Tsjoensters koenen har foroarje yn in kat. Janne Luts fan Drachtster Kompenije gong der yn 'e nacht op út en as se dan de oare moarns werom kom, wie har de hiele kop toklaud.
nl.verhalenbank.29407
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
Yn Houtigehage lei in bern yn 't berneweintsje. Dêr kom altyd in swarte kat by dat bern. 't Wie in fremde kat.
Doe seinen dy lju: "Soe dat wol goed spul wêze, dat dy kat dêr altyd is?"
Sy hienen 't net sein of de kat gong fuort. Hy naeide út en sy ha him noait wer sjoen.
Dat gebeurde by ús heit en mem yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.25608
Wy hienen froeger altyd stûperse hoannen - dat binne hoannen sûnder sturt, mei prachtige kleuren - by ús hinnen.
Stûperse hoannen keare de tsjoensters, wie 't sizzen altyd.
Dêrom hienen wy se ek.
nl.verhalenbank.25860
By it hulzeboskje yn 'e Boelensloane spoeke ek altyd in houn.
nl.verhalenbank.25876
't Gebeurde wol faek dat sa'n kat in opdonder krige. Dan hie de tsjoenster de oare deis in doek om 'e holle of sa.
nl.verhalenbank.25609
Der wie in boer, dy hie in papegaei. Doe kommen de Dútsers dêr. De papegaei sei: "Hitler gaat dood. De Führer gaat kaput."
Doe seinen de Dútse soldaten: "As wy hjir moarnjoun wer komme en de papegaei seit it wer, dan pakke wy jo op."
Doe gong de boer gau nei de doomny ta. Dy hie èk in papegaei, dy wie kristlik. Hy sei tsjin 'e doomny sa en sa, "Kinne wy...
nl.verhalenbank.23975
Der wenne in féarts yn Beets, dy woarde by in boer helle.
Dy boer hie in sike koe. Doe krige dy féarts syn bûslantearne en ljochte dy koe ta de hals yn. Doe sei er tsjin 'e boer: "Nou matte jo fan achteren sjen."
Dat die de boer.
"Sjogge jo ek hwat?" frege de féarts.
"Né, neat", sei de boer.
"Nou dan is de koe forstoppe."
nl.verhalenbank.28410
Froeger doarsten se hjir fremde minsken net by 't fé to litten. Guon doge net. Sy strike even mei de hân oer 't fé hinne en mis is 't. Dan biginne se to kwinen.
nl.verhalenbank.25886
As tsjoensters in bern bitsjoene wolle en dat kinne se net rêdde, en dy lju ha in dier, dan giet dat dier der oan.
nl.verhalenbank.23788
Twa man fan 'e Houtigehage gongen in kear mei in wein mei bijen nei Drinte ta nei de heide. Dêr roan in hynder foar. Underweis by de Mouneleane achter Duerswâld dêr kom in grouwe swarte houn oansetten. Dat wie in pleachbeest. Dy roan by har lâns. Sy skopten him yn 'e sleat, mar in eintsje fierder, dêr wied er al wer njonken har.
Doe ha se him wer yn 'e...
nl.verhalenbank.23730
Op 'e Boelensloane rint in pleachbeest skean oer it lân hinne, it sjocht der út as in dikke swarte houn mei hiele greate egen en earen.
In keppel fammen fan Boelensloane roan us yn 'e rige it paedtsje del dat likernôch by it Blauhûs bigjint en sa de kant út giet nei 't Fean ta. Doe seagen se de wjerwolf. Hy roan flak by har lâns.
nl.verhalenbank.25178
Ritske dy wenne hjir yn 'e Houtigehage. Hy hie in fanke, dy tsjirme altyd, dat wie gjin goed spul.
Jehannes Wyts wenne hjir foar by de wei. Dat wie in tsjoenster, dy fortrouden se net.
Op in kear soe Ritske to streupen nei Oerterp. Doe kom der in dikke wite kat by harren. Ritske soe op 'e kat sjitte, mar hy koe der gjin skoat op krije. Hy gong de kat...
nl.verhalenbank.23781
Foekje wie in tsjoenster. Hja wenne yn Surhústerfean.
Durk Pultrum kocht ris in keal fan har. Hy soe der mei fuort, doe sei se: "Ho, hy mat earst noch hwat drinken ha."
Earst groeide it keal goed, mar al gau liet er it iten stean, en it keal stoar.
Doe hat de slachter it keal slachte en doe siet der in dikke pylsnoek yn.
nl.verhalenbank.23979
In jier of hwat lyn is in sekere Piter Claus - in soan fan Jehannes Claus by it baeijen yn it Fliet fordronken. It Fliet dat is in poeltsje yn 'e Harkema, net sa fier fan 'e Betonwei ôf.
Hindrik Jager - de soan fan Sytse Jager - fortelde my letter: dy man is net gewoan forsûpt. Der sit in monster yn it Fliet. Dat monster hat him forsûpt. Dat mûnster hat...
nl.verhalenbank.23825
Op 'e hoeke fan 'e Houtigehage wennen froeger Sjoerd Frânses jonges, Jan en Auke. Dy wennen dêr mei har heit en mem. Auke en Jan gongen der in bulte togearre op út to mollefangen en to murdejeijen.
Op in nacht wienen se togearre op 'e Skieding by de Jankedobbe to murdejeijen. De hounen founen in murd, mar sy woenen net nei dy murd ta.
Doe sprong der Auke...
nl.verhalenbank.37693
Alleen dieren kunnen de duivel zien, zij staan dichter bij God.
nl.verhalenbank.45750
Das een slechte vos, als ze dan die maar één hol heb.
nl.verhalenbank.69981
Yn Aldwâld spûke in fôlle.
nl.verhalenbank.26316
In wjerwolf is in dier yn minskegedaente. Fan ien dy't alles ha wol en neat misse kin, seit men ek wol dat it in wjerwolf is.
nl.verhalenbank.30416
Tsjoensters foroaren har yn katten.
nl.verhalenbank.25727