26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: dood Place of Narration: Drachten
Piter de Graaf wenne yn de Pein. Hy is mei de helm geboaren. Hy koe op 'e dei om't ôf sizze as der ien dea gean soe. It kloppe altyd.
nl.verhalenbank.16847
In deade tsjinkomme Us pake Piter Claus sei ris fan âlde Siger—dy wie doe al dea—: 'Ik woe him noch wol ris rinnen sjen'. En op datselde stuit seach er him ek. Siger kreupele.
nl.verhalenbank.12156
In deade tsjinkomme Ik ha koartlyn in ferhaal heard fan ien, dy hie in âld minske efter yn in auto sitten sjoen, en dat minske wie al jierren en jierren dea. En it wie ek gjin frommis dat der wol wat op like, nee, it wie dúdlik en dúdlik te sjen, dat sy it sels wie.
nl.verhalenbank.12157
Trapet men op in pod of makket men in pod dea, dan bigjint it to tongerjen, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.27524
As in houn spûkgûlde seinen se, gong der binnen fjouwer dagen ien dea yn net to fiere omtrek.
nl.verhalenbank.36651
Guon strutsen in keal oer de rêch, dan gong it samar dea. Heit sei altyd: noait in keal oer de rêch strike.
nl.verhalenbank.36928
As de hounen bigounen to spûkgûlen, dan soe 't net lang mear duorje as der kom in deaden yn 'e buert.
nl.verhalenbank.38661
Spûkgûlde der in houn, dan bitsjutte dat dat der mei gauwens wer ien stjerre soe. Ek as de ûle rôp.
nl.verhalenbank.36705
Myn broer en syn kammeraet sieten beide op 'e kop yn 'e swolms. Doe krigen se de rie, sy moesten in bonkje fan 't tsjerkhôf helje, dat ôfskraebje en dat yn 'e molke dwaen. Dan gongen de swolms fuort. Sy ha 't dien en wier, sy rekken se kwyt.
nl.verhalenbank.24691
As jy altyd yn 'e spegel seagen, dan soe de duvel jo de nekke omdraeije.
nl.verhalenbank.26933
As sigeuners dea geane, smite se allegearre jild op 'e kiste.
nl.verhalenbank.27431
Yn Twizelerheide wennen twa minsken, dy har famke wie siik. Doe sei op in kear de heit tsjin 't wiif: "Wy hâlde ús famke net, sjoch, dêr giet de bigraffenis." Doe wie dêr op 't paedtsje in jerke mei 7 einen. In wike letter wie de bigraffenis fan 't famke. De lykwein gong foarop en sawn minsken der achteroan.
nl.verhalenbank.16851
Frijmitselers ha noait forlet fan jild. Se dogge hwat se wolle salang se yn leven binne. Mar der moat elk jier ien fan harren dea. Se stjerre yn de regel in nuvere dea. Op 'e kop yn 'e sleat of sa. Der giet eins noait ien normael dea.
nl.verhalenbank.33226
Yn 'e Pein wie in man, dy moest stjerre en hy koe net stjerre. Doe gongen se der allegear út, op ien fan 'e famyljeleden nei. Dy sei: "Hat er ek klean oan dy't op snein makke binne?" Dat wie 't gefal. Doe ha se him der hwat oars foar oan dien en doe wied er samar wei.
nl.verhalenbank.27509
't Wie yn 'e mobilisaesje fan 1918, yn 'e tiid fan 'e Spaenske gryp. Ik wie elke dei mei ús heit to bûkelsykjen. Wy gongen der mei de hounekarre hinne. Moarns ier en bitiid by 't tsjuster gongen wy al fuort, as it bigong to skimerjen. Heit en ik togearre. 't Wie yn Beets by 't âldtsjerkhôf, dêr't wy sochten. Op in dei wienen it dêr allegear eksters. Dy...
nl.verhalenbank.16846
Myn mem har suster yn Stiensgea - Klaske-muoi - wie tige siik. Hja hie longûntsteking. Mem wie neat net bygelovich. Der komt in ekster oanfleanen by ús mem. Dy komt tsjin 't sydgleske oan. Doe blykte dat har suster overleden wie. De ekster wie de boade fan 'e dea.
nl.verhalenbank.27494
As jo ien hwat bilove, foardat er stjert, moatte jo dy bilofte neikomme, oars krijt de deade gjin rêst.
nl.verhalenbank.33340
Marten Skeet wenne yn Aldegea, yn 't lêste hûs. Syn frou hiet Doekel, dy koe mear as in oar, seinen se. Dy seach allerhande dingen dy't in oar net seach. Hja wie mei de helm geboaren en moest dan de lykstaesjes fan tofoaren sjen. Op in kear wie der in keardel yn Aldegea tige siik. Dat wie Jan Sjirks. Hy hie longontsteking en it like o sa slim. Der stie op...
nl.verhalenbank.33626
Us mem seach ris in kear in bigraffenis fan tofoaren. Njonken ús wenne in âld man, Klaas Mulder. Mem seach de lykstaesje op in âld reed. Dêr kaem oars noait hwat lâns. Sa'n fjirtsjin dagen letter stoar ús âld buorman en waerd er lâns dy âld reed nei 't tsjerkhôf ta brocht.
nl.verhalenbank.36951
Myn wiif har beppe Tryntsje lei op it stjerbêd. Hja hie hwat oan dat hie skoanmem op snein yn elkoar set en doe koe 't âld-minske net ta stjerren komme. Doe ha se har dat útlutsen en doe wie 't goed. Hja die de egen ticht en wie dea.
nl.verhalenbank.33380