Ik haw in âlde Egbert Witteveen kend, dy kom noch út 'e famylje fan Sterke Hearke. Dy wie al in ein oer de tachtich, doe brocht er in kroadfol dong mei in dikke kop der op troch de buorren hinne nei 't lân ta.
nl.verhalenbank.28842
Fokke hie in jirappelbult. Dêr waerd gauris fan stellen.
Doe frege Fokke de plysje, of hy sels wol mei de dieven rêdde mocht. Mar dat stie de plysje net ta, hwant hy wie sa sterk, dat er syn eigen kracht net iens koe.
nl.verhalenbank.38338
Ik hie in buorman, dy fortelde my, der wie in boer, dy hie in faem. Dy faem koe net in feint krije.
Doe waerd it merke en dêr woe hja hinne.
Doe't it joun woarde, sei se: "Nou krij 'k joun in feint, as wie it de duvel ek."
Mar hja krige dy jouns net in feint. Doe gong se nei hûs ta. 't Wie sahwat acht ûre, it iten wie dien.
Doe kaem der in hearskip oan....
nl.verhalenbank.38312
As ien bitsjoend is, mat men him nei de teannen sjen. Dan sit dêr skimmel tusken.
nl.verhalenbank.28840
Ien dy't op it stjerbêd hwat oan him hie, dat op snein naeid wie, dy koe net ta stjerren komme
nl.verhalenbank.22160
Twa kooplju út 'e Westerein wienen om handel út. Hja rieden yn in auto oer de ôfslútdyk en doe kommen se by in café.
Dêr stoppen se en kochten in kop kofje.
De kastlein sei: "Kooplju?"
"Jonge ja", seinen se.
"Is der noch hwat to finen?" frege de kastlein.
"'t Is sykjen," seinen se, "wite jo soms noch hwat?"
"Hjir wie juster in man, dy hie in pear moaije...
nl.verhalenbank.28459
As in tsjoenster dea is, is 't in slap popke. Us mem hat yn 1918 mei de Spaenske gryp in tsjoenster ôflein. Se woarde net stiif en bleau like slap as in flarde.
nl.verhalenbank.10688
Dêr't de swel syn nêst bout, dêr komt gelok.
Dêr't de earrebarre tahâldt, ek.
nl.verhalenbank.22148
Tusken Harkema en Surhústerfean by de feart, sahwat by Buma, ha se trije kear 'Help!' roppen heard. Mar dêr wie net in minske to sjen. Letter is dêr de frou fan Marten Veenstra yn 'e feart rekke. Dat wie sahwat sawn, acht wiken letter. Dy is dêr doe forsûpt. Dat minske hat doe ek om help roppen.
nl.verhalenbank.10677
Op in kear doe hienen wy ús hûs forkocht. Mar wy hienen noch net in oar hûs, dat wy wisten net, hwer't wy de maeijes komme soenen.
Hiltsje kaem by my. Wy wennen doe noch oan 't Wyldpaed. Hja woe wite of wy al wer in hûs hienen.
"Hast al plak?" frege se my.
Ik sei: "Né. Kei is der om fuort. 'k Wyt net hoe't it komt."
Kei bleau wei. Hiltsje gong op 't lêst...
nl.verhalenbank.22014
To Grins kochten Ymke en Auke en Wytse in pakje tabak foar in dûbeltsje. Ymke bitelle de man. Hy lei de sinten op 'e toanbank del. Mar doe't de man se krije soe, leinen der gjin sinten.
Ymke sei: "Nou opgepast. Nou sil 'k se jo yn 'e hân dwaen."
Hy lei se de man yn 'e hân, mar doe't er him omkearde wie de hân leech.
Sokke kueren hied er altyd. De man hat...
nl.verhalenbank.22028
Op 'e Nije Wei tusken Twizel en Twizelerheide roun in strûpte fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.34474
Us mem wenne yn Twizelerheide. Op in middei hearde se in swier gebrom yn 'e loft. It minske woarde sa bang dat hja sprong op 'e kop yn 'e dobbe. 't Wie foartsjirmerije.
Trije dagen letter hienen jo itselde gebrom wèr yn 'e loft. Mar doe wie 't in luchtskip: de Zeppelin. It lûd wie doe noch dúdliker. It gong fan noardoast nei súdwest.
nl.verhalenbank.34460
Japik Ingberts wie in greate dief. Dy stiel alles by elkoar.
Hy hie ris wer hwat bidreaun. Doe sochten de plysjes him mei hynder en wein. Hja sochten him tusken Ljouwert en Burgum. Mar hja koenen him net fine. Doe wie dêr in man op 'e wei west, dat like in foarname hear. Hy hie in hege hoed op hawn, it like wol in doomny. Dy mynhear hâldde de plysjes oan...
nl.verhalenbank.28707
By kaertlizters yn Ljouwert hienen se in swarte spegel. As in manspersoan dêr yn seach, woarde hy de frou gewaer, dêr't er mei trouwe soe.
nl.verhalenbank.27391
Yn 'e Westerein wenne Sterke Dedde. Dy ried mei in tsiiswein Grinslân yn en sliepte nachts by de boeren.
Op in joun kom er wer ris by in boer.
De boer sei: "Soenen jimme ek even mei nei 't lân kinne? De bolle is út it lân brutsen en is by de melke beesten."
De boer en syn folk hienen al in pear kear prebearre de bolle dêr by wei to heljen, mar de bolle...
nl.verhalenbank.27385
Sterke Hearke siet in kear yn in stik lân. Dêr hied er hwat to dwaen. Doe wie der in keardel by him kom. Dy frege: "Hwer wennet Sterke Hearke?"
Doe hie Hearke de kroade yn ien hân beet krigen. Sa hied er him optild en rjocht foar him útstutsen. En doe hied er 't plak oanwiisd, hwer't er wenne.
nl.verhalenbank.27384
In apel fan in tsjoenster foroare yn in pod. Iet men sa'n apel op dan krige men in pod yn 't liif en dan gong men dea, wie 't sizzen.
Se seinen froeger: "Net op in pod of in slak traepje, hwant dan bigjint it to tongerjen."
nl.verhalenbank.27390
Op in kear kuijere heit de wei del by nacht. Doe stie der ynienen in skime foar him. It wie in macht.
Doe spriek heit de wurden út:
"Bistû fan 'e Heare, kom nader ta my.
Bistû fan 'e duvel, wyk fan my."
Doe wie 't foar him wykt. 't Hie de duvel west. Dit gebeurde hjir yn Twizelerheide.
nl.verhalenbank.28712
Hjir yn 'e buert hat in tsjoenster wenne, dat wie in man.
Dy ried by 't simmer oer 't wetter hinne op redens.
Mei lange streken ried er oer de feart lâns.
nl.verhalenbank.28706