To Sweagerbosk wenne in man dy moest der nachts hiel faek út. Op in kear moest hy der ek wer út. Doe wie de twadde man fan Thomas Klare forstoarn, dy hiet fan Fedde.
Fedde en Klare wennen doe yn Sweagerbosk. Tusken eigen hûs en sterfhûs seach de man de lykstaesje fan Fedde. Guon binne him achternei gong. Doe seagen se dat alle hekken foar him iepengongen....
nl.verhalenbank.16499
Der roan in man yn 'e nacht op Feansterheide. Ynienen sjocht er ien oankommen.
"Joun", sei de earste, mar de oare sei neat werom. De earste sei noch us fan "joun", mar wer krige er gjin antwurd.
Doe seach er in lykstaesje oankommen.
Dy man hie dêr de foarboade fan west.
nl.verhalenbank.16508
To Kollumersweach wenne in arbeider, dy moest alles sjen. Nachts gong er wit hoe faek út it bêd en der op út. Dan roan er as in hazze en hy switte as in oandrager. Hy roan gewoan troch de hekken hinne. Dy gongen fansels foar him iepen. Yn in sucht wied er op it plak dêr't er wêze moest, krekt as fleach er. Dan seach er de lykstaesje. Hy wist altyd hwa't...
nl.verhalenbank.16507
In tsjoenster mat om 'e sawn jier op syn minst ien dea tsjoene, oars redt de duvel mei har.
nl.verhalenbank.22972
It gebeurde wol, fortelde beppe, dat lju dy't stoarn wienen, weromkommen, as de minsken har net hâldden oan 'e bilofte dy't se sokken by har leven dien hienen. Dan moest der in dûmny by komme om sa'n forstoarne to freegjen hwat er winske.
nl.verhalenbank.19482
Alde Frearke Fogel fan 'e Harkema wie in tsjoenster.
Doe't se har biklaeije soenen, founen se allinne mar in pânse. Doe ha se dy mar yn 'e kiste dien.
nl.verhalenbank.19456
oan 'e Lytse Wei tusken Harkema en Droegeham is us in frou formoarde woarn. Doe is der in krús samar fansels yn in beam kom, dêr flakby oan 'e wei.
nl.verhalenbank.22963
Alde Metske-smit wie op in jountiid mei oare minsken op 'e wei. Doe sei er: "Jimme matte even oan kant gean, hwant der komt in lykstaesje oan."
In dei of hwat letter wie dêr in èchte lykstaesje. 't Gebeurde op 'e Wâl. Metske wie mei helm geboaren.
Hja seinen, dat Jehannes Meerstra ek mei de helm geboaren wie.
nl.verhalenbank.38440
As in houn oan't spûkgûlen wie, dan bitsjutte dat dat der ien op stjerren lei.
nl.verhalenbank.32194
Bloed fan in moard ofkomstich wol net wer út 'e planken wei. Dat sei beppe altyd.
nl.verhalenbank.36158
Njonken ús yn 'e Westerein wenne in frou, dy wie mei de helm geboaren. Op in kear sei se tsjin ús mem: "Der komt ien fan ús jonges to forstjerren. Ik ha de kiste fannacht stean sjoen. Hy koe net op it plak stean dêr't er hearde, dan koenen se de swaei net krije, dat hy stie yn in forkearde hoeke yn 'e keamer. Ik ha der fannacht twakear út west. Beide...
nl.verhalenbank.16509
Der hat in man yn 'e Westerein west, dy woe neat fan 'e trein wite. Hy sei: "Ik sil him keare." Doe gong hy der mei in kroade foar stean. Sa is er dea rekke.
nl.verhalenbank.36309
Wie der yn 'e Harkema ien stoarn, dan woarden de nuddels dêr't it hinnekleed mei naeid wie, mei yn 'e kiste dien.
As de naeister de tried ôfbiten hie, dêr't se 't hinnekleed mei naeide, dan foelen har alle tosken út.
nl.verhalenbank.19484
As in deade in hinnekleed oan krige (in wyt kleed, faek in lekken, dat by de hals byinoar reaun wie), en dat wie to lang, dan kom sa'nien letter wer.
Dan moest dûmny der by komme.
Sa wie der us ien yn 'e Harkema, dy wie stoarn, mar dy koe net rêste. Hy stroffele oer 't hinnekleed, omdat dat to lang wie, en as er kom, sei er oars net as: "To lang, to...
nl.verhalenbank.19483
Frearke Fogel yn 'e Harkema wie in tsjoenster.
Us mem hat har mei ôflein. Doe lei der allinne mar in pânse op bêd, alles wie fuort. Mem sei: "Sa haw ik it noch noait earder mei bilibbe!"
Fogel hie ûnderweis west. Hja wie der op út to tsjoenen. Underweis wie se formoarde woarn. De pânse bleau op bêd lizzen. Dat wie it lyk.
nl.verhalenbank.19468
Ruerd Passchier van Dijk wie de lêste dy't yn Ljouwert ophong woarde.
"Soenen jo wolle, dat der noch in dûmny by jo komt?" fregen se him, even foar syn torjochtstelling.
"Net noadich," sei Ruerd, "ik praet aenst mei de baes sels."
Der is in lied oer Ruerd.
nl.verhalenbank.21281
Stammerige Harm (= Harm Veenstra) stammere. Hy wie foddekoopman en roan to skoaijen en wjudde de strjitten en túntsjes hjir en dêr. (û.m. it terrein fan 'e froegere marechausséekaserne op 'e hoeke fan 'e Tsjerkestrjitte to Bûtenpost) Hy sleepte hwat mei de iene foet. Hy wie in tsjoenster.
Syn buorman hie in pear biggen. Dêr hat er ien fan bitsjoend. Dy...
nl.verhalenbank.20016
Jan Koenes to Bûtenpost koe omraek lige. Hy ried froeger mei de postkoets, dy't ried fan Harns nei Grins. Dêr kommen trije hynders foar, dy't ûnderweis hyltyd forwiksele woarden. Op alle stasions gongen se oan.
Doe gebeurde it dat it middelste hynder by it tolhûs to Twizel dearekke.
Mar it beest roan noch oan it posthûs to Bûtenpost ta, sa wied er it...
nl.verhalenbank.22112
In tsjoenster mat om 'e sawn jier op syn minst ien deatsjoene.
Hja moat yn dy tiid ek sawn krânsen yn 'e kessens makke ha.
nl.verhalenbank.26217
Yn Surhuzum wenne froeger in hear, dat wie in sekere Bonhomme. Hy libbe mei in húshâldster achter 'e pasterije yn it slot yn 'e Surhuzumer bosk. Doe't er stoar hat er yn 'e deakiste in gouden fierrekiker meikrige. Dat hied er bigeard.
Op 'e ein yn 'e kiste siet in roun gleske. Sa út en troch woed er dêr troch sjen.
nl.verhalenbank.32731