Op 'e Sumarreheide wenne sa'n fyftich jier lyn in boer, dy syn fé hat bitsjoend west. De molke doogde net. Dêr ha se doe de duvelbander èk by helle en doe woarde it wer goed.
nl.verhalenbank.34644
In tsjoenster makke krânsen yn 'e kessens fan it slachtoffer.
Frânse Hinke joech de rie dy krânsen to forbrânnen.
nl.verhalenbank.33614
As de bargen net frette woenen, hellen se Hinse Jehannes op. Dy pisse dan hjir en dêr us en dêr frieten de bargen wer hinne.
nl.verhalenbank.21799
As de tsjerne bitsjoend wie, woe 't net bûterje. Dan moest de duvelbander komme, dy brocht de saek wer yn oarder.
nl.verhalenbank.34643
Alde Hinse (Hinse Jehannes de Boer fan it Swartfean) woarde us by in boer yn 'e Koaten helle, hwant sy koenen it keal net fan 'e koe krije. Hinse woarde troch de boer yn 't rydtúch helle. Hy spile it klear mei de koe. It wie in moai keal.
Doe brocht de boer Hinse wer nei hûs ta.
Underweis to Eastemar yn 'e pleats, dêr't nou it hûs fan Tsjitse Jansma is, -...
nl.verhalenbank.21872
By de widdou Zwart to Eastemar gebeurde it in kear dat it fé bitsjoend rekke. Hja gongen nei Wopke fan Kûkherne. Dy sei: "Jimme ha in stikken koegleske yn 'e stâl; sjoch allerearst, dat dat wer hiel is, en dan prate wy us wer. Ik kin wol sizze hwa't jimme fé bitsjoend hat, mar dat hâld ik leaver foar my."
nl.verhalenbank.21845
By guon wie de tsjerne wolris bitsjoend. Dat gebeurde altyd as Lutske der west hie. Dan koenen de lju mei gjin mooglikheit bûter meitsje. Dêr woarde dan ek duveldrek foar brûkt. Sy gongen earst nei de duvelbander ta. Dat wie Hinse Jehannes de Boer, dy wenne op it Swartfean.
nl.verhalenbank.12515
Yn 'e Omloop wennen Wibe en Ate Gjaltema. Ien fan dy twa bruorren rekke siik. Hja wienen der wis fan dat hy bitsjoend wie. Yn 'e Rottefalle wenne in duvelbanster, dat wie Frânse Hinke. Dêr gong de broer dy't net siik wie, hinne. Frânse Hinke joech him in drank mei en sei dat er dêr ûndreweis goed op passe moest.
It paed gong oer de Trije Roede. Dêr stie...
nl.verhalenbank.33608
Trije jonge bazen woenen us in grap útheve mei Hinse Jehannes. Hja nommen wetter mei fan fé. Dêr dienen se wetter fan harsels troch en sa brochten se de flesse by Hinse.
Hinse biseach it wetter en frege doe, of hja ek wisten hwa syn wetter der lêst yn kom wie, hwant dy leefde net lang mear.
nl.verhalenbank.21797
It wie yn 'e tiid fan 'e longsykte ûnder 't fé.
Der wie in boer, dy hie ek in sike koe. Dy moest ôfmakke wurde. Der stienen twa plysjes by en twa féartsen.
Doe woarde Hinse der by helle. Dy sei: dy koe hat gjin longsykte. Hy hat in stik lear yn 'e hals.
Doe strûpte er de mouwe op en gong mei de earm ta de bek fan 'e koe yn. Hy helle der in âld skuonsoale út.
nl.verhalenbank.21796
Wy wennen oan 'e Lange Wyk ûnder Harkema. Wy hienen buorlju njonken ús, dêr rekke de frou siik fan. Us mem wie widdoufrou en plichte dêr faek to kommen om it sike minske hwat by to stean en to helpen. Dan nom se in lyts susterke fan my mei, oars wie dy allinne thús.
