As guon it raer opseinen en biwearden dat se foar gjin duvel bang wienen, woarden se soms troch de duvel smiten.
nl.verhalenbank.36924
Alde Jan Herder wie in frek. Hy wenne yn 'e Houtigehage.
Hy wie altyd oan 't jildtellen en der bistie foar him oars neat as jild. Op in kear gong er rinnendewei fan Houtigehage nei Drachten de Folgersterloane del. Doe hie dêr in hiele rige ryksdaelders op 'e wei lein. Mar hy roan der om hinne. Hy doarst se net op to krijen, hwant hy hie wol yn 'e gaten...
nl.verhalenbank.24677
Greate Jelle (Bekkema, in 'broer'* fan har) fortelde, hy kom us in kear fan in feestje. Doe't er by âlde Wopke lâns kom, gong it der dêr wol sa bot oan wei, achter hûs.
Doe't er thús kaem by mem en dy wie dêr krekt itselde lawaei op it hiem. En dòch wie der neat to sjen.
Dat hat de duvel west mei syn maten.
Jelle is een zoon van haar zuster, een...
nl.verhalenbank.25480
Yn 'e Boelensloane wie in man, dy hie yn 'e harbarge sitten. Dêr hied er it raer opsein. Doe't er de jouns thúskom, hie der by syn hûs in raer dik swart ding op 'e strjitte sitten. Dy kearde him. Hy mocht der net yn.
't Wie de kweade. Hy hie der nei skopt, twa kear. Gjin trije kear, hwant jy meije net faker as twa kear op 'e duvel skoppe.
nl.verhalenbank.25479
Guon dy't swetsten en swearden woarden wolris troch de duvel smiten.
nl.verhalenbank.24686
Wy hienen in buorfrou, dat wie âlde Karste Iebeltsje. Dat wie in tige gelovich minske.
Op in kear wie hja op in joune let op 'e Mesken west.
De Mesken, dat wie in útgestrekt heidefjild fan Duerswâld nei Drachten, dêr roannen allegear skeanpaden troch. Hja hie dêr op ien fan dy skeanpaden west, by tsjuster, midden op 'e heide.
Doe wie der in hiel great...
nl.verhalenbank.36905
Frijmetselders wienen kûgelfrij. Meine Wykstra sei ris: As ik troch Amsterdam of troch Ljouwert kom, sil ik jo de huzen oanwize dêr't frijmetselders wenje. Hwant dy huzen binne noait ôfmakke. Dêr mat altyd noch it iene of oare oan dien wurde.
Dy frijmetselers ha allegear in lyts kistje mei allerhande soarte fan ark der yn. Sadré't der ien overleden is,...
nl.verhalenbank.36938
Yn 'e Folgeren hat de duvel al ris ien de holle omdraeid.
nl.verhalenbank.11497
Der wie in feint, dy wie tige dryst. Hy joech nergens om. Hy hâldde in weddenskip mei guon, dat hy doarst wol by 't tsjuster nei 't tsjerkhôf ta en helje dêr in deabonke wei.
Deselden dy't mei him wedden, tochten: "Nou sille wy him dochs us bang meitsje." Foardat hy der wie, wienen der trije fan har nei 't tsjerkhôf ta gien. Sy hienen elk in wyt lekken om...
nl.verhalenbank.23453
Ús oer-oerpake wenne to Drachten oan 'e Dwarsfeart op 'e Ruterspôle. Hy wie noch frijgesel en hie net faek in faem. Op in kear sei er: "Nou wol 'k joun in faem ha, as wie 't de duvel ek."
Doe't it joun wie doe kom der in hiel moai frommeske njonken him en dy roan mei him op. Hja wie klaeid alhielendal yn 't swart. It wienen prachtich-moaije klean dy't se...
nl.verhalenbank.30887
In wikseldaelder kriget men fan 'e duvel. It is in jildstuk dat altyd wer by de eigner weromkomt.
nl.verhalenbank.36961
Der wie in fanke, dy wie boerefaem yn Kuzumer yn Grinslân. Dat fanke wie nergens bang foar.
Op in kear, doe hienen se by de boer in hokling slachte. 't Wie al joun en 't wie donker.
Doe sei de boerinne: "Och hearink, nou ha wy 't sâlt forgetten!"
Doe woarde de faem der op útstjûrd om gau even nei de buorren ta om sâlt op to heljen.
Doe seinen de oaren...
nl.verhalenbank.23454
Frymitselders hawwe in forboun mei de duvel. Om de safolle jier mat der ien dea. Dêr wurdt om lotte. Jildgebrek ha se noait, dêr soarget de duvel wol foar.
nl.verhalenbank.36711
Freark wie in keardel, dy wenne op 't Bûtenfallaet. Op in kear gong er in stik lân del. Iderkear seach er hwat skean achter him. Dat doochde net en Freark waerd binaud. It swit stie him yn 't hier. Der wie in gedaente dy folge him. Mei in skeane kijk achterom gong Freark fierder. Hwat hurder hy roun, hwat hurder dy man. Guon miene dat it syn skaed west...
nl.verhalenbank.29646
Frijmitselders binne oan 'e duvel forkocht. Sy ha altyd wol jild om hannen.
nl.verhalenbank.23999
Frijmetselders ha har oan 'e duvel forkocht. Hja ha noait forlet fan jild. Hja kinne 't altyd skoan rêdde.
nl.verhalenbank.37938
Frijmitselders ha altyd wol sinten om hannen. Dy ha in forboun mei de duvel sluten. Om 'e safolle jier mat der ien fordwine. Der wurdt om lotte hwa't dat wêze sil.
nl.verhalenbank.36962
Yn 'e buert fan 'e Saiterplaets spoeke de duvel fan Earnewâld. Dy sweefde samar oer de Krúswetters hinne. Dat gebeurde op jountiid. Dan wienen de minsken dêr deabinaud.
nl.verhalenbank.23638
By Dokkumernijesilen is de duvel oer de feart sprong, tichte by de slûs. Syn fuotleast kin men hjoed-de-dei noch yn in stien sjen.
nl.verhalenbank.25161
Frijmitselers binne ek kûgelfrij, wurdt der sein. Sy ha in forboun mei de duvel.
Yn 'e Houtigehage wenne in frou, dy hie har oan 'e duvel forkocht. Dat minske woarde tige ryk.
nl.verhalenbank.29402