Fan 'e frijmetselders mat der alle jierren ien dea.
nl.verhalenbank.35933
De neils, dy't men sneins knipt, mat men nei de dea wer allegearre opsykje.
nl.verhalenbank.12286
Oan 'e âldwei dy't fan Ljouwert nei Grins gong, yn 'e berm, sit it poepekrús. Dêr is in poep yndertiid formoarde woarn. Sûnt spoeket it dêr, sizze se.
nl.verhalenbank.35925
As de stienûle rôp, rekke der ien dea.
nl.verhalenbank.12280
Der wie us in soldaet, dy wie kûgelfrij. Doe die ien rogge yn 'e hagel, en dêr skeat er dy soldaet mei dea.
nl.verhalenbank.21739
As in fûgel it paedtsje fan in hûs lâns komt, dan bitsjut dat, dat der in deaden komt.
nl.verhalenbank.21864
't Gebeurt wol ris, dat ien net stjerre kin. Dan hat er yn 'e regel klean oan, dy't op snein makke woarn binne. Dy matte dan earst út.
nl.verhalenbank.29322
Moosi en Sjampi kommen to Smilde, dêr seagen se de televisy-mêst.
Sjampi sei tsjin Moosi: "Doarstû dêr wol boppe fan ôf to springen?"
"Né," sei Moosi, "mar ik doar der wol by op to klimmen."
"Dat mast net dwaen," sei Sjampi, "hwant ast foelste, dan wiest kroandea."
"Welné," sei Moosi, "dat foel hwat ta. As ik foel, dan stuite ik earst wol trije kear."
nl.verhalenbank.33635
Inkelde bloeddrippen (3) dy't falle, jowe in deaden yn 'e famylje.
nl.verhalenbank.21806
As jy dreame fan in bigraffenis, dan komt der brulloft.
nl.verhalenbank.20078
As der yn 'e nacht eksters op 'e naed fan 't hûs omskatterje, dan komt der yn dat hûs gauachtich in deaden.
nl.verhalenbank.20494
Foar it Jan Koartslân wienen se ek altyd hwat skruten. Dêr hat in man him ophinge en sy sizze ek wol dat de duvel him dêr de holle omdraeid hat.
nl.verhalenbank.32809
Ik wie goed twintich jier. It gebeurde op it Swartkrús yn 1883. Ik hie om boadskippen west.
Ik stapte oer de hekke en sette earst it doekje mei boadskippen del.
Doe seach ik in deakiste mei in wyt ding foar de hekke stean. It wie tusken Swartkrús en Jistrum.
Even letter bigong it wite ding to sweven, doe letter de kiste ek. (it wie in wyt ding as in...
nl.verhalenbank.21915
Yn hiel âlde tiden gebeurde it, dat de ierde skuorde troch in ierdbeving. Der moest in minskeoffer brocht wurde oan 'e fjûrgeast, dy't ûnder 'e skuor húsmanne. Dan joech er him wer del. Oars kom der noch mear ûnheil oer it lân. Mar der wie net in minske to finen, dy't dêr syn leven ta opofferje woe.
Doe kom der in ruter oan riden. In tige knap jongfeint...
nl.verhalenbank.20071
Yn Twizel, tichte by de âld-tsjerke stiet in plaets, dêr is ris ien formoarde woarn troch in sekere Rispens. Dêr is bloed yn 'e planken fan 'e flier rekke en dat bloed kinne se dêr noait wer wei krije.
nl.verhalenbank.29323
Trije jonge bazen woenen us in grap útheve mei Hinse Jehannes. Hja nommen wetter mei fan fé. Dêr dienen se wetter fan harsels troch en sa brochten se de flesse by Hinse.
Hinse biseach it wetter en frege doe, of hja ek wisten hwa syn wetter der lêst yn kom wie, hwant dy leefde net lang mear.
nl.verhalenbank.21797
It wie yn 'e tiid fan 'e longsykte ûnder 't fé.
Der wie in boer, dy hie ek in sike koe. Dy moest ôfmakke wurde. Der stienen twa plysjes by en twa féartsen.
Doe woarde Hinse der by helle. Dy sei: dy koe hat gjin longsykte. Hy hat in stik lear yn 'e hals.
Doe strûpte er de mouwe op en gong mei de earm ta de bek fan 'e koe yn. Hy helle der in âld skuonsoale út.
nl.verhalenbank.21796
Op 'e Leijen wie ien oan 't riden. Doe hearde hy in lûd út in wek wei kommen. "De tijd is verschenen, de man is er niet." woarde der sein. Even letter kom der ien oan riden op redens. Dy ried lyk op it wek ta en is fordronken.
nl.verhalenbank.20073
Ien fan Burdaerd reizge mei 't trekskip nei syn wurk ta. Op in kear hearde hy achter him in freeslik gejammer. Mar der wie neat to sjen. Mar in wike letter rekke de soan fan in fékoopman by 't skip del en fordronk. Doe hearde er krekt deselde lûden.
nl.verhalenbank.21829
Ik haw in man kend, dy siet ris in kear yn 'e kroech, doe sei er: "Ik bin foar net in duvel bang." Mar 't is net likefolle hwat in minske seit. Underweis by Quatrebras pakt him in auto. Hy wie fuort dea.
nl.verhalenbank.35929