704 datasets found
Dutch Keywords: duivelbanner Place of Narration: De Tike
Omke Jelle gong us mei de jonges nei de Earnewarren, dêr't er yn 't wurk wie. "Matte jim us sjen," sei er, "hwat stiet dêr? Dêr stiet in plaets. Hoe kin dy dêr nou kom wêze?" Mar der stie net in plaets. Net earder as in jier letter, mar hy hie him dêr fan tofoaren al stean sjoen.
nl.verhalenbank.27196
Om nachtmerjes to kearen sette men de skuon of de klompen omkeard del. Dat die myn broer altyd.
nl.verhalenbank.24104
Ymke hie ek us in bierglês, dat sette er op 'e tafel del. Dat wie ek by Mooiweer. Doe krige er in pakje kaerten en dy die er yn 't bierglês. Doe neamde er in kaert by de namme. Litte wy mar sizze Hartenaes. Doe sprong hartenaes ta 't bierglês út. Doe neamde er in oaren ien. Dy sprong der ek ta'n út. Earst de kaerten mei de nûmers, doe dy mei printsjes. Op...
nl.verhalenbank.24110
Doe't wy jong wienen ha wy wol us foar de swarte spegel stien.
nl.verhalenbank.24111
Wy hawwe buorlju hawn, dy hienen wolris lêst fan tsjoenderij. Dy hienen altyd in pûdtsje mei rogge op 't boarst.
nl.verhalenbank.24105
Heit hearde it timmerjen op in plak yn 'e Sumarreheide. Letter ha se op datselde plak in hûs boud.
nl.verhalenbank.27197
Der kom ris in man by Knillis Wytses, dy siet alhiel ûnder 'e pûkels. Hy hie in bulte lêst fan jokte. Dan toklaude er him en dan gongen dy pûkels iepen. Hy hie der rounom mei mastere, ek to Ljouwert, mar nergens baet foun. Doe kom er dan by Knjillis Wytses. "Kin dit wer better?" frege er. "Wis wol," sei Knjillis Wytses, "kom mar mei yn 'e tún." "Sjoch,"...
nl.verhalenbank.32607
Op 'e Deltike hat in âld minske wenne, dat wie de widdou Tiekstra. Dy roan sa bot foaroer, dat sy kom hast mei de holle op 'e groun. Dy hienen in dochter, dy tsjinne yn Grou by de boer. Dat fanke krige dêr forkearing. Mar dat stie de âlden net oan, dy woenen 't net lije dat se mei dy feint trouwe soe. Doe forwachte hja in bern. Doe doarst se net thús to...
nl.verhalenbank.32639
It Barra-hûs is in boereplaets, net sa hiel fier fan Ljouwert ôf. Op in kear wie de boer útfanhûs. De feint hie dêr al jierren wenne. Dy soe salang op it hûs passe. Hy hie in gewear fan 'e boer mei kûgels, dy mocht er brûke yn gefal fan gefaer. Doe kom dêr in frommes. 't Wie in kuorkerinster en de feint joech har in pantsjefol thé yn 'e hûs. Even letter...
nl.verhalenbank.27208
Ik haw in slangekoaning sjoen by de Hearrewei. Hy droech in kroantsje op 'e kop. Ik wie der fjûrbinaud foar.
nl.verhalenbank.32611
Tsjoensters tsjoene krânsen yn 'e kessens. Dêr sit altyd fan alle soarten jern yn. Hja matte sawn krânsen meitsje.
nl.verhalenbank.24098
Us heit hat fantofoaren de tram op 'e Sumarreheide sjoen. "Sjoch us," sei er, "sokke gleone ljochten rinne dêr." Doe wie der fan in tram noch gjin sprake. In jier letter hearden se earst oer in Belgyske maetskippij praten, dy't de tram oanlizze soe. Letter kom de tram der; doe seagen se deselde gleone ljochten by joun.
nl.verhalenbank.27195
Ik ha wol us nei lytse Kjille west, de wiersizter fan 'e Gerdyk. 't Kom allegear út hwat se sei. "Krijst aenst in houn", sei se. "Dy byt dy fjouwer piken dea." 't Wie ek sa. "Wolst ek wol wer in frou ha," sei se, "mar dû krigest noait ien wer. Der binne oars fjouwer op dy forleafd." "Trije", sei 'k. "Ja," sei se, "mar de fjirde komt fan 'e wike." 't Wie...
nl.verhalenbank.24113
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje. Ien fan sawn soannen is in wjerwolf.
nl.verhalenbank.24107
De nachtmerje hat faek flechtsjes yn 'e moanjes fan myn hynder makke. Dan makke it hynder in ôfgryslike leven. Ik ha der wol fan út bêst [bêd?] west. Dan stie it dier to switten op 'e stâl. Mar de nachtmerje wie altyd fuort.
nl.verhalenbank.24106
Froeger wienen der guon, dy koenen soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte.
nl.verhalenbank.24112
Op 'e Hearrewei roan nachts altyd in swart frommes om. It wie in spoek. In protte doarsten de Hearrewei by nacht net del, sa bang wienen se dêr foar.
nl.verhalenbank.32599
To Hurdegaryp by Bennema-state wie in hekke, dy koenen se net ticht hâlde. Dy gong altyd út himsels wer iepen.
nl.verhalenbank.32610
Japik Ingberts hâldde in wedstriid mei de gemeente Ljouwert. Hy moest rinne tsjin in hynder oan 'e Greate Wielen ta. Woan er it, dan krige er in slompe jild. De hurddraver moest it forlieze, Japik Ingberts woan it.
nl.verhalenbank.27209
In pleachbeest, dat wie in soart fan houn mei in greate grouwe sturt. Hy wie swart en hy kreupele en hy seach hiel gleon. Alde Jelle Hoekstra fortelde, hy hie us op in snein-to-joun nei 't Wytfean nei de faem ta west. Op 'e Swarte Wei tusken Wytfean en Eastemar wie der in pleachbeest út 'e wâl kom, dy smiet him oan kant.
nl.verhalenbank.27865