As guon it raer opseinen en biwearden dat se foar gjin duvel bang wienen, woarden se soms troch de duvel smiten.
nl.verhalenbank.36924
In wikseldaelder kriget men fan 'e duvel. It is in jildstuk dat altyd wer by de eigner weromkomt.
nl.verhalenbank.36961
Frymitselders hawwe in forboun mei de duvel. Om de safolle jier mat der ien dea. Dêr wurdt om lotte. Jildgebrek ha se noait, dêr soarget de duvel wol foar.
nl.verhalenbank.36711
Freark wie in keardel, dy wenne op 't Bûtenfallaet. Op in kear gong er in stik lân del. Iderkear seach er hwat skean achter him. Dat doochde net en Freark waerd binaud. It swit stie him yn 't hier. Der wie in gedaente dy folge him. Mei in skeane kijk achterom gong Freark fierder. Hwat hurder hy roun, hwat hurder dy man. Guon miene dat it syn skaed west...
nl.verhalenbank.29646
Frijmitselders binne oan 'e duvel forkocht. Sy ha altyd wol jild om hannen.
nl.verhalenbank.23999
Frijmetselders ha har oan 'e duvel forkocht. Hja ha noait forlet fan jild. Hja kinne 't altyd skoan rêdde.
nl.verhalenbank.37938
Frijmitselders ha altyd wol sinten om hannen. Dy ha in forboun mei de duvel sluten. Om 'e safolle jier mat der ien fordwine. Der wurdt om lotte hwa't dat wêze sil.
nl.verhalenbank.36962
Yn 'e buert fan 'e Saiterplaets spoeke de duvel fan Earnewâld. Dy sweefde samar oer de Krúswetters hinne. Dat gebeurde op jountiid. Dan wienen de minsken dêr deabinaud.
nl.verhalenbank.23638
By Dokkumernijesilen is de duvel oer de feart sprong, tichte by de slûs. Syn fuotleast kin men hjoed-de-dei noch yn in stien sjen.
nl.verhalenbank.25161
Frijmitselers binne ek kûgelfrij, wurdt der sein. Sy ha in forboun mei de duvel.
Yn 'e Houtigehage wenne in frou, dy hie har oan 'e duvel forkocht. Dat minske woarde tige ryk.
nl.verhalenbank.29402
Taeke hut (= T. Alma) fan 'e Harkema kom by nacht us in lyts hountsje tsjin.
"Astû godfordomme fan 'e duvel biste, dan wol ik mei dy slaen", sei er tsjin 't hountsje. Doe pakte dat hountsje him; dat wie ynienen in keardel woarn. En dy hat Taeke bûnt en blau houd. Taeke hie der swart útsjoen. Dy keardel, dat wie de duvel.
nl.verhalenbank.26113
Duvels sweefden oeral om. Yn Zevenhuizen is 't gebeurd, dat in timmerman mei in bak mei spikers ûnder 'e earm samar ynienen optild waerd en oer de feart smiten.
nl.verhalenbank.31651
As jy altyd yn 'e spegel seagen, dan soe de duvel jo de nekke omdraeije.
nl.verhalenbank.26933
Ik lei op in nacht op 'e souder njonken myn frou op bêd. Doe fielde ik dat der in fremde hân oer myn tekkens hinne gong. Ik wie klear wekker. Ik taestte nei dy hân. Doe wie dat in hiele lange kâlde hân mei lange neils. Ik tocht: dat kin noait de hân fan myn frou wêze en doe fielde ik ûnder 'e tekkens nei har hannen. Dy wienen beide lekker waerm.
Fan hwa...
nl.verhalenbank.37024
Do moatst mar goed pine ha
Lange jierren ferlyn is it bard te Aldeboarn, dat der by in boer dy't in stik of tsien bargen hie in keapman kaam. Dy woe de bargen mei alle geweld fan him keapje, mar se koenen noait akkordeare. De keapman waard suver lulk, mar dat koe de boer neat skille; hy woe se net foar minder misse as de priis dy't er frege.
Mar de...
nl.verhalenbank.12460
Alde Jan Herder wie in frek. Hy wenne yn 'e Houtigehage.
Hy wie altyd oan 't jildtellen en der bistie foar him oars neat as jild. Op in kear gong er rinnendewei fan Houtigehage nei Drachten de Folgersterloane del. Doe hie dêr in hiele rige ryksdaelders op 'e wei lein. Mar hy roan der om hinne. Hy doarst se net op to krijen, hwant hy hie wol yn 'e gaten...
nl.verhalenbank.24677
Us mem tsjinne as faem by in boer op Topweer. Doe wie der op in joun har in houn om 'e rokken roan en dy wie mar net by har wei to krijen west. Guon seinen, 't wie in pleachbeest, mar mem sei, 't wie de duvel west yn in hounegedaente.
nl.verhalenbank.27497
Der wie in mier, dy swetste wakkere bot oer syn meanen. Net ien dy't sa goed meane koe as hy, sei er. De duvel net iens. Mar doe wied er ris in kear wer oan 't meanen doe kaem der ien njonken him, dy meande ek, en dy rekke him foar. Mar doe wie 't ynienen 'krak'. Dêr meande dy oare de kop fan it harspit ôf, dat dêr stie.
Doe wist er, dat er mei de duvel...
nl.verhalenbank.37136
Mei bihelp fan skoppenboer kinne guon in flesse drank komme litte. Dy kaert woarde nei bûten brocht tagelyk mei de lege flesse.
Even letter kom de folle flesse der oansweven. Dy sweefde boven de tafel. De flesse kom fan 'e kweade.
nl.verhalenbank.27526
Greate Jelle (Bekkema, in 'broer'* fan har) fortelde, hy kom us in kear fan in feestje. Doe't er by âlde Wopke lâns kom, gong it der dêr wol sa bot oan wei, achter hûs.
Doe't er thús kaem by mem en dy wie dêr krekt itselde lawaei op it hiem. En dòch wie der neat to sjen.
Dat hat de duvel west mei syn maten.
Jelle is een zoon van haar zuster, een...
nl.verhalenbank.25480