom wol us in dikke kat by ús. Doe't dy der wer us wie, krige heit de tange en sloech him dêr mei. Doe hie dy kat in brutsene poat....
nl.verhalenbank.25212
In swarte kat dy't net in inkel oar kleurke oan him hat is in tsjoenster.
nl.verhalenbank.28717
Alle tsjoensters kinne har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.26248
Rikele Myt wie in biruchte tsjoenster, nei't se seinen. Hja wenne op 'e Skieding. Dy foroare har faek yn in kat.
nl.verhalenbank.27269
In tsjoenster kin har yn alle dieren foroarje.
nl.verhalenbank.27271
Die zelfde man heb ik hore zegge, dat de koekoek in een sperwer verandert in 't najaar.
nl.verhalenbank.70073
Elke tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.27006
To Eastemar wenne in tsjoenster, dy foroare har yn in kat nou en dan. Op in kear ha se de kat mei in stien smiten.
Doe wie de tsjoenster de oare deis kreupel. (Wie 't Siis Iebeltsje?)
nl.verhalenbank.37613