Rikele Myt wie in biruchte tsjoenster, nei't se seinen. Hja wenne op 'e Skieding. Dy foroare har faek yn in kat.
nl.verhalenbank.27269
In tsjoenster kin har yn alle dieren foroarje.
nl.verhalenbank.27271
Yn 'e Harkema wenne in frou, dy foroare har yn in hountsje.
Dat fleach dêr dan bûten om en dan kifte it sa'n hiele joun.
nl.verhalenbank.38701
Ik ha wolris sizzen heard dat der minsken binne, dy't har yn in houn foroarje kinne.
nl.verhalenbank.25270
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. As se der op út is, leit har pânse op bêd. As se dêr yn pripkje, dan is de tsjoenster dea.
De tsjoensters hâlde soms forgaderingen. Dan foroarje se har earst yn katten. Dan binne 't krekt in keppel bern en dan prate se hiel drok mei elkoar. Dan bisprekke se ûnder elkoar hwa't se bitsjoene matte.
nl.verhalenbank.28519
Yn Grinzer Pein wienen minsken, dêr kom al us in kear in fremde kat. De man sloech der op. Fuort dêrnei hie Rikele Myt in iepene holle. Myt koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.25508
Us folk wenne op 'e Houtigehage. Ik wie sa'n acht jier âld.
Ritske van der Meer kom wolris by ús om in jounpraetsje. Dan hienen se 't meastal oer spûkjen. Ik wyt noch, dat Ritske ris in kear fortelde:
"Ik hie in kear fuort west en ik stapte op hûs yn. Doe kom der in dikke houn njonken my lâns. Ik seach nei him, en ik liet him stil gewurde. Mar doe wie 't...
nl.verhalenbank.25327
Jehannes Wyts koe har foroarje yn in wite kat. Ritske, myn broer, hat us in wite kat om 'e dobbe hinne rinnen sjoen. Ut dy dobbe helle Jehannes Wyts it wetter. Op in joun kom Ritske thús fan 't stropen.
Doe siet dy wite kat dêr by de dobbe.
Ritske hie syn hountsje losmakke en sei: "Pak dy kat!"
Mar 't hountsje doarst net nei de kat ta. Hy wie deabinaud....
nl.verhalenbank.25297
Heit (Thomas Bruining) roan út Doezum wei nei de Smellinger Pein ta nei de faem. Op 'e weromreis by't Rottefalster tsjerkhôf wie hwat yn 'e homeije. Heit moèst der nei sjen. It like dan wer op in hynder, dan op in fôlle, dan op in aep. Hy koe 't net útmeitsje hwat it wie. Mar hy wie net bang en roan der hinne om to sjen. Doe't er him omkeare woe, koed er...
nl.verhalenbank.17648
In swarte kat dy't net in inkel oar kleurke oan him hat is in tsjoenster.
nl.verhalenbank.28717
Alle tsjoensters kinne har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.26248
Die zelfde man heb ik hore zegge, dat de koekoek in een sperwer verandert in 't najaar.
nl.verhalenbank.70073
Elke tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.27006
To Eastemar wenne in tsjoenster, dy foroare har yn in kat nou en dan. Op in kear ha se de kat mei in stien smiten.
Doe wie de tsjoenster de oare deis kreupel. (Wie 't Siis Iebeltsje?)
nl.verhalenbank.37613
In tsjoenster foroare har yn in kat. Sa'n kat gong altyd ta de skoarstien út.
nl.verhalenbank.26990
De tsjoensters foroaren har faek yn katten.
Soms hâldden dy katten meimankoar in forgadering. Dan sieten se yn in rountsje. De iene raesde hurder as de oare.
nl.verhalenbank.28574
Je had ok van die mensen, die geloofden aan de weerwolf. Da was zo. Ze dachte, die of die kon schielijk van een hond een mens worden. Da was zo erg, d'r ware mense die beweerde, ze hadde de weerwolf gezien.
nl.verhalenbank.126350
In tsjoenster kin har yn alle dieren foroarje, it meast yn in kat, ek wol ris yn in geit en soms yn in koe.
nl.verhalenbank.28665
Tsjoensters koenen har foroarje yn hinnen, hounen, katten en skiep.
nl.verhalenbank.16931
Tsjoensters foroarje har yn katten. As katten hâlde se ek forgaderingen op in stik lân achter de buorren. Dan sjonge se. De dikke boarre hat dêrby de lieding.
nl.verhalenbank.22063