Tsjoensters koenen har foroarje yn katten, seinen se.
nl.verhalenbank.24599
Alle Tet foroare har nou en dan yn in sware kat. As men de kat omseame, dan wie Tet even letter bont en blau.
nl.verhalenbank.16891
Wij hadden een grote ouwe kater. Die was grijs. "Dat is een toverheks", zei mijn buurvrouw. "As die bij ons door 't raam heen kiekt, dan brandt de melk aan. As hij er niet is, gaat 't goed."
nl.verhalenbank.27085
Vroeger werd hier een verhaal verteld as je 's aves een zwarte kat langs de weg zag lope en je gaf 'm een klap, dan kon je de volgende dag een vrouw hier uit Goudriaan tegenkomme met d'r arm in een doek.
nl.verhalenbank.70287
Der wie in frommeske dat wie Joukje. Dat wie in tsjoenster. Dy hie rúzje mei in oar frommeske. Doe foroare se har yn in kat en doe toklaude se dat minske. Mar dat minske sloech dy kat tsjin 'e poaten. Doe briek der in poat fan dy kat.
De oare deis seach dat minske âlde Joukje net. Sy frege har buorfrou: "Hwer is Joukje?"
De buorfrou sei: "Dy leit op bêd,...
nl.verhalenbank.28576
Op 'e Bulten is 't ris gebeurd dat se in fremde kat in mep tsjin 'e kop oan jown ha. De oare deis hie Alle Tet in blau plak oan 'e holle.
nl.verhalenbank.28560
Op 'e Godloas Singel spûken swarte katten om. Guon doarsten dêr net lâns, hwant dy katten, dat wienen tsjoensters.
nl.verhalenbank.30528
Tsjoensters foroaren har yn katten. Faek hat men bisocht sa'n kat dea to sjitten, mar dy wie noait to reitsjen.
nl.verhalenbank.37707
De duvel kin him yn in kat of in houn foroarje.
nl.verhalenbank.29648
Ik ha wolris sizzen heard dat der minsken binne, dy't har yn in houn foroarje kinne.
nl.verhalenbank.25270
Trapet men op in pod, dan komt der swier waer. Wy mochten in pod noait dea meitsje.
Guon sizze: in pod is in tsjoenster. Dy't in apel fan in tsjoenster kriget en opburget yn in tromp en der in dei of hwat letter nei sjocht, hat dan in pod yn 'e tromp sitten.
nl.verhalenbank.28794
Tsjoensters foroaren har ek wol us yn hounen, net allinne yn katten.
nl.verhalenbank.19922
In tsjoenster kin har yn alle beesten foroarje.
nl.verhalenbank.24487
In tsjoenster foroare har yn in kat. Knjillis Boorsma syn mem wie in tsjoenster. Sy wenne hjir flak neist.
Beppe sei: "Wy gongen der jouns wolris hinne to sjen.
Dan sieten der in stik of acht, njoggen katten op 'e naed fan 't hûs. 't Wienen allegear groubonte katten. Ien fan dy katten ha se us in reis jown, doe hie dat minske de oare deis in blau eech.
nl.verhalenbank.26905
Tsjoensters foroaren samar yn katten.
nl.verhalenbank.32140
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.24683
In wjerwolf, dat wie hjoed in minske, moarn in dier.
nl.verhalenbank.19963
Ik heb wel is gehoord van een vrouw in Nieuwpoort, in 't Achterland, d'r zwom een kikker in 't Achterland en die kon z'n eige erges in verandere. Maar waar in, dat weet ik niet meer.
nl.verhalenbank.69362
As men trije krúskes op 'e wei set, kin de tsjoenster jin net pakke.
Men mat noait trije kear achterelkoar 'ja' sizze op hwat in tsjoenster jin freget, hwant dan hat se jin yn 'e macht.
Hat men in koarste roggebrea yn 'e bûse, dan kin gjin tsjoenster fet op jin krije.
nl.verhalenbank.24062
Der binne minsken, dy stjûre Skoppenboer fuort en dan krije se in flesfol jenever werom. It gebeurt meastal yn kroegen.
nl.verhalenbank.29546