Op 'e Houtigehage wenne in frommes, dy koe tsjoene. Sy bitsjoende har eigen buorwiif, dat wie al in hiel âld minske. Dy tsjoenster hiet Jeltsje Kooistra. It âld minske hie krânsen yn 'e kessens en sy ha Frânse Hinke, de duvelbanster fan Rottefalle der noch mei yn bihelle.
nl.verhalenbank.17355
Frânse Hinke wenne yn 'e Rottefolle.Hja wie duvelbanner en holp it fé ek wol.
Op in kear kamen der twa man by har mei it wetter fan twa hynders. It iene hynder wie siik, mar it oare wie soun. Mar dat seinen se net tsjin har.
Hja biseach it wetter, gong nei achteren en kom werom. Hja hie in drankje en in pûdtsje mei guod by har. Dat joech se de beide...
nl.verhalenbank.17133
Fan ien fan 'e sawn jonges, dêr't net in fanke tusken is, is ien in wearwolf of in duvelbanner.
nl.verhalenbank.24459
Myn pake wenne njonken Hinse Jehannes de Boer op it Swartfean.
Bareld Nieuwenhuis hie in koe, dêr mastere jonge Jan syn heit fan it Wytfean mei.
Mar hy krige de koe net better. It beest gong achterút. De koe wie mei it koartfûlens stean bleaun.
Pake sei tsjin Bareld: Gean mei in topke hier fan 'e koe nei Hinse ta, dy is in protte mâns by 't fé. Doe die...
nl.verhalenbank.15912
Guon koenen in flesse drank komme litte. Dat gong oer de duvelbander. Se stjûrden klaverboer fuort. Dy kaert helle de flesse drank.
nl.verhalenbank.27278
Frânse Hinke mastere ek mei fé. Sy kommen withoefier wei, alhiel út Grinslân om rie.
nl.verhalenbank.23763
Pake stie ris by him op it hiem, doe kom der in persoan út 'e Rottefalle by him.
Hwat mastû? frege Hinse batsk.
Ik soe nei jo ta, wie 't antwurd.
Ja, sei Hinse, ik wyt wol, hwerstû foar komste. Dû bist troch in slange biten. Mar ik help dy net.
Dû mast mar gau sjen, datst yn Drachten komste. Dat kinst noch wol helje.
nl.verhalenbank.16032
Minse Griper wie duvelbanner. Dy koe jin stilstean litte. Jouns stjûrde er in spylkaert út: Skoppenboer. Dan liet er in flesse drank komme, mar dy mocht er sels net oankrije.
Sibe Bos fortelde 't my. Dy hie der by west.
"Nou matte jimme dy flesse even oankrije", hied er sein.
De flesse sweefde yn 'e keamer om. Net ien doarst it to dwaen. Doe woarde Minse...
nl.verhalenbank.24702
Myn frou moest beppe sizze tsjin Frânse Hinke út 'e Rottefalle. Der kommen us guon by har út 'e Harkema. Dy hienen in bern meinom, dat siik wie.
Hinke sei: "Jimme binne hjir mei in levend bern kom, mar jimme komme der net levendich wer mei thús."
En sa wie 't ek. Op 'e weromreis stoar it bern wylst de mem it op 'e earms droech.
nl.verhalenbank.23761
As der hjir in bern bitsjoend wie, reizgen se nei Kûkherne, nei greate Wopke. Se krigen dan meastal in fleske mei drank mei. Wopke warskôge altyd: "Tink der om, dat it fleske ûnderweis net stikken giet, hwant der loere guon op, dy't it op it bern forsjoen ha."
nl.verhalenbank.19603
Doe't heit noch in jonge wie hat er mei Wopke fan Kûkherne mastere. Syn healbroer gong foar heit nei Wopke ta.
Wopke sei: "Ik sil jo guod mei jaen, mar jo matte it goed bistopje, hwant der kin ûnderweis wolris hwat oankomme." Mar heit syn healbroer hâldde hyltyd de hân op it drankje. Underweis kom der hwat oan, dat sprong by him op. Dat hie mei de poaten...
nl.verhalenbank.25500
Heit syn suster wenne by 't Dwarsdjip yn in spitkeet. Auke-om dat wie har man. Sy hienen in dochter, dat wie Jantsje, dy wie hyltyd sa binaud.