Mar dy buorlju fortrouden de sykte net en tochten dat it sike minske bitsjoend wie. Doe...
nl.verhalenbank.33609
In tsjoenster tsjoende by de bern in krâns yn 't kessen. As dy krâns klear wie, dan wie 't bern ek dea.
As de lju in krâns yn 't kessen founen, reizgen se nei Wopke ta, dat wie de dûvelbander fan Kûkherne. Dy joech de lju dan guod mei. De krâns moest opbrând wurde.
nl.verhalenbank.29315
Hinse Jehannes de Boer wie de duvelbander fan it Swartfean. Hy wie in maet fan 'e duvel, dat wist elk. Op it Peinder tsjerkhôf is er biïerdige. Op in joun kom der ien oer it tsjerkhôf, dy rôp: "Hinse, lit dyn stem noch us hearre!" Doe wie der sa'n ôfgryslik raer lûd út Hinse syn graef kom, dat de man is sa hurd útnaeid as er mar koe.
nl.verhalenbank.12525
Durk van der Meer lei mei 't skip yn 'e haven to Eastemar, foar it hûs dêr't nou Willem de Vries wennet.
Ien fan 'e famkes rekke siik en Durk en dy fortochten Sieds Iebeltsje, dy't yn 'e keamer dêr foar oer wenne. Dy soe har fanke wol bitsjoend ha. Der sieten krânsen yn 'e kessens. Hja gongen nei de duvelbander ta en krigen it bern wer better.
nl.verhalenbank.21879
Der wie us in man, dy woe Hinse tofiter ha.
It hiet, dat er mei syn wetter by Hinse kom, mar hy hie 't wetter fan 't hynder meinom.
Hinse joech him beanen en hjouwer mei om better to wurden.
nl.verhalenbank.23661
Hinse Jehannes de Boer wenne op it Swartfean. Hy wie wûnderdokter en wie in hiele bulte mâns by it fé. Men hoefde allinne mar hwat hier tusken de hoarnen fan in koe mei to nimmen, dan wist hy wol hoe't it der mei it beest foar stie.
Alle van der Ploeg fan Eastemar hie him by 't fé helle en him wer fuortbrocht. Doe't se oan it hûs ta wienen, dêr't nou...
nl.verhalenbank.20466
Der wenne in faem op 'e Lytse Hoarnst to Eastemar, dy moest nei 't Swartfean, nei Hinse Jehannes de Boer om in drankje foar in sike koe. 't Wie yn 'e winter en hja gong oer iis, dat wie 't koartst.
Doe't Hinse Jehannes har it drankje joech, sei se: "Sjesa, nou gean 'k mar wer oer iis."
"Net oer iis mei de drank," sei Hinse Jehannes, "hwant dan silste...
nl.verhalenbank.21795
Alle Tet wenne yn 'e Harkema op 'e Bulten. Hja wie in tsjoenster. Om op har hiem to kommen moest men oer in houtsje dat oer de sleat lei. As bern setten wy altyd in krús foar dat houtsje. Dat dienen wy mei de klomp. Dan koe Tet ús net bitsjoene.
As Tet ien bitsjoend hie sieten der krânsen yn 'e kessens. Hja hat wolris bern deatsjoend. Hja koe har yn in...
nl.verhalenbank.36028
Ek kom der us ien by Hinse, dy sei: "Ik ha hjir wetter by my foar ien dy't net goed is. Kinne jo my hwat meijaen foar him?"
Hy woe Hinse Jehannes to fiter ha, hwant hy hie wetter fan 't hynder meinom.
Mar hy krige Hinse Jehannes der net tusken.
Hinse Jehannes joech him guod oer en sei: "Jow dit mar oan 'e pasjint."
Doe't dyselde 't thús útpakte, wienen it...
nl.verhalenbank.21798
I. De duivel
5. Zijn U bepaalde personen bekend, die als duivelbanner of duivelbanster worden geraadpleegd? In welke gevallen gebeurt dat?
In de vorige eeuw was er iemand in de buurtschap Rook onder Hardenberg. “de Russe” genaamd en een zekere “Jans van 't Venne” te Vriezenveen.
nl.verhalenbank.127211