8,913 datasets found
Dutch Keywords: dood Narrator Gender: female Place of Narration: Drachten
Piter de Graaf wenne yn de Pein. Hy is mei de helm geboaren. Hy koe op 'e dei om't ôf sizze as der ien dea gean soe. It kloppe altyd.
nl.verhalenbank.16847
Guon strutsen in keal oer de rêch, dan gong it samar dea. Heit sei altyd: noait in keal oer de rêch strike.
nl.verhalenbank.36928
Myn broer en syn kammeraet sieten beide op 'e kop yn 'e swolms. Doe krigen se de rie, sy moesten in bonkje fan 't tsjerkhôf helje, dat ôfskraebje en dat yn 'e molke dwaen. Dan gongen de swolms fuort. Sy ha 't dien en wier, sy rekken se kwyt.
nl.verhalenbank.24691
Yn Twizelerheide wennen twa minsken, dy har famke wie siik. Doe sei op in kear de heit tsjin 't wiif: "Wy hâlde ús famke net, sjoch, dêr giet de bigraffenis." Doe wie dêr op 't paedtsje in jerke mei 7 einen. In wike letter wie de bigraffenis fan 't famke. De lykwein gong foarop en sawn minsken der achteroan.
nl.verhalenbank.16851
't Wie yn 'e mobilisaesje fan 1918, yn 'e tiid fan 'e Spaenske gryp. Ik wie elke dei mei ús heit to bûkelsykjen. Wy gongen der mei de hounekarre hinne. Moarns ier en bitiid by 't tsjuster gongen wy al fuort, as it bigong to skimerjen. Heit en ik togearre. 't Wie yn Beets by 't âldtsjerkhôf, dêr't wy sochten. Op in dei wienen it dêr allegear eksters. Dy...
nl.verhalenbank.16846
Mem en heit ha ek fard. Sy leinen us op in nacht by de Rolbrêge, oan diz kant de Tynje. Sy soenen op bêd. Njonken 't roer fan 't skip kom hwat út it wetter, dat gong by 't roer op en oan 'e oare kant der wer by del. Hyltyd hinne en wer, al mar troch. Mem en heit binne dyselde nachts noch forfard. Sy woenen dêr net bliuwe. Mem hat der letter nei frege hwat...
nl.verhalenbank.16841
Us heit en dy ha in jonkje hawn, dat hat se deatsjoend. 't Wie in lytse Willem. Hy hie krânsen yn 'e kessens. Dat wie it wurk fan Jitse Wyts. Heit wie yn dy tiid to werken by de sédyk.
nl.verhalenbank.25471
Der wie in bakker, die hie faek in oare feint. Dy feinten kommen altyd op in nuvere menier oan 'e ein. Dêr wie net altyd in forklearring foar. Soms wie der ien yn 'e oven forbrând, soms wie der ien mei de holle yn 'e gleon-hite oalje, it wie altyd raer en fremd. Op it lêst doarst de bakker hast net mear in feint to nimmen. Doe kom der in foarse, sterke...
nl.verhalenbank.16848
To Drachten wie in ploechje folk yn it haeilân. Hja hienen de brij yn in koperen goatling, mar dy wie fan binnen net goed fortinne. De mieren woardden siik en twa der fan stoaren. De wyk, dêr't dat by gebeurde, neamt men sûnt dy tiid de Jammerwyk.
nl.verhalenbank.16839
Aelsen Booi fan Houtigehage wie in broer fan myn skoanheit. 't Wie yn 'e nacht en hy gong de wei lâns. Doe waerd er ynienen samar oan kant set. Hy koe net fierder komme. Dêr hat doe in lykstaesje west.
nl.verhalenbank.24673
Ik hie in suster, dy wie der sa min oan ta dat hja koe 't net forneare dat se de bêdsdoarkes iepen dienen. Dan bigoun se to skriemen. Der wenne tichteby in âld-minske. Dat wie in tsjoenster. Dy hie 't bern yn 'e macht. Doe krigen wy in ried fan ien: "Liz mar ris in deade kikkert del op 'e skoarstienmantel. Dan kin de tsjoenster gjin fet mear op har...
