Bouke Schievink fan 'e Harkema kom froeger faek by ús to jounpraten. Ik wie doe noch in jonkje. Ik wyt noch dat er fortelde dat de duvel mei him oproan en him út en troch de tosken sjen liet.
nl.verhalenbank.24229
Minse Griper fan 'e Boelensloane siet op 'e souder en focht mei de duvel.
nl.verhalenbank.24724
Pytsjemuoi, dat wie Auke Stienstra syn mem. Dy hie in wikseldaelder. Dy hie se fan 'e duvel. Hja siet noait sûnder sinten, hwant sa'n wikseldaelder rekket noait op.
nl.verhalenbank.37795
Op in kear kom de duvel by in faem, dêr woed er by opsitte. De faem sei: Goed, mar wolle jo sa lang wachtsje oant ik skûtelwosken ha?
Dat wie de duvel bêst en hy wachte.
Mar op it lêst bigoun it him to forfelen, hwant de faem bigoun mar noait to skûtelwaskjen. Hja tocht: "Ik sil him wachtsje litte, dan giet er wol wer fuort."
"Wurdt it ek hast hwat," sei...
nl.verhalenbank.24306
Froeger hienen se hjir oeral duveldrek ûnder 'e drompels. Dêr kearden se de duvel mei. As se duveldrek yn 'e hûs hienen wienen se feilich foar de duvel. Sy hienen 't ek wol yn 'e bûse.
Foaral guon dy't der yn 'e nacht op út moesten dienen dat. Dan wienen se feilich.
nl.verhalenbank.24298
Alde Taeke Pyt hie in wikseldaelder. Elkenien hie earmoed, mar hja koenen 't altyd skoan dwaen.
De duvel hie him har jown.
nl.verhalenbank.31122
Alde Taeke Pyt hie har oan 'e duvel forkocht. Doe't in oar yn 'e earmoed siet, hie hja altyd sinten. Mar sy is in rare dea stoarn.
nl.verhalenbank.28048
Dêr't in moart gebeurd wie bleauwen de bloedplakken sitten. Dy woenen dêr net wer wei, fral net út 'e flier. It wie dan wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.37794
Mient Diemersen wie mei in nachtmerje biset. Dêr hied er sa'n lêst fan, dat doe ha se evangelist Hofstra ophelle.
Dy hat yn 'e nacht de nachtmerje oansprutsen, doe is er net wer kommen.
(Mient Diemersen hie syn frou min bihandele. Dêrtroch wie er mei de duvel biset. Hwant dy nachtmerje, dat wie de duvel.)
nl.verhalenbank.23777
Auke Schievink fan 'e Harkema wie froeger in hiele raren-ien. Hy is ris in kear troch de duvel smiten woarn fan 'e iene kant fan 't paed nei de oare kant. Letter woarde er tige froom.
nl.verhalenbank.28047
Ek us in kear, doe kom de duvel by in faem, dêr't er mei frije woe, doe sei dy faem, hja woe graech earst de hoasbannen om ha. Goed, salang soe de duvel geduld dwaen. Mar hja die de hoasbannen nèt om.
Dat bigong de duvel to forfelen. Hy sei: "Wurdt it ek hwat mei dy hoasbannen?" Hja sei, hja hie 't fuort net oan tiid. Doe sei de duvel: "Dan sil ik it wol...
nl.verhalenbank.24307
Der wie in faem, dy wie to reedriden west oer iis. Mar hja koe net in feint krije. Dat siet har danige dwars. Hja kaem thús en doe sei se ûnder iten: "Dêr duvel, hastû ek hwat", en doe smiet se in stik iten fuort. Doe kaem de duvel by har. Doe wie se deabinaud. Hja sei: "Heare, help my."
Doe is de duvel wer ôfset.
nl.verhalenbank.31126
Yn 'e Harkema wenne in keardel, dat wie Wibe Hut (= W. Alma). Dy siet us yn 'e kroech op it Jachtfjild. Hy swetste mar op en mar flokke. Hy wie foar gjin duvel bang, sei er. Doe't er nei hûs ta soe, is er opnom woarn en fuortsmiten.
Datselde is Sytse Jager fan 'e Harkema ek ris oerkom.
nl.verhalenbank.24310
Aukje Pultrum hie altyd de gewoante fan to sizzen: Duvel. Dat sei se to pas en to ûnpas.
Op in joun soe se nei de pomp, doe hie dêr in lyts, swart mantsje stien. Hja hie net wer fuortkomme kind.
Doe hie se bigoun to bidden. Doe hie se wer fuortkomme kind. 't Wie Jille Pultrum syn beppe.
nl.verhalenbank.25863
Der wenne in feint by de Trije Roeden. Dat wie in soan fan Foppe Jits. Dy sûpte ôfgryslik. 't Wie lytse Albert Scholte. Op in joun kom er fan Surhústerfean. Doe gong er de Feanster lânnen del. Underweis woarde er opnom en oer de sleat goaid.
Hy kom oan 'e oare kant de sleat torjochte en dêr roan er in eintsje by de sleat lâns fierder. Mar hy tochte: "Ik...
nl.verhalenbank.23582
In omke fan my kaem op in joun by de faem wei. Doe't er by de Bethlehemsreed kaem woardde er samar optild en yn 'e sleat smiten. Hy wie by ús folk yn 'e kost en kaem dweiltrochwiet oan. De duvel hie 't him flikt, sei er.
nl.verhalenbank.37703
Alde Hindrik Mulder wie kloklieder yn 'e Rottefalle. Dy woenen se us in kear bangmeitsje. Twa gongen op in joun nei 't tsjerkhôf ta en dêr gong de iene op 'e oare syn skouder stean, tsjin 'e tsjerkemuorre oan.
Doe't Hindrik Mulder dat seach, sei er: "Sjonge, ik ha wol ris twa op elkoar sjoen, mar dêr noch noait in trêdden boven op."
Doe wie de ûnderste sa...
nl.verhalenbank.23738
Dyselde skoanmem har earste man tsjinne as boerefeint.
Op in joun gong er nei in plak ta, dêr't se him biwosken. It smoarge waskguod hied er by him. Hy leaude oan neat en wie in greate spotter. 't Wie al aerdich let. Doe kom der him ûnderweis in dikke swarte houn tomjitte. En doe woarde dy feint wol sa bot slein en ôftichele, dat der wie gjin rie ta. De...
nl.verhalenbank.29412
Wibe Hut (= Alma A.A.J.) fan 'e Harkema siet us in kear yn 'e kroech. "Ik bin foar gjin duvel bang", hied er sein. Mar doe't er út 'e kroech kom, smiet de duvel him yn 'e feart.
nl.verhalenbank.25604
Guon ha har oan 'e duvel forkocht. Dêr krije se dan in wikseldaelder foar. Dy rekket noait op. Sy matte trije kear mei in swarte kat om 't tsjerkhôf hinne rinne, dan krije se dy wikseldaelder fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.25425