18,431 datasets found
Dutch Keywords: duivel Narrator Gender: male Place of Narration: Surhuisterveen
In wikseldaelder krigen se fan 'e duvel. Dy groeide altyd wer oan. Se moesten oppasse dat se him noait hielendal útjoegen.
nl.verhalenbank.36076
De duvel sit yn 'e spylkaerten. Dat guon in flesse drank komme litte mei in kaert is ek duvelswurk.
nl.verhalenbank.36073
Yn Hurdegaryp op Bennemastate stiet in hekke, dy giet altyd wer iepen as men him sluten hat. Dêr sil de duvel wol mei achter sitte.
nl.verhalenbank.27257
In broer fan ús pake Klaes wie hwat in plezierich man en hy wie hwat rap mei de mûle. Hy liet him ris op in joun ûntfalle, dat, as der dan hwat wie, dan woe hy dat wol ris sjen. Hy kom fan 'e Rotfalle en roan de Folgerster loane del. Doe foel er in kear of hwat. Doe sei er: "Dat is de duvel om in fal." Doe gebeurde der fierder neat. Mar hy wist dat it mei...
nl.verhalenbank.26847
Ik ha myn âlden wolris heard oer in pleachbeest. 't Wie in dier as in houn, dik en rûch en swart, mei greate egen. 't Roan deun by de lju lâns. 't Wie de duvel.
nl.verhalenbank.25224
Froeger seagen de minsken faek spoeken. As se wyt seagen wie 't goed, wie 't swart, dan forkeard. Wyt wie de ingel, swart de duvel. Froeger sweven hjir wol wite wiven, seinen se.
nl.verhalenbank.27240
Frijmitselers binne minsken, dy ha noait forlet fan sinten. Yn 'e Grinzer Pein wenne Sipke Pûde. Dy syn soan Albert wie fékoopman, krekt as heit. Mar heit wie altyd earm en Albert hie altyd wol jild. Hy wie in frijmitselder. Hy sei tsjin heit: "Dû mast frijmitselder wurde." Mar heit sei: "Ik forkeapje my net oan 'e duvel." Albert reizge noait allinne, dat...
nl.verhalenbank.22059
Der gong ris ien mei in protte jild nei 't tsjerkhôf ta. Hy forstoppe dêr al it jild. Hy sei: "Duvel, duvel, dû mast de wacht hâlde oer dat jild, dat net ien it dêr wei krijt."
nl.verhalenbank.25399
By de toer op 't Fean stie froeger de kroech fan Albert Boorn, dêr spoeke it altyd. Dêr gong de doar samar fansels iepen en 't joech neat hwat se der ek oan dienen. Sy lieten dêr ek troch bimiddeling fan in spylkaert in flesse drank komme. Dat gebeurde trouwens ek yn café 'De Lauwers'. Der wenne hjir in man, in sekere Gosling, dy hie in wikseldaelder. Dy...
nl.verhalenbank.26844
Alde Sibe van der Veen dy hie dronken west. Hy kom út 'e kroech. Guon hellen him op, dêr wie ús mem ek by. Sibe hie hyltyd in pleachbeest op 'e fuotten hawn; it wie in hiele grouwe, swarte houn, dy wie net by him wei wykt. Mem sei, it wie de duvel.
nl.verhalenbank.27233
It gebeurde wol dat der lju út 'e kroech kommen, dy 't it raer en ûnfoech opsein hienen. Sokken joegen nergens om. Dan pakte de duvel har en dan woarden se in ein fuortsmiten.
nl.verhalenbank.25233
Myn skoanheit, Wibe Alma, is yndertiid fan 'e wei ôf opnom woarn en oer de feart smiten. Doe kom er út 'e kroech. Doe hie er it raer opsein. Der binne wol mear yn 'e Harkema, dy't smiten woarn binne. Sytse Jager ûnder mear èk.
nl.verhalenbank.27246
Hjir hat in frommes wenne yn 'e Harkema, dat wie Detsje de Haan. Dy kaertspile altyd as se yn forwachting wie. De bern dy't geboaren woarden hienen de printen fan 'e spylkaerten op it boarst en stoaren allegearre. Dat wie de straf foar it kaertspyljen, hwant de duvel sit yn 'e kaerten.
nl.verhalenbank.27253
Mei klaveraas of mei klaverboer en in lege flesse lieten se froeger wol in folle flesse jenever komme. Dy flesse kom der dan oansweven. As er net pakt woarde, gong deselde der oan, dy't de flesse ôfjown hie.
nl.verhalenbank.27251
Dy't in wikseldaelder ha wol, mat hinnegean en fang in roetswarte kat. Hy mei net in inkel wyt hierke oan him ha. Dy kat mat er yn in sek dwaen. Dêr mat er de nachts mei nei 't tsjerkhôf ta. Hy mat trije kear om 't tsjerkhôf hinne stappe en dan mat er elke kear roppe: "Hwa jowt der in daelder foar dizze swarte kat?" Dan komt der ien - dat is de duvel - en...
nl.verhalenbank.25241
Ik ha wol us heard dat guon yn 'e kroech it heilich avondmael fierden en dat har nei ôfrin de nekke omdraeid woarde. Hwer't it gebeurd is, wyt ik net.
nl.verhalenbank.27043
Dy't in helm yn syn bisit hat, is kûgelfrij. Frijmitselders binne ek kûgelfrij. Dy ha in wikseldaelder. In wikseldaelder krijt men troch trije kear mei in kat yn 'e sek om in tsjerkhôf hinne to gean en elke kear by 't hek to roppen: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" Dan stie de duvel dêr. Dy krige de kat en jo de daelder. In wikseldaelder rekket...
nl.verhalenbank.27255
Alde Albert Alma wie in raren. Op in kear kom er fan Eastemar, dêr hied er yn 'e kroech sitten. Hy gong de Skeanpaden del om yn 'e Harkema to kommen. Doe moest er oer in houtsje. Doe't hy dêr oer soe, gong der ien op dat houtsje sitten. Dat wie de kweade. Doe koe hy der noait oer komme. Hoe't er oan 'e oare kant kom wie wist er letter sels net mear. Doe't...
nl.verhalenbank.26859
Mike Ruerd wie faek dronken en hy flokte as in ketter. 't Gong altyd raer mei him. Hy is us in kear hiel bot troch de kweade smiten woarn. 't Is wol faker gebeurd dat dy him tramtearre.
nl.verhalenbank.26861
Foppe Sint hie ek in wikseldaelder. Die hied er krigen foar in swarte kat. Dêr roan er trije kear mei om it tsjerkhôf hinne, en dan rôp er elke kear: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" Doe hat de duvel him dy wikseldaelder jown. Hy hie tonei noait mear forlet fan jild. Dêrtroch hat er de bynamme fan 'Sint' krige.
nl.verhalenbank.26863