nl.verhalenbank.36909
Men mat nachts der om tinke altyd op 't fuotpaed to bliuwen. Rin noait op 'e wei. Hwant der binne in bulte lykstaesjes. Jo wurde oan kant treaun of oer de lykwein hinne smiten.
nl.verhalenbank.25478
Myn omke Piter wie skearsliper. Hy is formoarde op it Wyldpaed ûnder Twizelerheide. Us heit hat deselde nachts dat dat gebeurde de hiele moard sjoen, wylst er op bêd lei. Hy tochte: dy persoan ken ik. Mar hy krige noait syn gesicht to sjen. Hy gong der ôf en wie hiel bot fan 'e wize. It tongere en wjerljochte, wylst it gebeurde. Om 4 ûre hinne bikom it...
nl.verhalenbank.16840
De jouns foar har dea woarde der hwat by ús oer de flier smiten. Doe seinen wy: "Hark ris." Wy tochten dat de kat it die op 'e souder. Mar letter, doe''t hja dea wie, kommen de dragers hjir en dy smieten twa bankjes oer de flier, dêr't de kiste op stean moest. Dat wie krekt itselde lûd.
nl.verhalenbank.25464
Der wie in man, dy wie troud. Syn frou rekke oan 't sukkeljen. Doe sei se us op in kear: "As ik hjir wei reitsje, dan hoopje 'k datst net wer trouste. Dat mast my bilove." Hy sei: "Ast it graech wolste, dan biloof ik dy dat." Hja rekke der ôf en de man seach net nei froulju om. Mar dat foroare letter. Doe kom er yn 'e bisoeking. En hy troude wer. De jouns...
nl.verhalenbank.23513
Beppe sei altyd: Hwat gebeure mat, sil gebeure. Dat kinne minsken net keare. Hja wenne tichte by minsken, dy hienen in lyts bern. Der wie in feart by it hiem en der wie sein woarn yn it wetter fan dy feart soe nochris ien dea reitsje. Dêrom hienen dy lju it bern altyd oan 't tou, dan koe it net by 't wetter komme. Op in kear doe hie der in houn - in rûge...
nl.verhalenbank.36915
Hat men pine yn 'e mûle oan in tosk of kies en men wol dy tosk der út ha, dan dienen se froeger in deaskrúf of in spiker fan in deakiste tsjin 'e tosk oan. Dan gong dy fansels fuort. Men moest oppasse en reitsje it fleis der net mei oan. Oars rotte dat wei.
nl.verhalenbank.24690
Myn heit siet op in snein foar 't glês. Hy seach nei bûten. "Fanke," sei er tsjin mem, "hwat in eksters, en hwat skatterje dy!" Mem waerd deabinaud doe't er dat sei. Trije wiken letter rekke myn heit dea.
nl.verhalenbank.24669
Tiense Boomsma sawol as syn mem dy seagen altyd lykstaesjes fan tofoaren. Dan moesten se der ôf. Sy gongen dan yn 'e nacht foar 't glês stean. Dan telden se de minsken dy't der achteroan roannen en sy seagen nei 't hûs dêr't se weikamen. Doe't it âld minske al bot siik wie en op bêd bliuwe moest, gong se der nòch ôf en dan bleau se hiele skoften foar 't...
nl.verhalenbank.24670
Myn beppe, âlde Bouke Dootjes syn frou, dy lei op bêd, mar sy koe net weireitsje. It roan om 't lêste. Twa dagen lei se nei de siken to gapjen. "Is der ek hwat," sei buorfrou Jitske, "dat se op snein makke hat?" "Miskien wol", seinen se. Doe ha se yn al har guod in knip dien. Doe't dat gebeurd wie stoar beppe opslach.
nl.verhalenbank.24689