26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: dood Narrator Gender: male
In deade tsjinkomme Der stie yn Eastermar in hûs oan 'e Joereloane, dêr wenne Klaas Boskje. It is no allegear greide, mar dêr efterhûs wie doe bosk. Klaas Boskje hat in ein oan syn libben makke. Mar letter is dy man noch wol gauris sjoen, foarhûs, dat er tsjin 'e hekke oan stie. Hiel wat minsken wienen der wat skruten fan om it hûs fan Klaas Boskje foarby...
nl.verhalenbank.12158
As der in houn spûkgûlde yn Feanwâldsterwâl leaude men fêst dat der mei gauwens ien yn 'e buert stjerre soe.
nl.verhalenbank.37220
Yn 'e Smellinger Pein stie master mei in ploechje arbeiders to praten. Wylst lette de klok. Master sei: "Hearre jim wol hwat de klok seit?" "Ja, bim-bam." "Né, hy seit: "Hjoed oer in jier komt master Pier." Krekt in jier letter is er stoarn. Heit hat it my forteld.
nl.verhalenbank.17324
As der ien stoarn is, en dy ha jo hwat biloofd, dan mat men dy bilofte neikomme, oars komt dyselde letter to spûkjen.
nl.verhalenbank.17121
It bloed fan 'e moart oan 'e Mûzegroppewei koe net útwiske wurde. Oan 'e Nyegeaster Hegewei binne twa âlde minsken formoarde woarn. It bloed ha se der noait wei krije kind.
nl.verhalenbank.17322
Durk hat by de Boskreed wenne yn 'e Harkema yn in forlofsaek. De broer fan myn heit, Aen Klokje (= Aen Alma) hat foar eigen egen sjoen dat der op in nacht út dat hûs in bigraffenis weikom. Hy hat it my sels forteld. 't Wie fan in jonge, dy wie dêr stoarn. 't Kom krekt sa nei. Durk syn jonge stoar al gau dêrnei en doe hâldden se de bigraffenis dy't myn...
nl.verhalenbank.26856
Op in nacht roan ik mei ien de Swadde del. Dyselde wie mei de helm geboaren. Gean even oan kant, sei er ynienen. En doe luts er my oan. Hy seach in lykstaesje foarbygean, mar ik seach neat.
nl.verhalenbank.17018
Wiger Koaning wenne yn Twizelerheide. Net ien dy't him by 't fé taliet, hwant hy makke se samar dea. It fé fan Hindrik Schaper hat er allegear deatsjoend. De man is der earm troch woarn.
nl.verhalenbank.36764
To Sweagerbosk wenne in man dy moest der nachts hiel faek út. Op in kear moest hy der ek wer út. Doe wie de twadde man fan Thomas Klare forstoarn, dy hiet fan Fedde. Fedde en Klare wennen doe yn Sweagerbosk. Tusken eigen hûs en sterfhûs seach de man de lykstaesje fan Fedde. Guon binne him achternei gong. Doe seagen se dat alle hekken foar him iepengongen....
nl.verhalenbank.16499
By de Folgersterloane is in stik groun, dat wie froeger allegear heide en bosk. Dêr sieten doe in soad slangen. Skeane Jan wenne dêr by. Dy sloech us in kear in slange dea. Mar hie seach net dat it de slangekoaning wie. Hy is as de reek yn 'e hûs flein, sa'n bulte slangen kamen der op him ta.
nl.verhalenbank.17357
Der roan in man yn 'e nacht op Feansterheide. Ynienen sjocht er ien oankommen. "Joun", sei de earste, mar de oare sei neat werom. De earste sei noch us fan "joun", mar wer krige er gjin antwurd. Doe seach er in lykstaesje oankommen. Dy man hie dêr de foarboade fan west.
nl.verhalenbank.16508
In deade tsjinkomme Us pake Piter Claus sei ris fan âlde Siger—dy wie doe al dea—: 'Ik woe him noch wol ris rinnen sjen'. En op datselde stuit seach er him ek. Siger kreupele.
nl.verhalenbank.12156
Fan 'e frijmetselders mat der alle jierren ien dea.
nl.verhalenbank.35933
In deade tsjinkomme Ik ha koartlyn in ferhaal heard fan ien, dy hie in âld minske efter yn in auto sitten sjoen, en dat minske wie al jierren en jierren dea. En it wie ek gjin frommis dat der wol wat op like, nee, it wie dúdlik en dúdlik te sjen, dat sy it sels wie.
nl.verhalenbank.12157
In hoepelslang is tige gefaerlik. Mem hat wol forteld, dat, as men in hoepelslange sjocht mat men hurd útnaeije. Hwant dy giet jin as in hoep om 'e fuotten hinne en giet dan al heger en heger en knypt jin dea.
nl.verhalenbank.17371
Neakene berntsjes Alde Saap fertelde, se seinen altyd, dat op 'e Iestpleats rûnen simmerdei faak Iytse bern, pasgeboaren bern, op 'e telle om 'e stile. Se sieten elkoarren nei. De Iestpleats stiet hjirefter (de ferteller wennet oan 'e Hearrewei ûnder Sumar). Der waard altyd sein, dy berntsjes wienen oerwûn troch in faam en dy hie se fermoarde. Se wienen...
nl.verhalenbank.12184
Om 'e sawn jier mat in frijmitselder ien deameitsje, oars mat er sels stjerre. Dy't ienkear by de frijmitselders is, kin der noait wer by wei.
nl.verhalenbank.17014
As in houn spûkgûlt komt der in deaden.
nl.verhalenbank.37407
Heit hie in neef, dat wie Tseard de Wal. Dy wie mei de helm geboaren. Hy wist alles foarút en seach al fan tofoaren as der ien stjerre soe. Wie der ien tige min, dan koed er soms sizze: "Ik haw him al sjoen as lyk." Dan koe men der fan op oan dat dyselde it net helje soe.
nl.verhalenbank.17074
Daarvoor gingen ze naar Tongeren. Als die verenkranse uitgevlochten was, dan was de zieke dood.
nl.verhalenbank.126790