Om tsjoensters to kearen dienen de lju altyd duveldrek ûnder 'e drompel. Dêr koe de tsjoenster net oer komme. Wy hienen as bern altyd in pûdtsje mei duveldrek op it boarst, om mar net bitsjoend to wurden.
Dy't bitsjoend wie, hie krânsen yn 'e kessens. Wienen der trije folle krânsen dan gong dyselde dea, dy't bitsjoend wie. As se dan nei de duvelbander...
nl.verhalenbank.29540
Beppe wenne to Feanwâldsterwâl. Dêr wie in bern siik. Dêr kaem altyd in swarte kat om 'e doar rinnen, dat wie de tsjoenster dy't it bern bitsjoend hie. De buorfrou sei: Tink der om, dat en dat âld minske, dy docht it. Dy makket jimme bern siik. Jimme matte in krús fan rogge meitsje ûnder 't kleedtsje by de drompel, dan kin se der net yn komme.
It bern hie...
nl.verhalenbank.31286
Alde Jan Bearns van der Veen wenne yn 'e Mieden by de Bûtenpostumer feart. Hy hie in bern, dat wie net goed. Doe gong er nei greate Wopke ta. Dy wenne yn Kûkherne. Wopke joech him in drank. Hy sei: "Tink der om, dû mast aenst om in peal hinne. Dan komt der in kot by dy en dy wol by dy opspringe. Dû mast om 't fleske tinke."
Sûnder dat Jan der erch yn hie...
nl.verhalenbank.22761
Oege wie arbeider by in boer. Dy boer hie twa sike hynders, dêrom stjûrde er Oege nei greate Wopke fan Kûkherne, de wûnderdokter en duvelbander. Hy joech Oege hier mei fan 'e sike hynders, mar ek hier fan in oar hynder, dat net siik wie. 't Wie yn 'e winter en 't iis dat hâldde, dat Oege ried op redens nei Kûkherne. Wopke biseach de trije soarten hier en...
nl.verhalenbank.31584
Yn in boerespultsje ûnder de Ham rekke in bern siik. It bern tsjirme, dat wie skoan oan 't bern to sjen. Hoe't de dokter der ek mei omplastere, it joech allegear neat. It bern bleau in harterke, ja it kopke biklonk hoe langer hoe mear.
Doe sei de buorman tsjin 'e heit fan dat bern: "Dû mast opjaen fan dokterjen. Der skeelt dat bern oars hwat. Dêr hat in...
nl.verhalenbank.15782
4.14.
Al weer naar Nunen toe, maar nou is 't grootmoeder's niet, nou is 't m'n tante. In de Beekstraat in Nunen woont Arjaan Rijkers, toen ter tijd tenminste, en die kwam 's thuis van zijn werk en de buurvrouw die klaagde zo: de koei stond zo te toeten, en d'r man was niet thuis en zelf mocht ze niet buiten komen en ze kon geen voejer gaan maaien.
Toen...
nl.verhalenbank.44321
Heit hat as lyts jonkje bitsjoend west. Doe wenne er op 'e Gariperheide. Hy wie soms sa slop, dan koenen se him oprolje as in skûdeldoek en dan wied er wer krekt sa stiif as in stôk. En it gong altyd op in gûlen. Doe gong pake nei Piter Poes ta, dat wie de duvelbander fan Sumarreheide.(^ ± 1900), mar dy wenne doe noch yn de Ham. Pake krige in drankje fan...
nl.verhalenbank.19783
“It sil sa njonkenlytsen wol in hûndert jier forlyn wêze,” sei pake, “dat dizze skiednis gâns opskuor joun hat yn Boalsert. Mâl, hoe 't jaloerskens en vergunst in minske op 'e doele hinge kinne. Der wennen hjir op it Heech in pear fikse jonge minsken, man en frou, mei in flink tal bern. Fikse bern, goed út 'e kluten woeksen en soun as in fisk. Allinne it...
