17,722 datasets found
Dutch Keywords: duivelbanner Narrator Gender: male
Ik hie trije bargen, dy rekken siik. As se op it iten tafleagen, krigen se in set. It wie dúdlik, dat se bitsjoend wienen. Doe ik nei Úlke Duvelbander ta. Dy die duveldrek ûnder 'e trôch, mei brea der by. Hwant brea is heilich, hè? Ek kaem der in fleske mei duveldrekswetter yn 'e tine, dêr't de bargen út dronken. Doe dienen wy 't hok fêst. Net ien koe doe...
nl.verhalenbank.16108
Wy wennen op Feanwâldsterwâl en hienen trije bargen yn 't hok. Elke dei kom der in âld wiif by ús om in kopfol wetter om thé fan to setten. Doe woarden de bargen siik. Wy dienen duveldrek ûnder 'e trôch, mar dat joech neat. Doe nei Joast Wiersma to Jistrum. Dy joech in blau fleske mei guod mei, dat moest ûnder 'e troch dien wurde. Op in moarn kom 't...
nl.verhalenbank.16156
Piter Scheper wenne oan 'e Folgersterloane, tichte by Drachtster Kompenije. Hy wie duvelbander. Mar sy kommen ek by him as se de hannen forknoffele hienen of in finger út it lid of sa. Piter sette se dan wer.
nl.verhalenbank.16137
As men nei de duvelbander ta west hie om drank en men roun oer de Houtsjepaden (= Skeltepaden) by Bouwekleaster (ûnder Harkema), dan rekke dêr de drank altyd stikken.
nl.verhalenbank.20238
It gebeurde wol dat manlju de trêddedeiskoarts hienen. Dan gongen se nei de duvelbander ta. Dy frege: "Ha jim nei de klaei west?"
nl.verhalenbank.20588
Iemke de Jong hat Tseard van Dekken us stean litten op Hamster merke. Tseard wie in raren. Hy is wol us smiten woarn troch de kweade.
nl.verhalenbank.20239
As de tsjerne bitsjoend wie gongen se nei de duvelbander. Sy krigen guod fan him, dat woarde yn 'e tsjerne goaid.
nl.verhalenbank.27540
Wopke fan Kûkherne, de duvelbander, krige in kear preses. Dat dienen de dokters him oan. Doe sei er tsjin 'e dokters: "Hwat jimme by dei noch net iens sjogge, dat sjoch ik by nacht."
nl.verhalenbank.19914
As de tsjerne bitsjoend wie hellen se Piter Poes der by. Piter Poes wie de duvelbander fan Sumarreheide.
nl.verhalenbank.23120
I. De duivel 5. Zijn U bepaalde personen bekend, die als duivelbanner of duivelbanster worden geraadpleegd? In welke gevallen gebeurt dat? Als jongen liepen er wel verhalen van “duvelbeender” (duivelbinders). Bv: “Bij een diefstal ging men naar den duivelbinder, die dan de schuldige noemde.
nl.verhalenbank.127092
De duvelbander joech duveldrek mei of in drankje. As jy duveldrek yn 'e bûse hienen koe de tsjoenster jin net bitsjoene.
nl.verhalenbank.37352
I. De duivel 5. Zijn U bepaalde personen bekend, die als duivelbanner of duivelbanster worden geraadpleegd? In welke gevallen gebeurt dat? Niet in Bellingwolde. (In 't begin dezer eeuw was er wel een in De Knijpe bij Heerenveen. Ik was toen van 1 Jan. 1901 - 1 Jan. 1904 Hoofd der openbare school te Blokzijl; de man van mijn schoolschoonmaakster is er...
nl.verhalenbank.127295
I. De duivel 5. Zijn U bepaalde personen bekend, die als duivelbanner of duivelbanster worden geraadpleegd? In welke gevallen gebeurt dat? Bijlage Yn myn jonge jierren sawhat 1890, al rom 60 jr. li(d)en, gongen der wol minsken nei 'n “froede” frou yn De Rottefalle. De namme wie(r) Hinke; de man hjitte Frans Hoekstra. Hinke died mei oan it skoalle...
nl.verhalenbank.127240
As it net tsjernje woe gongen se nei âlde Evert om ried. Dy wenne oan 'e Readtsjerkerdyk. It wie in soart duvelbanner.
nl.verhalenbank.36606
Ik ha 't faek sjoen, dat ús hynder de nachtmerje hawn hat. It hynder hie in hynstedek oer, dat wie noch fan ûnder tsjinst wei. 't Wie fêstknope fan alle kanten en 't wie oeral ticht, mei in gat foar de kop, dat dy der troch koe. Ek foar 't boarst wie 't fêst. Dat allinne in minske koe 't los krije. 't Hynder siet ek noch mei in ketting oan 'e balke fêst....
nl.verhalenbank.16063
Alle hounen wienen skruten foar Piter Poes. Al wienen 't nòch sokke lulke hounen, se soenen him noait hwat dwaen.
nl.verhalenbank.32316
Hjir yn 'e Sweach ha hiel faek krânsen yn 'e kessens west. 't Wienen bolfoarmige dingen mei allegear jern der yn. 't Wie fierder allegear fear. Yn fierwei de measte gefallen gongen se dan nei Wopke fan Kûkherne om rie.
nl.verhalenbank.16052
Der kom ris ien út Burgumerheide om in drankje by Wopke to Kûkherne. Hy gong mei it drankje werom op 'e B'heide yn en nom doe in paed, dêr't er by om in hekke hinne moest. Doe bruts it drankje. Hy gong werom nei Wopke ta en sei: "It drankje is stikken rekke." Doe sei Wopke: "Ja, dat is dêr en dêr gebeurd by de hekke. Mar ik hie tsjin dy sein, datst dêr...
nl.verhalenbank.16495
Ien fan sawn famkes út ien húshâlding is in nachtmerje. Ien fan sawn jonges út ien húshâlding is in duvelbander.
nl.verhalenbank.29710
Ik hie hjir in omke oan diz kant it spoar. 't Wie Japik-om. Dy hie hwat buorkerije en in winkel. Oan 'e oare kant it spoar wenne in âld minske, dat helle alle jounen molke by Japik-om wei. Dan gong se mei Japik-om yn 't bûthús. Dan bifielde en bitaestte se alle seis bisten en dan sei se: "Hwat is dat in moaijen ien en hwat is dat in prachtich bist." Sa...
nl.verhalenbank.17359