Yn 'e Smellinger Pein stie master mei in ploechje arbeiders to praten. Wylst lette de klok.
Master sei: "Hearre jim wol hwat de klok seit?"
"Ja, bim-bam."
"Né, hy seit:
"Hjoed oer in jier
komt master Pier."
Krekt in jier letter is er stoarn. Heit hat it my forteld.
nl.verhalenbank.17324
It bloed fan 'e moart oan 'e Mûzegroppewei koe net útwiske wurde.
Oan 'e Nyegeaster Hegewei binne twa âlde minsken formoarde woarn. It bloed ha se der noait wei krije kind.
nl.verhalenbank.17322
By de Folgersterloane is in stik groun, dat wie froeger allegear heide en bosk. Dêr sieten doe in soad slangen. Skeane Jan wenne dêr by. Dy sloech us in kear in slange dea. Mar hie seach net dat it de slangekoaning wie. Hy is as de reek yn 'e hûs flein, sa'n bulte slangen kamen der op him ta.
nl.verhalenbank.17357
Boardzer Bruining, hjir fan'e Loane, kin faek fan tofoaren sizze dat der in sterfgefal komt.
nl.verhalenbank.28128
Myn wiif stie us op in joun foar 't glês to sjen. Doe seach se ynienen in lykstaesje oankommen. De lykwein foarop, mei in man mei in hege hoed der op, allegear minsken yn 't swart der achteroan. Hja hie de jirpels oer en tochte: ik gean even nei achteren om sâlt yn 'e jirpels to dwaen; as ik dan werom kom, binne se hjir sahwat oan ta, dan sjoch ik it...
nl.verhalenbank.17336
Us mem kaem to forstjerren. Wy hienen hjir njonken in keammerke, dêr't de kiste kaem to stean.
Heit hearde fan tofoaren dúdlik hoe't der mei de hammer slein waerd yn it keammerke. Letter doe't de kiste der út moast moest der in sketsje út slein wurde. It wienen deselde slaggen, dy't er earder heard hie, sei er.
nl.verhalenbank.17334
As se ien stekke mei 't mes en 't bloed giet net út dyselde syn klean wei, dan giet er dea. Fokke Pander hat us ien stutsen. De frou wosk syn klean. Mar it bloed woe der net út. Doe sei se: "Hy giet dea." Hy is ek dea gong.
nl.verhalenbank.17321
Frou Pander seach altyd fan tofoaren as der guon dea gean soenen.
nl.verhalenbank.17030
Op in joun kaem ik mei ús heit by ús beppe wei. Doe sei heit: "Toe jonge, gean dêr út dy spoaren wei. ('t Wienen doe noch sânpaden) Wy bliuwe even stean." Hy sei net: "Ik sjoch in lykstaesje," mar dy hat er dêrom wol sjoen.
nl.verhalenbank.17340
Op 'e Mûzegroppe by de Batema's koenen se 't bloed net wer út 'e planken krije nei de moard. Dy sitte dêr altyd noch.
nl.verhalenbank.36194
Knip gjin neils op snein. Nei de dea mat men se opsykje.
nl.verhalenbank.36193
Op 'e Goudberch - tusken de Noarderdwarsfeart en Drachtster Kompenije - spoeke in berntsje. Dat wie dêr froeger formoard woarn, seinen se. Nachts tusken tolve en ien ûre kom it op 'e lappen. Dan bigong it to razen.
nl.verhalenbank.27263
Anne Bekkema dy moast der nachts altyd ôf as der in lykstaesje lâns kom. Hy sei: "Ik ha der in hekel oan, mar ik kin der neat oan dwaen. Ik mòat it sjen."
nl.verhalenbank.17339
Piter Scheper nom de minsken de koarts ôf. Dat wie gjin smoesje. Hy brocht de koarts op in beam oer. Dy beam gong dan letter dea.
nl.verhalenbank.27581
Ien dy't in himd oan hat, dat op snein naeid is, dy kin net stjerre, as er op stjerren leit. Dêr mat earst in knip yn.
nl.verhalenbank.17733
Wy ha in bernsberntsje forlern. Op it plak dêr't syn bernewein gewoanlik stie, hat in houn fan to foaren stien to spûkgûlen. 't Wie ien fan in soan fan my.
nl.verhalenbank.17726
Yn Hurdegaryp stie in slot, dêr stie in hekke by. As dy hekke jouns op slot dien woarde, wie er de oare moarns altyd wer iepen. Se koenen dy hekke net op slot hâlde.
Froeger mat dêr in kasteel stien ha en dêr is doe ien formoarde woarn. Dyselde hie dêr paed. Dêrtroch gongen dy hekken iepen.
nl.verhalenbank.28529
It gebeurde ek wol dat Durkje har man jouns bûtendoar foar hûs siet. Doe wied er al dea. Durkje seach him sitten. Dan wie se bang. Dêrom moesten der nachts guon by har wêze.
nl.verhalenbank.38699
Pake fortelde us: Op it Peinder tsjerkhôf wie us in pod oan 't fechtsjen mei in spin. Elke kear as de spin him biet, krige de pod in stikje beibersblêd (= breedbe, weegbree). Skeat de spin opnij nei ûnderen, dan wer in stikje blêd der op en fuort dêrmei spinreach der boven op, dan blean it sitten.
Doe rearden de minsken de pod mei in stok der ûnder wei....
nl.verhalenbank.21730
As de spegel falt en dêr komme diggels, dan komt der in sterfgefal yn 'e hûs of der gebeurt oars hwat slims.
nl.verhalenbank.17725