De duvel kin oeral trochhinne, sizze se. Hy krûpt wol troch 't goatsgat.
nl.verhalenbank.21423
Taeke wenne oan 'e Spekloane. Hy kom faek dronken thús. Mar as er thúskaem, dan siet de duvel op 't houtsje. Dan koe hy der net oer. Dan rôp er syn wiif Taeb. Dy moest dan de duvel der weijeije. Dan koe hy der oer.
nl.verhalenbank.17163
Myn omke dat wie Mike Ruerd (Ruerd van der Veen) dy't yn 'e Harkema wenne. Dy kom us op in joun fan 't wurk. Hy hie to timmerjen west. It bakje mei ridskip droech er oer 't skouder. Doe seach er dat der in keardel foar him op roan.
"Wachtsje even!" sei Ruerd-om.
Mar dy keardel wachte net, hy roan troch.
"Wachtsje dû us even!" rôp Ruerdom wer. "Ast net...
nl.verhalenbank.17162
Hjir yn 'e Boelensloane binne wolris guon smiten woarn troch de duvel, as se út 'e kroech weikom wienen.
nl.verhalenbank.37850
Doe't wy as jonges noch by ús heit en dy yn 'e hûs wienen, gong it der wolris hwat oan wei. Dan wienen wy wolris hwat oerhearrich.
Op in kear wie 't slimmer as oars, wy wienen net mear yn 'e touwen to hâlden. Doe kom dêr samar ynienen in man ta de keamer yn mei in krûm pypke yn 'e mûle. Wy woarden allegear stil en wienen sa deabinaud, dat wy fleagen troch...
nl.verhalenbank.17135
Hjir stie in âld húske, dêr wennen twa minsken yn. De man hie gâns lêst fan 'e duvel en dêr sil er it ek wol nei makke ha. As er ergens wei kaem, dan praette er de hiele wei lâns krektsa lang oant er thús wie. Dat wie tsjin 'e kweade. Mar de oare minsken seagen de kweade net.
Thús pakte Satan him en sloech him mei de kop tsjin 'e stile. Dan moast de frou...
nl.verhalenbank.17165
Egbert Sint wie ek in raren. Dat wie myn pake. Hy wenne ek yn 'e Harkema. Se seinen dat er in wikseldaelder hie. Hy wie oan 'e duvel forkocht. Ik ha dy wikseldaelder net fan him erfd.
nl.verhalenbank.28092
Yn Surhuzum ha in stik of hwat jonge bazen it avondmael fierd yn 'e herberch. 't Wie spotterij. Doe't se ûnderweis wienen nei hûs ta binne se smiten woarn troch de duvel.
nl.verhalenbank.28517
Yn dy tiid wie't noch in sânpaed dêr't dat hûs oan stie. Us heit sutele mei in karre mei diggelguod. Twa hountsjes roannen foar de karre.
As heit oan it plak ta wie, dêr't de duvel húshâlden hie, woenen de hountsjes net mear lûke. Dan moest heit skouwe. Wienen se dat plak foarby, dan wie 't wer goed.
nl.verhalenbank.17583
Mike Ruerd is smiten woarn fan 'e Satan. De duvel hie him foargoed topakken.
Op ien fan 'e houtsjes dy't oer de sleatten leinen fan 'e Skeanpaden (fan Readskuorre nei de Heide) dêr is Bouke Schievink al us smiten woarn. Bouke wie in raren en sûpte as in kreupel.
nl.verhalenbank.17596
Sokken hienen in toverboek. Dêr stienen dy duvelskunsten allegear yn. Sa'n toverboek koenen se noait wer kwyt wurde.
nl.verhalenbank.21556
Wy wennen op Readskuorre. Wy koenen de Skeanpaden lâns nei de Hamsterheide, mar dat mochten wy net fan ús mem, hwant it spoeke op 'e houtsjes.
De Achterwei mochten wy ek net del, hwant dêr siet altyd in lyts keardeltsje op 'e leider, seinen se. Dêr spoeke it ek.
nl.verhalenbank.17595
Ien dy't by de frijmitselrij giet, forkeapet him oan 'e duvel. Dy kin sinten krije safolle as er wol. En hy hat dan ek in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.17341
De duvel siet froeger by 't kaertspyljen. De duvel siet yn 'e kaert en dy kom der dan út as de kaerten brûkt woarden.
nl.verhalenbank.36208
Minse Griper wie troud mei Tryn Snipel. Sy wennen hjir oan 'e Spekloane. Minse Griper hie in forboun mei de duvel, waerd der sein en Tryn koe tsjoene. Se kamen ek wol by har om de kaert lizze to litten.
nl.verhalenbank.17329
Reade Kees en Gjert woenen ris ien bangmeitsje. Dyselde moest by de tsjerke yn Drachtster Kompenije lâns. Doe gongen se boppe op elkoar tsjin 'e muorre fan 'e tsjerke oan stean mei in wyt lekken om har hinne.
Doe't dyselde dêr lâns kom, sei er: "Ik ha wolris twa boppe op elkoar sjoen, mar noch noait trije."
Doe woarde dy ûnderste sa binaud, dat hy sprong...
nl.verhalenbank.36102
Lútsen Rinkelsma wie oan 't baggeljen. It wie net in bêsten ien. Hy sliepte yn 'e keet. Nachts woardde hy út bêd wei helle troch in man. Dat wie de kweade. Hy woardde troch de baggelgatten jage en smiten en hy koe him de kiezzen wol yn 'e bek telle. En hy hie sels oan elke hier in switdrip. It is my 52 jier lyn forteld. Ik wie doe 13 jier.
nl.verhalenbank.32401
In wikseldaelder kin men krije as men frijmitselder wurdt. De âlde lange sels jowt him jin. Mar men mat altyd oppasse, dat men der hwat fan oerhâldt, al is 't mar in sint. Noait mat men de hiele wikseldaelder útjaen.
nl.verhalenbank.17040
Oeds Griper wie us yn 'e nacht op wei nei hûs ta.
Underweis sjocht er ien oan 't skrippen op 'e heide.
It wie Fokke.
Oeds sei: "Mat dat sa, Fokke?"
"Ja," sei Fokke.
Oeds sei: "Dat kin ek wol hwat oars, Fokke."
Mar Fokke dy arbeide troch.
Mar even letter, doe kom der ien by him, dy sei: "It kin wol oars, Fokke, kinst it wol oanmeitsje litte."
Mar Fokke...
nl.verhalenbank.21731
Akke Kaert lei de minsken altyd de kaert. Mar heit fortelde doe't it mei har ôfroun wie siet de kop achterstefoar op 'e romp. Dat hie de duvel dien.
nl.verhalenbank.24377