704 datasets found
Dutch Keywords: duivelbanner Place of Narration: De Tike
As der froeger ien bitsjoend wie, gongen se nei de duvelbanner ta. Dat wie yn 'e regel Piter Poes fan Sumarreheide. Dy kom op 'e hounekarre delsetten. Hy lei duveldrek om 't hûs hinne en by de paden en op 'e drompel.
nl.verhalenbank.32652
As de tsjerne bitsjoend wie, dan woe der gjin bûter komme. Dan hellen se Piter Poes fan Sumarreheide der by. Dat wie de duvelbander, dy't de saek wer yn oarder brocht.
nl.verhalenbank.32604
Op 'e Sumarreheide wenne in duvelbander. Dat wie Piter Poes. Dy gong rounom hinne dêr't de saek bitsjoend wie. As Piter Poes kom, koenen de tsjoensters neat mear útheve. Hy lei yn de regel in bytsje rogge foar de drompel fan 'e doar del. Der koe net in tsjoenster oer komme, hwant rogge is heilich.
nl.verhalenbank.29455
Hinse Jehannes de Boer wenne op it Swartfean. Hy wie sokssahwat as féarts. Mar hy wie ek duvelbander. 't Wie in hiele raren. Hy hie in forboun mei de duvel. Op in kear hied er by in boer by 't fé west. Dêr hied er ôfgryslike bot omflokt. Letter kom er siik thús en hy hie gjin klean mear om 'e lea hawn. Syn klean hienen yn 'e toppen fan 'e beammen hong op...
nl.verhalenbank.32605
Op 'e Leijenskant woarde âlde Hindrik Heddema bitsjoend. Ien fan 'e famyljeleden gong nei Kûkherne ta om Wopke op to heljen. Wopke biloofde dat er komme soe. Hja hienen by Hindrik Heddema in hage foar de glêzen lâns en dêr stie in hekje yn. Oan 'e westkant wie ek in hage. Achter hûs wie ek in hekke. Wopke sei: "Jimme matte in groppe grave, fóár 't hek en...
nl.verhalenbank.24099
I. De duivel 5. Zijn U bepaalde personen bekend, die als duivelbanner of duivelbanster worden geraadpleegd? In welke gevallen gebeurt dat? In de vorige eeuw was er iemand in de buurtschap Rook onder Hardenberg. “de Russe” genaamd en een zekere “Jans van 't Venne” te Vriezenveen.
nl.verhalenbank.127211
Alde Hinse Benedictus, dat wie Piter Claus syn skoanheit. Dy wie duvelbander en wenne op it Wytfean.
nl.verhalenbank.25925
I. De duivel 5. Zijn U bepaalde personen bekend, die als duivelbanner of duivelbanster worden geraadpleegd? In welke gevallen gebeurt dat? Rond 1850 schijnt er in onze streken iemand geleefd te hebben als duivelbanner dit staat echter niet vast. Het wordt verteld door zeer oude mensen, die dit weer van hun ouders gehoord zouden hebben.
nl.verhalenbank.127304
Ik ha wolris heard, dat hjir op 'e Tike nachts in greate swarte houn tahâldde, dy't by de minsken kom, mar dêr wyt ik it rjochte net fan.
nl.verhalenbank.32600
Der binne ek wol gatten yn huzen of yn hagen dy't se noait ticht hâlde kinne.
nl.verhalenbank.24089
As men hwat fan in tsjoenster opiet, dan koarre men slangen en skobben út.
nl.verhalenbank.24102
Tsjoensters kinne har yn allerhanne dieren foroarje. Guon komme troch 't kaeisgat.
nl.verhalenbank.24103
Yn Hurdegaryp stiet in greate homaeije. 't Is in izeren hek. Dat hek stiet altyd op. Myn wiif komt fan Hurdegaryp. Sy gong to naeijen, doe wie 'k noch net mei har troud. Doe praette ik us mei har oer dy homeije. Dokter Bontekoe wenne dêr yn dat slot. Sy sei, dy homeije, dy gong altyd fansels iepen. Dy koenen se net ticht hâlde. Guon hienen de wacht der...
nl.verhalenbank.24088
Rypke Paulusma fan de Tike kom altyd mei de koarts werom fan 'e Grinzer klaei. Dat neamden se de klaeikoarts. Knjillis Wytses fan Sumar hie dêr in âld resept foar, dat tige holp: Sy moesten har eigen wetter drinke, dan wienen se de koarts kwyt.
nl.verhalenbank.32601
Se seinen froeger altyd: nim noait in apel of in par fan in tsjoenster oan, hwant dy foroaret nei in setsje yn in pod of in kikkert. Om in tsjoenster to kearen brûkten se duveldrek. Alle tsjoensters kinne fleane.
nl.verhalenbank.32603
Krige men in apel of in woartel fan in tsjoenster en men lei dy ûnder in kop, dan wie 't de oare moarns in pod of in kikkert.
nl.verhalenbank.24101
Der wienen minsken dy wienen net by 't fé fortroud. Dan woarde it fé siik.
nl.verhalenbank.24100
Gjert Dalstra (= Lytse Kei) fan 'e Tike wie in frijmitseler. Hy hie him oan 'e duvel forkocht foar in wikseldaelder. Dy wikseldaelder hied er yn in koer en dy koer hong oan 't ûleboerd. Dat ûleboerd wie net ôfmakke woarn. Op in pear plankjes nei. Lytse Kei hie noait forlet fan jild. Alle Maitiden gong er nei Zoutkamp, nei in boer op 'e klaei op 'e bou.
nl.verhalenbank.32602
Frijmitselders hâlde nou en dan in forgadering yn in gebou. Sa't se der yn geane matte se der ek wer út, dus achterstofoar.
nl.verhalenbank.32612
Knjillis Wytses fan Sumar wie in tige forneamde wûnderdokter. Us mem hie fochte tusken de fingers, dat kom der hyltyd út en dat waerd almar slimmeroan. Op 't lêst krige se 't ek op 't boarst, dat fochte. Doe heit nei Knjillis Wytses ta. Hy sei tsjin heit: Sy mat de hannen alle wiken yn séwetter waskje, krekt sa lang oant se wer better is. Doe lieten wy...
nl.verhalenbank.32606