26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: duivelbanner Place of Narration: Moddergat
Wie hjir froeger ien bitsjoend, dan gongen se nei Wopke fan Kûkherne. Sy krigen dan in drankje mei yn 'e bûs. Sy moasten der omtinke, as der ien oankaem, dy moast binammen net passeare oan 'e kant dêr't it drankje siet.
nl.verhalenbank.28095
Hjir wie in bern siik. It bern krige medesinen fan dokter. 't Joech neat. Der sieten oare machten achter neffens de âlden. Der wie ien dy lapte dat; in tsjoenster. Doe gongen se nei de duvelbander ta. Dat wie Wopke fan Kûkherne. Dy sei, se moasten it kjessen fan 't bern iepen snije en dan de krânsen der út helje. Dy moasten opbarnd wurde yn 'e kachel....
nl.verhalenbank.27820
Oarreheit (dat wie mem har heit) wie net goed by 't spul. Hy rekke siik. Sy tochten, hy kin wolris bitsjoend wêze en doe gong der ien mei syn wetter nei de Wâlden ta, nei de duvelbander. De duvelbander sei: "Lit my 't wetter mar ris sjen." Doe't er dat bisjoen hie, sei er: "Ja, ik kin him wol hwat jaen, dan wurdt er wol wer better. Mar dan moat er rare...
nl.verhalenbank.27854
De nachtmerje kaem troch 't slotsgat. 't Wie in frommes. Men moest hinnegean en set de toffels omkeard foar 't bêd.
nl.verhalenbank.28102
Ien hjirwei kaem ris in kear út 'e herberch. Underweis nei hûs ta woard er samar fan 'e wei ôf yn 'e sleat smiten. Hy sei: "Bliksem, doch dat noch ris." Doe gebeurde 't wer. "Noch ris", sei er. En wer woarde er yn 'e feart smiten. Mar doe doarst er it net wer to freegjen, hwant doe wist er dat it de duvel wie.
nl.verhalenbank.28116
To Wierum wenne in feint, dy die 't altyd mâl. Hy spotte en flokte dat it net mear moai wie. Hy wie ek faek dronken. Op in joun kaem er by minsken yn 'e hûs. Dêr woed er graech ûnderdak ha foar de nacht. Hy kaem yn 't bûthús to lizzen op strie. Doe't se de oare moarns by him kamen, hied er de holle omkeard op 'e romp. De duvel hie him de nekke omdraeid.
nl.verhalenbank.28117
Hie men lêst fan langskonken, dan hong men in fleartokke foar 't bêd.
nl.verhalenbank.28103
Heit sei, hy kom ris in kear fan Nes op in joun. Der wie in oare man by him, dy moast nei Wierum ta. Doe hie dy man ynienen tsjin heit sein: "Jo moatte oan kant gean." Heit gong oan kant. Even letter sei er: "'t Is foarby, kom mar wer op 'e wei." Dy man woe net sizze hwa't it wie dy't stoarn wie. Op in pleats tichte by it plak dêr't se oan kant gien...
nl.verhalenbank.28115
As der ien bitsjoend wie, dan siet der in krâns yn 't kjessen dêr't dyselde mei de holle op lei. Dy krâns forbrânden se yn 'e dôfpot, dan kaem de tsjoenster foar de doar.
nl.verhalenbank.28101
Frijmitselders wienen kûgelfrij.
nl.verhalenbank.27959
Yn Peasens wenne in smid, dy hat ris in kear in hynder bislein. Mar de oare deis sieten de hoefizers der alle fjouwer achterstofoar ûnder. Dat hynder wie bitsjoend, 't wie in spookhynder.
nl.verhalenbank.27838
De swarte spegel hearde by de waarzeggerij. Dan seagen se yn dy spegel. Dan krigen se hwat fan 'e takomst to sjen.
nl.verhalenbank.27958
Yn Den Haech hat men de Bloedpoarte. Dêr sit in keamer yn, dêr is it donker. Dêr binne de muorren hielendal mei nammen biskreaun. Guon fan dy nammen koenen se der noait wer ôfkrije. Dy nammen wienen mei bloed skreaun.
nl.verhalenbank.27964
Hja ha hjir in kat alris in reis jown. Sy tochten dat it in tsjoenster wie. En dat wie ek sa, hwant de oare deis wie der in frommes kreupel.
nl.verhalenbank.28100
Yn Moddergat wenne in frou, dy wie mei de helm geboaren. Dy wist altyd hwa't der stjerre soe. Nachts gong se fan bêd ôf om de lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.28114
As jouns de sinne gleon op 'e glêzen skynt en 't liket fan fierrrens krekt as stiet it hûs yn 'e brân, dan komt der hurde wyn. As de kobben heech yn 'e loft soeije, sûnder dat se de wjokken biwege, komt der ek hurde wyn. As de loft alhielendal klear is, sûnder in wolkje, komt der binne trije dagen rein.
nl.verhalenbank.28110
Yn Wierum wennen twa kammeraden. De iene stoar. De oare gong op in kear, doe't er dronken wie, nei 't tsjerkhôf, nei 't grêf, dêr't syn kammeraed biïerdige wie. Doe sei er: "Hwat dochstou hjir? Ik bleau leaver op sé yn tsien fiem wetter as dat ik hjir lei." Fuort dêrnei gong er nei sé to fiskjen op 't skip. 't Wie blêdstil waer. Hy rekke oer board en de...
nl.verhalenbank.28104
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Dat is gewoanlik in swarte kat. Der wie ris in berntsje siik hjir yn Moddergat. 't Wie famylje fan ús. Dêr kaem altyd in swarte kat oer de flier. Doe seinen se: "'t Bern is bitsjoend troch dy swarte kat." Doe praetten se dan ôf, de manlju soenen meielkoar dy kat fange. Sy wienen allegear gewapend, de iene mei in...
nl.verhalenbank.27948
In wearwolf wie in man dy't in protte friet.
nl.verhalenbank.27960
In nachtmerje wie in frommeske. Hynders hienen foaral lêst fan in nachtmerje. As hja by sa'n hynder west hie wienen de moannen alhiel fortize. En 't hynder sloech dy nachts hiel bot.
nl.verhalenbank.27828