nl.verhalenbank.50544
Yn Sumar wenne in boer, dy hie in fanke, dat wie bitsjoend. Doe gong dy boer foar dat gefal nei greate Wopke fan Kûkherne, de duvelbander. Doe sei Wopke tsjin him. Dyn fanke sit ûnder in kweade macht, in hiele sterke macht. Dêrom jow ik dy nou gjin drankje mei, hwant dêr komstû dochs net mei thús. Dû mast nei hûs tagean en hjir wer komme mei in glêzen...
nl.verhalenbank.30318
Mem har âlders wiene boer op “Strûpenkeal” in pleats oan de “âlde Rien”, in wetter, dat rint fan mids de Geeuw oan ’t Easthim. De pleats leit sawat midden yn e trijehoek tusken Drylts, Folsgeare en Ysbrechtum.
Ticht by de pleats lei in slúske. Op de boaijem fan dat slúske, der ’t se it wetter út rinne litten hiene, slûken se. Dêr waerden keallen strûpt en...
nl.verhalenbank.47025
Oan 'e Houtigehaechsterwyk wenne in tsjoenster. It wie Jan Mulder syn frou, Luts fan Ritske Ale.
Njonken harren wenne in húsgesin, dêr wie 't jongste bern siik fan. 't Wie in jonkje. Dat woe net groeije, it tsjirme.
't Kin wolris bitsjoend wêze, seinen se en se gongen nei de duvelbander ta. Dy sei, hja moesten alles tsjuster meitsje yn 'e hûs, dat se...
nl.verhalenbank.37461
Op 'e Skilige Piip dêr stie in slot. Dêr wenne in rike skevel op. Doe't dy âld wie tocht er: Nou leef ik net lang mear. Hy hie in protte jild en dat die er yn in kiste. Doe gong er op in ezel sitten en de kiste mei jild naem er mei. Dy kiste mei jild hat er doe yn 'e groun bidobbe.
Letter ha der wit hoefolle minsken west om dy kiste der út to heljen. Mar...
nl.verhalenbank.38246
De Olde Tooverhekse
't Was 'n olde vrouwe. Op 't ooge leek ze wel tachentig jaor. Zee leup mit 'n stokkien, 't heufd bijnao op de grond.
Zee woende moederziele alleen in 'n klein huttien van paolen, stroo en heideplaggen, dat 'n heel ende buten 't dorp stond.
Gien boer wol heur in huus hebben en gien minsche kwam bij heur; want zee kon tooveren!
Nou is...
nl.verhalenbank.34862
Zijn U verhalen bekend over mensen, die de duivel gezien hebben of omgang met hem hebben gehad (met hem gedanst hebben, met hem kaart hebben gespeeld), of kent U andere verhalen, waarin de duivel een rol speelt?
Gelieve elk verhaal te noteren op een afzonderlijk blad papier en in elk verhaal duidelijk aan te duiden hoe de duivel voorgesteld wordt (met...
nl.verhalenbank.14806
6.1. Casteren, 1560
Een boer, die vijf jaar ziekelijk was geweest, raadpleegde iemand (een duivelsbanner?), die hem zei, dat hij betooverd was. De schuldige zou 's anderen daags iets uit zijn huis komen vragen; dit moest hij weigeren; – daarna iets uit zijn tuin, en dit moest hij 'om Godswil' geven. Toen er nu werkelijk een oude vrouw iets kwam vragen,...
nl.verhalenbank.44462
Tusken Hijum en Finkum leit de Iestdyk. Hjir wei yn 't earste hûs wenne in húshâlding mei in jonge.
Dy jonge neamden se altyd Wâtse Klop, mar hy hiet fan Wâtse Stienstra.
Op in kear wie dy jonge yn Hallum. Dêr haldde in âlde frou him oan en dat âld minske joech dy jonge in koekje. Hja sei, de jonge moest dat koekje allinne opite. Dat die dy jonge ek.
Mar...
nl.verhalenbank.30113