Heit sei tsjin Auke-om: "Sil 'k dy sizze, wy matte foar Jantsje nei Frânse Hinke ta."
Heit en Auke-om gongen nei Rottefalle mei in himdtsje fan 't bern.
Hinke frege: "Hat it famke dêr en dêr ek hwat hawn? Hat se...
nl.verhalenbank.24447
Hinse hie in boskje achter syn hûs op it Swartfean. Yn dat boskje hied er stopflessen to hingjen mei slangen der yn. It fenyn dat dy slangen útspijden, dat brûkte hy as medesyn.
nl.verhalenbank.16033
Der kaem ris in faem by Hinse, dy hiet fan Tetsje. Sy hie de koarts en woe graech wer better wurde.
Doe sei er tsjin har: Moarnmoarne, foardat de sinne opkomt, matte jo op 'e skuorredoar skriuwe: Tetsje is net thús. Dat matte jo trije moarnen achter elkoar dwaen. Dan binne jo de fierde dei genezen. Tetsje hat dit dien en sy hat noait wer hinder fan koarts...
nl.verhalenbank.16031
It gebeurde hjir yn 'e Boelensloane wolris dat der ien in krâns yn 't kessen hie. Dyselde wie dan bitsjoend. Dat hie in tsjoenster dien. Dy persoan woarde siik en sy gongen nei in duvelbander ta om guod tsjin dy tsjoenster.
Dat wie meastal duveldrek. Dat leinen se dan ûnder 'e drompel. Sy droegen it ek wol op 't boarst (duveldrek wurdt nòch wol brûkt; 't...
nl.verhalenbank.32781
Hinse hat ris rûzje hawn mei de kooplju út Drachten. Sy sieten meielkoar op 'e bovensael fan 'e herberch 'De Phoenix' to Drachten.
Doe bigong Hinse hiel bot to brullen en doe woarden de kooplju allegear binaud. Hwant Hinse dat wie net in gewoanen ien, mar in hantlanger fan 'e duvel. Dat wisten se allegear wol.
Sûnder dat Hinse der in hân nei útstuts,...
nl.verhalenbank.16030
Hinse syn broer Habele lei op 'e Gerdyk bigroeven. Doe't Habele al in jier wei wie, gong Hinse nei syn graef ta. Dêr stie er to dânsjen as in wylden en rôp:
Habele, kom der út! Kom der út, Habele!
Hinse hat syn kunsten leard út it boek 'Het zwarte paard'.
nl.verhalenbank.16034
In suster fan pake wenne yn 'e Folgeren by in boer. Dy boer hie in hynder, dat hie 't yn 't boarst. Net ien koe der by komme, sa sloech en trape en skopte it beest. Se hienen alris tsjin Hinse sein, as dy ris komme koe. Hinse hie dat tasein, mar hy kaem net.
Mar doe op in kear kaem er hartstikke dronken fan Drachten ôf yn in rydtúch. De hynders fjouweren...
nl.verhalenbank.15914
Tseard de Wit arbeide by Eise Poal yn 'e Kompenije. Doe gebeurde it ris dat it net tsjernje woe. De molke skûme mar en skûme mar en sy koenen mei gjin mooglikheit bûter krije. Doe hellen se Hinse duvelbander op. De beesten roannen yn 't lân. Dêr gong Hinse hinne mei Tseard. Tseard hie in dikke stok by him.
Doe't se by de daem kamen, sei Hinse tsjin...
nl.verhalenbank.16029
Frânse Hinke wie duvelbanner. Sy wie de opperste fan 'e tsjoensters. Sy sei: "Jimme matte in pakje spjelden goed yn wetter siede litte. De pine, dy't de tsjoenster it bern oandien hat, sil se dan sels ûndergean. Sy sit dan to razen en to kjirmjen."
Heit en mem ha de ried opfolge. Dy't se net fortrouden ha se net yn 'e hûs litten. Ik wie mei in wike wer...
nl.verhalenbank.24448