9,192 datasets found
Dutch Keywords: dood Narrator Gender: female Place of Narration: Harkema
Knjillis Sytske wenne by 't foetbalfjild. Sy hat baekstere by Frearke Tetsje. Lys, sei se tsjin my, as't leauste wolste, ja of né, op in kear kommen der seis eksters moai achterinoar oan by ús pomp lâns it paedtsje del. Krekt in bigraffenis. Gjin tsien wiken letter wie myn fanke dea. Sy wie noch mar seis jier âld.
nl.verhalenbank.16070
Doe't Willems Tryn har famke yn 1945 ûnder 'e moalwein deariden is, kommen der trije eksters by har op 't hiem, om har de tiding to bringen.
nl.verhalenbank.16071
By ús beppe kom us in ekster yn 't finsterbank. Dy bringt my tiding, sei se. Trije wiken letter stoar se.
nl.verhalenbank.16073
Us heit wie us by nacht om in dikke peal út om dy op to stoken. Us mem gong op bêd. Doe't heit yn 'e hûs kom, sei ús mem: Hast hjir earder yn 'e hûs west? Hast hjir nyskes hwat yn 'e hûs brocht? Né, sei ús heit, hoe soe 'k dat dien ha. Nou, hjir is hwat yn 'e hûs brocht. Dat skaefde tsjin 'e middeldoar oan en de klompen woarden tagelyk oer de flier reard....
nl.verhalenbank.16074
Hindrik Vaatstra seach mei eigen eagen in kiste op it hiem stean. Koarte tiid dêrnei kom syn eigen wiif to forstjerren.
nl.verhalenbank.12333
In muoike fan my wist altyd dat der in bigraffenis op til wie. Dan wie se hiel bot ûnrêstich. Sy koe 't dan nergens bankje. "Ik gean yn 'e hûs en ik gean út 'e hûs," sei se dan, "mar hjir sil hwat gebeure."
nl.verhalenbank.12331
Ik ha ús mem nei har dea sjoen mei de deadsklean oan.
nl.verhalenbank.12359
Hounen spûkgûle as der guon stjerre sille. Doe't Piter syn mem hast dea wie, stie hjir in dikke, bûnte houn to spûkgûlen. Hoe wy him ek smieten en fuortjeije woenen, hy bleau hjir mar stean en hâldde net op mei spoekgûlen.
nl.verhalenbank.16077
Alle Tet wie ek in tsjoenster. Us mem hat twa jonges forlern. Dat wie Alle Tet har wurk.
nl.verhalenbank.22031
Wytseboer fan 'e Ham hat syn muoike formoarde en yn 'e dobbe smiten. Om 'e sinten. Hy hat alles ligen hiten en sy ha 't him net biwize kind. Hy is mei de sinten útnaeid.
nl.verhalenbank.12325
Trapet men in pod dea dan bigjint it to tongerjen. Dat woe ús mem net heal lije, dat wy dat dienen.
nl.verhalenbank.23916
Hjir yn 'e Harkema wennen froeger guon dy koenen altyd krekt fantofoaren fortelle as der wer ien stjerre soe. Dy seagen de bigraffenis al fan tofoaren. Sokken wienen mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.29342
Sy ha wol sein, dat pake Ljibbe Rins deatsjoend hat mei in stik krintebôlle.
nl.verhalenbank.12362
In tsjoenster mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se sels dea.
nl.verhalenbank.22295
As ien op syn deadsbêd net ta stjerren komme koe, woarde der frege: "Soed er ek klean oan ha, dy't op snein makke woarn binne?" Dan moesten dy útdien wurde.
nl.verhalenbank.16093
Ik ha wol heard dat in minske op syn stjerbêd noait hwat oan ha mat dat op snein yn elkoar set is, hwant dan kin er net stjerre.
nl.verhalenbank.23922
Berntsjes, dy't har léguod net krigen hienen, kommen letter wer. Men moest dan de tange krije en dêr it léguod mei tarikke. It brânde dan by de tange omt ôf.
nl.verhalenbank.12322
Der wienen nachts faek lykstaesjes op 'e wei. Ik ha faek genôch de regenkleden wapperjen heard.
nl.verhalenbank.12330
As de minsken op har stjerbêd klean oan ha, dy't op snein makke binne, kinne se net stjerre. Dat hat heit meimakke.
nl.verhalenbank.29340
Yn 'e Harkema hie ien in moart dien. De moardner moest der jouns alve ûre altyd út. Dan koe er it net langer yn 'e hûs úthâlde.
nl.verhalenbank.12314