As der froeger ien bitsjoend wie, gongen se nei de duvelbanner ta. Dat wie yn 'e regel Piter Poes fan Sumarreheide.
Dy kom op 'e hounekarre delsetten. Hy lei duveldrek om 't hûs hinne en by de paden en op 'e drompel.
nl.verhalenbank.32652
As de tsjerne bitsjoend wie, dan woe der gjin bûter komme. Dan hellen se Piter Poes fan Sumarreheide der by. Dat wie de duvelbander, dy't de saek wer yn oarder brocht.
nl.verhalenbank.32604
Op 'e Sumarreheide wenne in duvelbander. Dat wie Piter Poes.
Dy gong rounom hinne dêr't de saek bitsjoend wie.
As Piter Poes kom, koenen de tsjoensters neat mear útheve.
Hy lei yn de regel in bytsje rogge foar de drompel fan 'e doar del. Der koe net in tsjoenster oer komme, hwant rogge is heilich.
nl.verhalenbank.29455
Hinse Jehannes de Boer wenne op it Swartfean. Hy wie sokssahwat as féarts. Mar hy wie ek duvelbander. 't Wie in hiele raren. Hy hie in forboun mei de duvel.
Op in kear hied er by in boer by 't fé west. Dêr hied er ôfgryslike bot omflokt. Letter kom er siik thús en hy hie gjin klean mear om 'e lea hawn.
Syn klean hienen yn 'e toppen fan 'e beammen hong op...
nl.verhalenbank.32605
Op 'e Leijenskant woarde âlde Hindrik Heddema bitsjoend. Ien fan 'e famyljeleden gong nei Kûkherne ta om Wopke op to heljen. Wopke biloofde dat er komme soe.
Hja hienen by Hindrik Heddema in hage foar de glêzen lâns en dêr stie in hekje yn. Oan 'e westkant wie ek in hage. Achter hûs wie ek in hekke.
Wopke sei: "Jimme matte in groppe grave, fóár 't hek en...
nl.verhalenbank.24099
Alde Hinse Benedictus, dat wie Piter Claus syn skoanheit.
Dy wie duvelbander en wenne op it Wytfean.
nl.verhalenbank.25925
In pleachbeest, dat wie in soart fan houn mei in greate grouwe sturt. Hy wie swart en hy kreupele en hy seach hiel gleon.
Alde Jelle Hoekstra fortelde, hy hie us op in snein-to-joun nei 't Wytfean nei de faem ta west. Op 'e Swarte Wei tusken Wytfean en Eastemar wie der in pleachbeest út 'e wâl kom, dy smiet him oan kant.
nl.verhalenbank.27865
Der wie in man dy woe yn 'e tilbry nei Ljouwert ta. Hy sei tsjin syn frou: "Wolst èk mei? Hwant de prins dy komt yn 'e stêd, dy wol 'k sjen."
De frou sei: "Né, it past my net. Ik mat hjoed himmelje."
Dat, doe gong dy man der allinne op út.
Underweis stie der in mynhear oan 'e kant fan 'e wei. Dy frege of er mei ride mocht.
Dat koe mei alle wille. It wie...
nl.verhalenbank.27870
Op in joun wienen wy as bern mei beppe bûtendoar. Doe sei beppe tsjin ús: "Hear us hoe't it der dêr oan wei giet." Wy hearden earst neat, mar doe't wy ús goed nei harkjen setten, doe hearden wy ek dúdlik dat der timmere en klundere woarde en sa nou en dan wie 't klets. Krekt as woarde der mei planken en balken smiten. Letter kom op dat plak in plaets to...
nl.verhalenbank.27864
Us mem fortelde: Leffert mei syn lome lea
sloech sawn yn ien slach dea.
Dat wienen sawn protters, dy hienen nessele yn it geramte fan in hynstekop. It wienen twa âlde protters en fiif jongen. Dy hie Leffert yn ien slach deahoud.
nl.verhalenbank.27872
Lytse Kjille wie kaertlizter op 'e Gordyk. Hja hie sawn katten, dêr praette se mei. As se mei de katten praet hie, sei se tsjin ús hwat ús to wachtsjen stie.
nl.verhalenbank.27866
Yn Nyegea op 'e Hegewei dêr binne us in pear âlde minsken formoarde woarn. Letter spûke it dêr. Dan wienen der nachts altyd lûden om 'e doar. 't Iene lûd wie hwat swierder, 't oare hwat lichter. (Dat wienen de lûden fan de beide formoarde âlde minsken.) De minsken dy't op dat spul kommen to wenjen wienen op 't lêst stjerrend binaud. Sy binne der wei gong...
nl.verhalenbank.27867
Us beppe dy seach us in wylde lantearne yn 'e Wierren.
Letter kom der op datselde plak in boereplaets to stean.
nl.verhalenbank.27863
Myn man hie in suster dy hie in jonkje, dat hiet fan Bokke. Dy wie nei myn man neamd. It bern wie sa soun as in fisk.
Hy wie fjouwer jier, doe droomde ik op in nacht. Wylst ik op bêd lei seach ik in hiele bigraffenis. It wie Bokke dy't stoarn wie. Ik seach de kiste, de krânse, de skoalbern, de skoalmaster, alles seach ik. 't Wie yn 'e neinacht, yn...
nl.verhalenbank.27862
De minsken leinen hjir duveldrek ûnder 'e drompel, om gjin lêst to hawwen fan tsjoensters.
nl.verhalenbank.27869
By minsken tichte by ús heit en dy siet in krâns yn 't holkessen. Jouns wie der altyd in swarte kat om 'e doar by harren. Sy ha dy krâns út it kessen helle en dy krâns ha se forbrând.
Wylst fleagen de katten by de glêzen op. 't Wienen allegear katten. In skoft letter is ien fan 'e âlde minsken dy't tichteby wennen overleden. 't Gebeurde op 'e Tike.
nl.verhalenbank.27868
Piter Scheper wenne oan 'e Folgersterloane, tichte by Drachtster Kompenije. Hy wie duvelbander. Mar sy kommen ek by him as se de hannen forknoffele hienen of in finger út it lid of sa. Piter sette se dan wer.
nl.verhalenbank.16137
Piter Scheper (1871-1951 A.A.J.) wenne op Luchtenveld (Houtigehage). Hy wie in duvelbander.
nl.verhalenbank.25596
I. De duivel
5. Zijn U bepaalde personen bekend, die als duivelbanner of duivelbanster worden geraadpleegd? In welke gevallen gebeurt dat?
Een kwaaie oude vrouw noemde men hier:“olle duvelbanner.”
In Surhuisterveen woonde voor jaren een duivelbanner. Werd men op de een of andere manier door de duivel bezocht dan ging men van Oldehove naar Surhuisterveen...
nl.verhalenbank.127195
Frânse Hinke wie duvelbander yn 'e Rottefalle. Dy hie gâns oanrin.
nl.verhalenbank.36165