Wij hadden buren, dat waren Douwe en Baeije, hier in Kollumerzwaag. Die hadden een boerespultsje en doe souden die naar de merk de andere daags. Daar kwamen een paar mannen bij haar om naar 't vee te sien. En ja, sij hè daar wat omawweseard.
En de andere morgens hoefden de dieren niet naar de merk. Ze waren zo ziek als 't maar kon. Ze leiden tegen de stal...
nl.verhalenbank.24282
Op in joun hienen wy to praten west. Yn 'e nacht kamen wy werom. Doe kjirme en krolle stammerige Harm dêr op it lân om en hy rôp mei in aeklik lûd: Sy slagge my dea! Sy slagge my dea!
Ik kaem by him en sei: Der is net ien, jong, dy't dy dea slacht. Mast mar sjen, datst op bêd komst en de doar fêst. Doe gong er nei hûs ta. Ik hie wol yn 'e gaten, dat it de...
nl.verhalenbank.16101
Guon ha in toverboek. Dat ha se fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.25195
Myn broer Sjoerd is nou sahwat 65 jier dea.
Op in joun sei mem tsjin him: Nou ha 'k leafst, Sjoerd, datst joun net wer fuort giest.
Mar Sjoerd sei: Ik gean fuort, as stiet de duvel ek foar my.
Mar hy wie noch mar krekt ta de doar út of hy kom al werom.
Mem: Hwat nou?
Ja, sei er, ik gean net fuort.
Letter, op it Wyldpaed, fortelde er my, hwat er moete hie:...
nl.verhalenbank.16066
It gebeurde wol, dat it by ús net tsjernje woe.
De duvel sit wer yn 'e tsjerne, sei heit dan, it wol wer net. Dan gong er nei Wopke Minke ta. Dêr krige er guod fan. Dat kaem op in koaltsje fjûr yn 'e têst to lizzen en dat woarde dan rounstruid.
nl.verhalenbank.16103
To Hurdegaryp wennet in maet fan 'e duvel. Dy docht dêr elke nacht in hekke iepen, as dy ticht sit. Der ha wol guon west to oppassen. Mar deselde dy't de hekke iependocht is ûnsichtber.
nl.verhalenbank.17004
Dy't frijmitselder wurde wol, mat syn namme skriuwe mei eigen bloed en forklearje dat er him oan 'e duvel forkeapet. Dan kriget er ƒ 20.000.
By 't Wyldpaed wenne Japik Veenstra, - in broer fan Tseard Kuorke - dy hie forlet fan jild. Hy gong nei 't gebou fan 'e frijmitselders ta. Hy kaem der yn. Ik mat sinten ha, sei er.
Dat koe wol, mar dan moest er syn...
nl.verhalenbank.17015
By Piters Willemke hong elke moarn in ponge mei jild oan 'e doar. Dat jild brochten se har yn 'e nacht. Mar 't wie duvelsjild. Sy hie har oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.17012
Op in kear kaem ik om in ûre of trije, fjouwer yn 'e moarn by de faem wei. Ik wie allinne. Doe't ik by de Swadde wie, kom der ien hiel hurd achter my oan stappen. Dy helle my yn en stapte sa nei oan my, dat hy trape my sahwat op 'e teannen. Ik tocht: Nou ha 'k der west, hwant dit is de boaze. Ik moest op 'e boom fan 'e Swadde rinne, sa nei kroep er my...
nl.verhalenbank.16054
Ik ha wolris heard dat der plakken wêze matte dêr't de duvel oer de feart sprong is en dat de print fan 'e hynstepoat dêr noch to sjen wêze mat.
nl.verhalenbank.29945
By Nicolai oan 'e Wedze by Twizel stjûrden se ris in kear Skoppenboer fuort om in flesse drank. Sy dienen twa kaerten yn in blikken buske. Earst moesten se 't Opperwezen forwinskje. Ien sei sokssahwat as: 't Kin my neat fordomme, hoe't it giet, Skoppenboer hellet in flesse drank op.
Boven op it buske skreauwen se hwat.
Hwa hellet it? waerd der frege. Ien...
nl.verhalenbank.16991
In wikseldaelder koenen jy keapje. Dan moesten jy op in fjouwersprong wêze, dêr't twa wegen elkoar kruse. Dy wikseldaelder waerd dêr dellein troch de duvel. Je moesten jou siele der foar ôfstean. Stammerige Harm hie ien.
nl.verhalenbank.37337
Stammerige Harm syn skuorke moest dutsen wurde. Ruerd Schutter en Ielk wennen by him yn. En Ielk har heit ek noch. Der wienen twa man om to dekken. Alde Harm sei: Ik sil even molke helje by Japik wei en dan sil ik ek koeke meinimme, dan kinne wy aenst kofje krije mei in stik koeke der by.
Ik mat even sinten ha, sei er. Doe krige er in blikken...
nl.verhalenbank.16098
Yn 'e Westerein op 'e Dykswâl is de duvel oer de feart sprong, fan 't oasten nei 't westen. Dat is oan 'e ein fan 'e Koopmanswei. De print fan 'e poat is noch to sjen.
nl.verhalenbank.38612
To Kollumersweach wenne in man, dat wie net sa'n bêsten ien. Op in nacht krige Hantsje him topakken en smiet him in hiel ein fuort.
nl.verhalenbank.15772
Op it Wyldpaed is it faker as ien kear gebeurd, dat in ûnforskillich man troch de kweade smiten waerd, soms oer beammen en al hinne.
nl.verhalenbank.29926
De satan sit noch yn 'e bargen. Jezus hat de bargen de sé yndreaun. Men mat foar de bargen altyd in middel tsjin kweade machten by de hân ha. Duveldrek wurdt meast brûkt.
nl.verhalenbank.26309
Lammert Zuidema lei op in nacht mei syn skipke yn 'e Sweager Mieden. Doe kom der in rydtúch by syn skipke. En in stim út it rydtúch sei: "Instappen!"
Mar Lammert sei: "Ik stap uit!" En Lammert naeide hurd út. Dit wie neffens Lammert tsjoenderij.
Hy wie in nuver persoan. It sil moai-wis de duvel west ha dy't dêr yn 't rydtúch siet.
nl.verhalenbank.25826
Stammerige Harm hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e duvel. Se seinen, dat er ryk wie. As er hwat kochte foar in goune, gong dy altyd wer nei him ta. In dûbeltsje of in kwartsje net. Dy koenen jy gerust fan him oannimme, mar noait in goune, hwant dy wienen je even letter wer kwyt.
nl.verhalenbank.29817
Oene Kempenaer wenne yn Sweagerbosk. Hy koe knoffelbânlizze. As ien de pols fordraeid hie, bisette hy dat en dan wie 't samar wer klear. Ek foar oare kwalen wist er middels, by minsken en by dieren.
Us mem hie 't net op âlde Oene stean. Hy hie hiele rare egen yn 'e kop.
Op in kear wie mem fan 't lân kaem, dêr't se oan 't wurk west hie. Doe wie dêr in...
nl.verhalenbank.29544