Ritske Bottema wie ek frijmitselder. Dy hie in winkel yn 'e Westerein. In frijmitselder hat in kontrakt tekene mei de duvel. Om 'e trije jier timmerje se.
Se kinne noait wer by de frijmitselderij wei. Dan matte se der sels oan. Alde Piter Wouters mat in freeslik útein hawn ha. Yn ien ûre hat er mear útstien as in oar minske yn in hiel libben.
nl.verhalenbank.22007
Der binne hazzen, dy kinne se noait bisjitte. Sokke hazzen binne maten fan 'e duvel. Se binne kûgelfrij.
nl.verhalenbank.22136
Yn 'e buert fan Burgum wie in lânne, dêr spokke it altyd yn. Jochum bargekoopman kaem dy kant út wei. Dy fortelde it ús. Hy sei, syn heit wie dy lânne us yn gong. Dy woe der mear fan witte. Hy seach it spoek en spriek it oan. Hy sei:
"Bist fan God, spreek. Zijt ge van de satan, wijk."
It spoek wie útnaeid en 't hie dêr noait wer west.
nl.verhalenbank.22154
Ast' bûten komste en der komt dy in swart ding op side, dan is dat forkeard.
As 't yn 't wyt is, is 't goed.
nl.verhalenbank.22153
Piter Wouters wenne yn 'e Broek. 't Wie dêr allegearre jild by him. Hy wie frijmitselder. As er forlet fan jild hie, seinen se, hong er it ponkje oan 'e doar.
nl.verhalenbank.22006
Frijmitselders ha de siele oan 'e duvel forkocht. Sy matte altyd timmerje. Om 'e sawn jier mat der ien fan dea.
Dy't der ienkear by is, kin der net wer by wei.
nl.verhalenbank.22129
Der wie in feint, dy wie dronken. Sa kom er by syn âlden thús. Mar dy woenen him der net yn ha mei syn dronkene kont, en sy jagen him fuort. Doe kocht er noch in pear en it gong op in flokken en swetsen, dat it raer wie. Doe gong er út 'e kroech wei en roan by de Kollumer tsjerke lâns. Dêr woarde er pakt, mar hy seach net ien. Flak foar de hameije fan 'e...
nl.verhalenbank.20115
Hjir hat in sekere Popke wenne yn 'e Hiltsjemoaiwâlden. Sliepperige Popke neamden se him. Dy wie by 't wiif wei rekke. Op in jountiid fortelde er, as er nei hûs ta gyng, roan hy oer de wei. Mar dan roan der njonken him op 'e ikker in fjûrread lyts keardeltsje.
Hwat hurder hy roan, hwat hurder dat lyts keardeltsje bigong to rinnen. Dat lytse mantsje wie de...
nl.verhalenbank.22156
Der wie ien dy kaem út Twizel wei. Dêr hied er yn 'e kroech sitten. Hy hie 't hiel raer dien. Hy hie him bot tjirge en hy hie flokt as in ketter. Hy kaem dy jouns net wer thús.
De oare moarns founen se him ophinge, in ein de lânnen yn. 't Wie oan 't Wyldpaed.
De duvel hie him dêr ophong.
nl.verhalenbank.22155
Der wie in feint dy wie och sa ûnforskillich. Dy koe 't neat skele hwat er sei. Sûpe as in kreupel. Op in kear hied er yn beide herbergen fan Twizel west. Dêr hied er 't raer opsein. Hy wie foar de duvel net bang, sei er en dat wie sweare by dit en by dat.
Doe wied er dêr wei kom en doe hienen se him de oare moarns in pear stikken lân fan 'e wein ôf foun,...
nl.verhalenbank.33436
Yn 'e Falom wenne in man, dy moest nachts altyd út bêd wei om hwat to sjen. 't Wie in hiele bêste man. Hy moest soms ûrenfier rinne om by de lykstaesje to kommen.
Mem sei al ris tsjin him: "As jo nou us lizzen bliuwe, hwat dan?"
"Ei minske," sei er, "dan wie 't net bêst. Dan waerd ik der út smiten."
It binne pleagen fan 'e duvel, as men der nachts út mat.
nl.verhalenbank.21994
Wy ha as bern wol nei de Grinzer klaei ta west om to flaechsteppen. Dêr wie ek in man by fan Burgumerheide, dat wie in sekere Jouke. Dy fortelde al us: Doe't ik jong wie, wie 'k in raer man. Ik gong faek nei Feanwâldsterwâl nei de kroech. Dêr gong 't op in sûpen en kaertspyljen. En dan sweare en flokke dat it raer wie.
Mar op in kear, doe't ik wer út 'e...
nl.verhalenbank.23424
Wy ha twa jier njonken stammerige Harm wenne. De minsken seinen dat er tsjoene koe. De man hie altiten wol jild. Hy wie oan 'e duvel forkocht, seinen se en hy hie in wikseldaelder. Mar hy wie ek ôfgryslike deun en sunich. As er ûnderweis út 'e broek moest, died er syn bihoeften yn 'e bûsdoek. Hy pakte 't yn en naem it mei en lei it by him thús op it...
nl.verhalenbank.20117
Der wie in faem, dy woe graech nei de kermis ta. Mar de boer sei: "Dû mast earst de rogge op it lân yn skeaven bine." Mar dêr lei safolle rogge op it lân, dat koe ien minske allinne noait op in dei dwaen.
De faem gong nei 't lân ta en sy sette har de kermis mar út 'e holle wei.
Doe kom dêr in menearke oan en dy frege har: "Hwerom bistû net nei de kermis?"...
nl.verhalenbank.20116
By de Bonkebrêge - tichte by Ljouwert - is de duvel oer de Bonkefeart sprong. Syn print stiet noch oan 'e kant yn 'e stien.
nl.verhalenbank.38328
Dy't him oan 'e duvel forkeapet kriget in wikseldaelder. Sa'n wikseldaelder groeit altyd wer oan ta it folle bidrach.
nl.verhalenbank.27392
Frijmitselers wienen forkocht oan 'e duvel.
Alde Katrinus Ritskes wie in frijmitseler. Om 'e 7 jier moatte se ien dea meitsje. Hja kinne der noait wer by wei, hja binne foargoed yn 'e macht fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.38322
Op in kear kuijere heit de wei del by nacht. Doe stie der ynienen in skime foar him. It wie in macht.
Doe spriek heit de wurden út:
"Bistû fan 'e Heare, kom nader ta my.
Bistû fan 'e duvel, wyk fan my."
Doe wie 't foar him wykt. 't Hie de duvel west. Dit gebeurde hjir yn Twizelerheide.
nl.verhalenbank.28712
Hjir yn 'e omkriten binne wol guon smiten woarn, as se de spot dreaun hienen mei God en de duvel. It is net likefolle hwat der sein wurdt.
nl.verhalenbank.37652
Hjir binne ek faek guon troch de duvel smiten woarn, as se út 'e kroech kommen en rare wurden brûkt hienen.
nl.verhalenbank.28838